thumb|260px|Domtsjerke fan it bisdom Fún It Bisdom Fún (Deensk: Fyens Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.

Skiednis It bisdom Othinia (ske namme fan Odense) waard yn 988 fanút it bisdom Sleeswyk stifte, dat sels in suffragaan bisdom fan it aartsstift Hamburch-Bremen wie. De earste histoarysk bekend biskop wie de Ingelsman Reginbert (ek Reginar), dy't om 1020 hinne troch aartsbiskop Æthelnoth fan Canterbury wijd wie.

Al yn 'e midsiuwen wie de domtsjerke fan bysûnder belang as grêftsjerke fan kening Knût de hillige, dy't yn 1086 yn de foargonger fan de tsjerke fermoarde waard.

Nei de reformaasje waard ynstee fan it katolike bisdom it lutherske bisdom Fún stifte.

Domtsjerke

De domtsjerke is de Sint-Knûdtsjerke (Sankt Knuds Kirke) yn Odense.

Leden Op 1 jannewaris 2023 wiene fan 'e 505.026 ynwenners yn it bisdom 390.171 (goed 77%) lid fan 'e Deenske Folkstsjerke.

Organisaasje It bisdom bestiet út tolve proasdijen (provstier), dêr 't 234 parochy's (sogne) en 251 tsjerken (sifers fan 2023) ûnder falle.Hiemside fan it bisdom, oproppen 14 oktober 2023

De proasdijen binne: Ærø Provsti Assens Provsti Bogense Provsti Faaborg Provsti Hjallese Provsti Kerteminde Provsti Langelands Provsti Middelfart Provsti Nyborg Provsti Odense Sankt Knuds Provsti Midtfyn Provsti Svendborg Provsti

List biskoppen (sûnt de reformaasje)

1537-1559: Jørgen Sadolin 1587–1606: Jacob Madsen Vejle 1606–1616: Hans Knudsen Vejle 1651–1663: Laurids Jacobsen Hindsholm 1663–1676: Niels Hansen Bang 1677–1703: Thomas Kingo 1704–1712: Christian Rudolf Müller 1712–1717: Christian Muus 1717–1732: Fakant 1763–1785: Jacob Ramus 1786–1803: Tønne Bloch 1804–1810: Peder Hansen, 1811–1834: Fredrik Plum 1834–1848: Nicolai Faber 1848–1851: Fakant 1851–1889: Christian Thorning Engelsoft 1889–1900: Fakant 1900–1903: Hans Valdemar Sthyr 1903–1922: Laurits Nicolai Balslev 1922–1958: Fakant 1958 : Hans Øllgard 1958–1984: Knud Christian Holm 1984–1995: Vincent Lind 1995–2012: Kresten Drejergaard 2012–2023: Tine Lindhardt 2023- : Mads Davidsens

Keppeling om utens Hiemside fan it bisdom Fún

kategory:Organisaasje oprjochte yn 1536