thumb|260px|Domtsjerke fan it bisdom Roskilde It Bisdom Roskilde (Deensk: Roskilde Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip. It bisdom leit foar in grut part yn 'e regio Seelân.
Skiednis Yn 2022 wie it 100 jier lyn dat it bisdom Roskilde ûntstie troch in opdieling fan it âlde bisdom Seelân yn it bisdom Kopenhagen en it bisdom Roskilde. De biskop fan it bisdom Seelân wenne yn Kopenhagen, wylst de domtsjerke fan it bisdom yn Roskilde stie.
Domtsjerke
De domtsjerke fan it bisdom is de domtsjerke fan Roskilde.
Organisaasje It bisdom is ûnderferdield yn tolve proasdijen (provstier):
Holbæk Provsti Kalundborg Provsti Køge Provsti Lejre Provsti Næstved Provsti Ods og Skippinge Provsti Ringsted-Sorø Provsti Roskilde Domprovsti Skælskør Provsti Slagelse Provsti Stege-Vordingborg Provsti Tryggevælde Provsti
De proasdijen binne fieder ûnderferdield yn saneamde sogne (parochy's).
Keppeling om utens Side bisdom Roskilde
Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1922