Enklava (Servysk: Енклава, Enklava; ynternasjonale titel Enclave) is in dramafilm fan de regisseur Goran Radovanović. De film kaam yn 2015 út en giet oer it libben fan in lytse Servyske mienskip yn in fijannige Kosovaarske omjouwing nei de Kosovo-oarloch.

De film waard foar de 88e Oscarútrikking yn 2016 as de Servyske bydrage foar de Bêste Bûtenlânske Film ynstjoerd.Hollywood Reporter, 4 septimber 2015

Ferhaal It ferhaal spilet him ôf yn Kosovo. In lytse Servyske enclave wurdt omfieme troch gebieten dêr't Albanezen wenje. De measte Servyske bewenners hawwe harren hûs en hiem al earder ferlitten.

Yn de enklave wennet Nenad mei syn heit Vojislav en syn pake Milutin, dy't op stjerren leit. Nenad is de lêste learling fan de Servyske skoalle en wurdt alle dagen troch fijannelik gebiet mei in pânserwein fan KFOR nei skoalle brocht. As op in dei Nenad wer op skoalle komt, lêst er op it skoalboerd it boadskip dat de iennige ûnderwizeres fan 'e skoalle it gebiet ek ferlitten hat. Hy strúnt dan wat doelleas om de skoalle hinne en komt twa Albaneeske jonges tsjin, dy't eins ek wol ris yn de pânserwein ride wolle. Nenad kriget dat foar inoar en der ûnstiet tusken de jonges kammeraadskip.

Wat letter slút in tredde Albaneeske jongen him by de trije jonges oan. Dy syn heit ferstoar yn de oarloch tsjin de Serviërs en hy rint om mei wraakgefoelens.

Rolferdieling Filip Subarić as Nenad Nebojša Glogovac as Vojislav Arsic (heit fan Nenad) Anica Dobra as Milica Arsic (muoike fan Nenad) Miodrag Krivokapić as preester Draža Goran Radaković as plysje Cekic Denis Murić as Baskim Meto Jovanovski as Nenad's pake Milutin Arsic Qun Lajçi as Baskim's pake Nenad Jezdić as bussjauffeur

Keppelings om utens IMDb MovieMeter

Kategory:Dútske dramafilm Kategory:Servyske dramafilm Kategory:Servysktalige film Kategory:Albaneesktalige film Kategory:Dútsktalige film Kategory:Film út 2015 Kategory:Film oer ras of etnisiteit