Volkert Adrianus Heringa van Haersma de With (Mitselwier, 18 febrewaris 1831 - Bûtenpost, Haersmastate, 29 maart 1909) wie in Nederlânske boargemaster.

Libben en wurk De With wie in telch út it geslacht De With en in soan fan de militêr en bestjoerder Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857) en Adriana Heringa (1764-1828 ). Hy wie in broer fan bestjoerder jhr. mr. Jan Minnema van Haersma de With (1821-1889).

Fan 1857 ôf wie De With boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Fan 1864 oant 1869 wie er ek kantonrjochter-plakferfanger yn Burgum.

Jhr. V.A.H. van Haersma de With ferstoar, as frijfeint, yn 1909 op Haersmastate yn de âldens fan 78 jier.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Achtkarspelen Kategory:Nederlânske adel Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Mitselwier Kategory:Persoan stoarn yn Bûtenpost Kategory:Persoan berne yn 1831 Kategory:Persoan stoarn yn 1909