thumb|260px|Domtsjerke fan it bisdom Kopenhagen It bisdom Kopenhagen (Deensk: Københavns Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
Skiednis Yn 2022 wie it 100 jier lyn dat it bisdom Kopenhagen ûntstie troch de opdieling fan it âlde bisdom Seelân yn it bisdom Kopenhagen en it bisdom Roskilde. De biskop fan it bisdom Seelân wenne yn Kopenhagen, wylst de domtsjerke fan it bisdom yn Roskilde stie.
Op 1 jannewaris rekke it bisdom Kopenhagen mei de stifting fan it bisdom Helsingør in diel fan it gebiet kwyt. It bisdom bestiet út de stêd Kopenhagen mei in pear oangrinzgjende gemeenten en it eilân Bornholm.
Domtsjerke
De domtsjerke fan it bisdom is de Us-Leaffrouwetsjerke yn Kopenhagen.
Leden Yn 2021 telde it bisdom 469.759 leden, itjinge 56% fan 'e befolking yn it bisdom útmakket.Side bisdom Kopenhagen
Organisaasje It bisdom is ûnderferdield yn 9 proasdijen (provstier).
Amagerbro Provsti Amagerland Provsti Bispebjerg-Brønshøj Provsti Bornholms Provsti Frederiksberg Provsti Holmens og Østerbro Provsti Nørrebro Provsti Valby-Vanløse Provsti Vor Frue-Vesterbro Provsti
List biskoppen 1922-1934 Harald Ostenfeld 1934-1960 Hans Fuglsang-Damgaard 1960-1975 Willy Westergaard Madsen 1975-1992 Ole Bertelsen 1992-2009 Erik Norman Svendsen 2009- Peter Skov-Jakobsen
Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1922