thumb|260px|Domtsjerke fan Viborg It Bisdom Viborg (Deensk: Viborg Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
Skiednis It bisdom Viborg waard om 1065 hinne troch opdieling fan it bisdom Ribe stifte. De earste stiennen domtsjerke waard tusken 1125 en 1200 boud. Yn 'e midsiuwen wie de grêfkapel fan de yn 1188 hillich ferklearre domproast Kjeld in wichtich beafeartsplak.
Yn 'e tiid fan 'e reformaasje wie Viborg ien fan de sintra fan wêrút it lutheranisme him oer it lân fersprate. Al yn 1525 koe de tsjerkeherfoarmer Hans Tausen dêr protestantsk preekje en net lang dêrnei troch in printerij syn preken ûnder de minsken bringe. Kening Kristiaan III liet yn 1536 de lêste roomsk-katolike biskop Jørgen Friis yn 'e finzenis smite. Sûnt is Viborg in luthersk bisdom.
Domtsjerke
De domtsjerke fan it bisdom is de Us-Leaffrouwetsjerke (Vor Frue Maria Domkirke) yn Viborg.
Oantal leden Yn 2016 hearde 86% fan 'e befolking yn it bisdom by de Deenske Folkstsjerke.Statistyk Deenske Folkstsjerke
Organisaasje It bisdom bestiet út alve proasdijen (provstier), dêr't 290 parochy's (sogne) ûnder falle. Viborg Domprovsti Viborg Østre Provsti Herning Nordre Provsti Herning Søndre Provsti Holstebro Provsti Ikast-Brande Provsti Lemvig Provsti Salling Provsti Skive Provsti Struer Provsti Vesthimmerlands Provsti
Biskoppen Roomske biskoppen ca. 1065–1095: Heribert 1106–1112: Svend I 1112–1133: Eskil 1133–1153: Svend II 1153–1191: Niels I 1222–1251: Gunner (1152–1251) 1367–1396: Jacob Moltke ?–1427: Lave Glob 1438–1450: Thorleif Olafssøn 1451–1478: Knud Mikkelsen 1478–1498: Niels Glob 1521–1536: Jørgen Friis (ca. 1494–1547)Lutherske biskoppen 1537–1549: Jacob Schøning (1490–1549) 1549–1571: Kjeld Juel 1571–1595: Peder Thøgersen (1532–1595) 1617–1641: Hans Iversen Wandal (1579–1641) 1661–1673: Peder Villadsen (1610–1673) 1673–1693: Søren Glud (1621–1693) 1693–1700: Henrik Gerner (1629–1700) 1700–1713: Bartholomæus Deichman (1671–1731) 1713–1720: Caspar Wildhagen (1664–1720) 1720–1725: Søren Lintrup (1669–1731) 1725–1735: Johannes Trellund (1669–1735) 1735–1770: Andreas Wøldike (1687–1770) 1770–1780: Christian Michael Rottbøll (1729–1780) 1781–1805: Peder Tetens (1728–1805) 1805–1830: Jens Bloch (1761–1830) 1830–1854: Nicolaj Esmark Øllgaard (1775–1863) 1854–1878: Otto Laub (1805–1882) 1878–1901: Jørgen Swane (1821–1903) 1901–1921: Alfred Sveistrup Poulsen (1854–1921) 1921–1936: Johannes Gøtzsche (1866–1938) 1936–1951: Axel Malmstrøm (1888–1951) 1951–1968: Christian Baun (1898–1972) 1968–1985: Johannes W. Jacobsen (1915–2003) 1985–1996: Georg S. Geil (1930–1996) 1996–2014: Karsten Nissen (* 1946) 2014–no: Henrik Stubkjær (* 1961) Keppeling om utens Hiemside Viborg Stift
kategory:Organisaasje oprjochte yn 1537