Kimia Kamvari (Keulen, 1986) is in Dútsk-Iraanske keunstskilderesse.

Kamvari waard berne yn Keulen, mar ferfear letter nei Iran. Sy is ôfstudearre yn de skilderkeunst oan de Azad University of Art and Architecture yn Teheran en hat in master Artistic Research and Creation fan de EHU.

Sûnt 2015 wennet en wurket se yn Astigarreta, in lytse stêd yn it binnenlân fan de provinsje Gipuzkoa yn it Baskelân yn Spanje. Har wurk giet oer fan figuratyf skilderjen nei in hieltyd konseptuelere benadering dy 't nije formaten en materialen ferkent. Soks docht bliken út har resinte tentoanstellingen: Apeiron (Dastan Gallery, 2018), Nature Change (Cristina Enea Foundation, 2019), Event Horizon (Dastan Gallery, 2019) en Alef (San Telmo Museum, San Sebastian, 2022). www.mutualart.com

Keppeling om utens Priuwke fan har wurk

Kategory:Iraansk keunstskilder Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Dútsk persoan fan Iraansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986