Apollo 13 (útsprutsen as Apollo Thirteen) is in Amerikaanske histoaryske dramafilm út 1995 ûnder rezjy fan Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks, Bill Paxton, Kevin Bacon en Gary Sinise. De film giet oer Apollo 13, in mislearre romtemisje fan 'e NASA nei de moanne yn 1970, en is basearre op Lost Moon, de memoire fan astronaut Jim Lovell, dy't de lieding oer dy misje hie. De plot folget de tariedings foar de misje, de gâns ûnthjittende start, folge troch in meganysk defekt dat alles op losse skroeven set, en úteinlik it koartseftich skreppen, sawol yn 'e romte as by de flechtlieding yn Houston, om 'e astronauten libben en wol werom op 'e Ierde te krijen. Apollo 13 waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûnthelle en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar njoggen Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama), en wûn twa Oscars, twa BAFTA's en 2 Screen Actors Guild Awards.
Plot Op 20 july 1969 hâldt de Amerikaanske astronaut Jim Lovell by him thús in feestje ta gelegenheid fan 'e moannelâning, wêrby't de gasten fia de tillefyzje folgje kinne hoe't Neil Armstrong fan 'e romtemisje Apollo 11 as earste minske in stap op 'e moanne set. Lovell, dy't mei de romtemisje Apollo 8 in skoft lang yn in baan om 'e moanne rûntsjedraaide, sil mei in jier mei de romtemisje Apollo 14 sels ek op 'e moanne lânje. Nei't de gasten ôfset binne en hy en syn frou Marilyn yn oansketten tastân op túnstuollen nei de moanne lizze te stoarjen, fertelt er har hoe't er dêr nei útsjocht.
In fearnsjier letter fersoarget Lovell yn Houston in rûnlieding foar VIP's troch it Vehicle Assembly Building fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, wannear't er ynienen troch syn baas Deke Slayton fuortroppen wurdt. It docht bliken dat in bemanningslid foar de Apollo 13-misje in earûntstekking opdien hat. Om 'e bemanningsleden, dy't opinoar ynspile binne, net útinoar te heljen, is dêrom besletten dat Lovell en syn bemanning Apollo 13 dwaan sille, en dat Alan Shepard-en-dy, de oarspronklike Apollo 13-bemanning, ynstee Apollo 14 taskood krije. Lovell en syn maten, Ken Mattingly en Fred Haise, begjinne fuortendaliks te trainen foar harren nije misje.
Inkele dagen foar de lansearring fan 'e Apollo 13-misje, yn april 1970, reitsje de bern fan ien fan 'e astronauten oanhelle mei reade hûn. Piloat Ken Mattingly is de iennichste astronaut dy't as bern dy sykte net hân hat en der dus gjin ymmuniteit foar opboud hat. Om't de astronauten suver oan ien wei troch deun opinoar sitte, moat derfan útgien wurde dat Mattingly ûnderwilens mei reade hûn besmet is en dat er no yn 'e ynkubaasjeperioade sit. Dat soe betsjutte dat er krekt ûnder de moannemisje slim siik rekket. De liedingjaanden fan 'e NASA beslute dat se sa'n risiko net nimme kinne. Dêrom wurdt Mattingly út it team helle en ferfongen troch reservepiloat Jack Swigert. As dat Lovell ferteld wurdt, kantet er him der bot tsjin oan. Dêrop wurdt er foar de kar steld: sûnder Mattingly de Apollo 13-misje dwaan, of oars wurdt it hiele team ferfongen en kin er letter mei Mattingly in oare misje krije. Lovell jout dan ta en akseptearret Swigert as trêde man.
Sa bot oft Lovell nei de Apollo 13-misje útsjocht, sa bot sjocht syn frou Marilyn der tsjin op. As de lansearring hieltyd tichterby komt, hat se op in nacht in nachtmerje wêryn't Lovell omkomt yn 'e romte. De oare deis fertelt se him dat se net nei it Kennedy Space Center yn Floarida komme sil om 'e lansearring by te wenjen, mei't se dat al fjouwer kear dien hat. Lovell is teloarsteld, mar akseptearret har beslissing. As it derop oankomt, betinkt Marilyn har lykwols en ferrast se har man troch dochs del te kommen om ôfskie te nimmen. De deis fan 'e lansearring glidet Marilyn har trouring fan har finger as se in dûs nimt en spielt troch it goatsgat foar't se him pakke kin. Se fettet dat op as in faai teken.
Op 'e krekte dei jout haad romteflecht Gene Kranz, dy't de lieding hat yn it Mission Control Center yn Houston, it griene ljocht foar de lansearring. Wylst de Saturn V-draachraket út 'e Ierdske atmosfear klimt, falt ien fan 'e fiif motors fan it twadde stadium foartidich út, mar it probleem wurdt opfongen troch de oare fjouwer justjes langer oan te hâlden, sadat de raket feilich in baan om 'e Ierde berikt. Nei't de motors fan it trêde stadium opstart wurde om út 'e baan te brekken en Apollo 13 nei de moanne te stjoeren, fiert Swigert súksesfol in meneuver út om 'e kommandomodule Odyssey om te kearen en oan 'e moannelâningsmodule Aquarius te keppeljen, sadat de beide ûnderdielen tegearre by de raket wei gean kinne, dy't syn doel folbrocht hat.
Op 'e trêde deis fan 'e misje, as Apollo 13 likernôch fjouwerfyfde part fan 'e ôfstân nei de moanne ôflein hat, aktivearret Swigert yn opdracht fan Mission Control de rierfentilator yn 'e tanks mei floeibere soerstof. In elektryske koartsluting makket dat ien fan 'e tanks eksplodearret, mei as gefolch dat it oangrinzgjende diel fan 'e sydkant fan 'e tsjinstmodule fuortslein wurdt. De dielen fan it romtefartúch dêr't de astronauten yn sitte, de Odyssey en de Aquarius, bliuwe aldergeloks wol yntakt, mar in twadde soerstoftank blykt lek en de soerstof dêrút brûst de romte yn as wie it in strielmotor, sadat it romtefartúch alle kanten út rôlet en tommelet. Lovell ropt it Mission Control Center yn Houston op mei de legindaryske wurden: "Houston, wy hawwe in probleem."
Yn Houston wurdt Kranz troch haad brânstof Sy Liebergot fan 'e needsaak oertsjûge om twa fan 'e trije brânstofsellen fan 'e Odyssey ôf te sluten, mei't dat de bêste kâns jout om it lek te tichtsjen. It wurket lykwols net en de twadde soerstoftank rint hielendal leech. Mei mar ien brânstofsel ta har foldwaan is in moannelâning foar Apollo 13 net mear mooglik. It nije doel fan 'e misje is om te sjen dat Lovell, Haise en Swigert libben en wol thúskomme. Lovell en Haise starte de Aquarius op om as in soarte fan rêdingssloep te tsjinjen, wylst Swigert de Odyssey ôfslút om safolle mooglik enerzjy yn 'e akku's te behâlden foar de weromkear nei de Ierde. Underwilens rekrutearret yn Houston manager brânstof John Aaron de efterbleaune astronaut Ken Mattingly (dy't dochs gjin reade hûn krigen hat) om in proseduere te ymprovisearjen om 'e Oddysey mei minimale enerzjy wer op te starten foar de lâning op 'e Ierde.
Kranz-en-dy komme ta de konklúzje dat der net genôch enerzjy is om Apollo 13 rjochtsomkeart meitsje te litten, dat se beslute dat de misje de hjoeddeistige koers oanhâlde moat. Troch in heale baan om 'e moanne te meitsjen kin de swiertekrêft fan dat himellichem brûkt wurde om it romtefartúch werom nei de Ierde te slingerjen sûnder dat der noch mear enerzjy ferbrûkt hoecht te wurden. Wylst de bemanningsleden it oerflak fan 'e moanne ûnder harren foarbyglydzjen sjogge, nimme se eefkes de tiid om te betreurjen dat se dêr no net lânje kinne. Dêrnei konsintrearje se har op 'e drege put om wer thús te kommen.
Om enerzjy te besparjen wurdt de Aquarius mei minimale krêft geande holden, wat betsjut dat de bemanning te lijen hat ûnder yntinse kjeld. Ta oermjitte fan ramp rekket Haise oanhelle mei in blaasûntstekking en kriget koarts. Under de barre omstannichheden helje de bemanningsleden ferbaal nei inoar út. Swigert fermoedet dat Mission Control harren bedonderet en dat al lang dúdlik is dat se net te rêden binne. Haise jout yn argewaasje Swigert de skuld fan alle swierrichheden, dy't ommers begûnen doe't hy de knop fan 'e rierfentilators yndrukte. Swigert reägearret poerrazen, krekt om't hy himsels ek al oan ien wei troch ôffrege hat oft er soms wat ferkeard dien hat. Lovell brûkt syn rang as gesachfierder om it near op alle ûnienichheid te lizzen.
In folgjend probleem kundiget him oan: om't de Aquarius inkeld brûkt wurde soe om del te gean nei de moanne en mar twa fan 'e trije astronauten nei de moanne gean soene, binne de koalstofdioksidefilters fan 'e Aquarius net berekkene op 'e útazemings fan trije persoanen. Fan gefolgen berikt de konsintraasje fan koalstofdiokside yn 'e lucht yn 'e Aquarius al rillegau in gefaarlik heech nivo. Om it simpel te sizzen: de astronauten binne harrensels oan it fergiftigjen troch har eigen sykheljen. Der binne genôch koalstofdioksidefilters foar de Odyssey oan board, mar dy binne fjouwerkant, wylst de Aquarius der rûne gatten foar hat. Mission Control jout in groep technisy opdracht om inkeld mei guod dat oan board fan it romtefartúch is in oplossing te betinken om in fjouwerkant ding yn in rûn gat te stopjen. De mannen komme op 'e lapen mei in Rube Goldberg-apparaat, ferneamd nei de lieder fan 'e groep, dat de astronauten neimeitsje moatte.
As Apollo 13 deunby de Ierde komt, driget it romtefartúch sa skean yn te fleanen, dat er as in sweltsjetippend stientsje fan 'e atmosfear ôf stuiterje soe om yn 'e romte te ferdwinen. Der moat dêrom in koerskorreksje trochfierd wurde, mar sûnder it kompjûtersysteem op te starten, want dat soe tefolle enerzjy fergje. It slagget Lovell en in ferswakte Haise mei muoite om 'e koerskorreksje hânmjittich te dwaan, wylst Swigert de sekonden ôftelt dat de motor oanbliuwe moat. Underwilens bodzje Mattingly en Aaron noch altyd om in manear te finen om 'e kompjûter fan 'e kommandomodule wer op te starten sûnder tefolle enerzjy te brûken. Dat liket net te slagjen, oant Mattingly in helder idee kriget en foarstelt om 'e restenerzjy út it systeem fan 'e Aquarius oer te 'pompen' nei it systeem fan 'e Odyssey.
De bemanning ferhuzet wer fan 'e Aquarius nei de Odyssey, wêrnei't Mattingly in trochwurge Swigert troch de ûnbekende proseduere hinne praat. As se de tsjinstmodule loskeppelje en efterlitte, en se dy sadwaande foar it earst goed sjen kinne, is de bemanning ferbjustere oer hoe grut oft de skea is. De bemanning liket, faaks troch wurgens, noch net betocht te hawwen wat dat foar harren betsjutte kin, mar by Mission Control wurde besoarge blikken útwiksele om't soks op 'e mooglikheid wiist dat it ablative hjitteskyld fan 'e kommandomodule kompromittearre is. As dat sa is, sil de module by it yngean fan 'e atmosfear fan 'e Ierde opbaarne mei de dea fan 'e astronauten ta gefolch.
De Odyssey stjit ek de Aquarius ôf en komt de atmosfear binnen, wêrnei't in perioade fan radiostilte folget omreden fan 'e ionisearringsblack-out. As dy langer oanhâldt as normaal, frezet eltsenien it slimste, mar lang om let rapportearret Lovell dat alles goed ferrûn is en dat de kommandokapsule oan syn parasjutes delsakket boppe de westlike Stille Oseaan. De wrâld folget mei ferromming op 'e tillefyzje hoe't de Odyssey delkomt yn see, wêrnei't de trije astronauten oppikt wurde troch helikopters fan 'e Amerikaanske Marine, ôfkomstich fan it fleandekskip de USS Iwo Jima. De mannen wurde as helden ynhelle. Yn in voice-over fertelt Lovell dat hy neitiid net wer de romte yn gien is, en Haise en Swigert likemin. Haise soe mei Apollo 18 nei de moanne, mar dy misje waard fuortbesunige. Ken Mattingly, dy't nea fan syn libben reade hûn krije soe, gie letter noch wol nei de moanne, mei Apollo 16. Lovell einiget mei te sizzen dat er soms by nacht omheech stoarret nei de moanne, en him ôffreget wannear't de minskheid dêr weromkeare sil.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Jim Lovell, gesachfierend astronaut Tom Hanks Fred Haise, astronaut, piloat moannelâner Bill Paxton Jack Swigert, astronaut, piloat kommandomodule Kevin Bacon Ken Mattingly, astronaut, oan 'e grûn bleaun Gary Sinise
byrollen