Avengers: Endgame is in Amerikaanske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan 'e bruorren Anthony en Joe Russo, mei yn 'e haadrollen Robert Downey jr., Chris Evans, Mark Ruffalo, Chris Hemsworth, Scarlett Johansson en Jeremy Renner. De titel betsjut "Wrekers: Einspul". De film is basearre op 'e strip mei deselde namme fan Stan Lee en Jack Kirby, en makket diel út fan 'e filmrige fan it Marvel Cinematic Universe. Yn dy searje folget it op Captain Marvel en wurdt it folge troch Spider-Man: Far from Home, allebeide ek út 2019. Avengers: Endgame is lykwols it direkte ferfolch op Avengers: Infinity War, út 2018. It ferhaal folget de superheldegroep Avengers, ûnder wa Iron Man, Captain America, de Hulk en de healgod Thor. Nei harren nederlaach tsjin 'e selsútroppen god Thanos besykje se om 'e ferneatiging dy't Thanos oer it hielal ôfroppen hat, werom te draaien. Avengers: Endgame krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2019 en de meast opbringende film aller tiden oant maart 2021. Avengers: Endgame waard nominearre foar de Oscar foar bêste special effects en ferskate oare wichtige prizen, en wûn seis Saturn Awards en in Screen Actors Guild Award.

Plot Yn 2018, nei't de selsútroppen god Thanos de seis Uneinichheidsstiennen brûkt hat om 50% fan alle libben yn it hielal út te rûgjen (sjoch: Avengers: Infinity War), binne Tony Stark (Iron Man) en de cyborg Nebula, de eardere pleechdochter fan Thanos, earne yn 'e ynterstellêre romte strâne rekke yn in romteskip sûnder brânstof. Se ferwachtsje dêre te stjerren, mar nei 23 dagen wurde se fûn en rêden troch Carol Danvers, oftewol Captain Marvel, dy't harren mei romteskip en al werombringt nei de Ierde. Dêr wurde se weriene mei de oerbleaune Avengers: Steve Rogers oftewol Captain America, Bruce Banner oftewol de Hulk, de god Thor, Natasha Romanoff oftewol Black Widow en James Rhodes oftewol War Machine. By harren is ek de genetysk manipulearre yntelliginte waskbear Rocket, dy't mei Nebula de lêst oerbleaune fan 'e Guardians of the Galaxy is.

De hiele groep is telider slein oer de nederlaach yn 'e striid tsjin Thanos en it ferlies fan alle freonen. Se beslute lykwols de moedfearren net hingje te litten, mar Thanos op te spoaren, him de Uneinichheidsstiennen ôfhandich te meitsjen en dy dêrnei te brûken om 'e status quo ante (en dêrmei alle lju dy't ferdwûn binne) werom te bringen. Se ûntdekke in selde gigantysk ferbrûk fan enerzjy as dat foarfoel doe't Thanos de helte fan alle libben útrûge, dat se reizgje nei de oarsprong dêrfan ta. It blykt in ûnbewenne planeet te wêzen mei in wielderich plantelibben, dêr't Thanos him nei it folbringen fan syn libbensdoel yn in soarte fan Hof fan Eden weromlutsen hat. De groep komt Thanos oer it mad en oermasteret him, mar it docht bliken dat er by it twadde reuseftige ferbrûk fan enerzjy de Uneinichheidsstiennen brûkt hat om 'e Uneinichheidsstiennen sels te ferneatigjen, om foar te kommen dat se ea wer brûkt wurde kinne. Yn in fleach fan klearebare breinroerens ûnthalzet Thor Thanos mei syn striidbile Stoarmbringer.

Fiif jier letter, yn 2023, besiket Natasha Romanoff de Avengers as groep geande te hâlden, al docht se dat mei in swier moed. Rocket, Nebula en Okoye, de froulike generaal fan it leger fan Wakanda, hawwe har ûnderwilens ek by de Avengers jûn. Oan 'e oare kant besykje Rogers en Banner op eigen manearen it ferline efter harren te litten, Rogers troch lieding te jaan oan in praatgroep fan minsken dy't lju fan wa't se hâlde ferlern hawwe troch tadwaan fan Thanos, en Banner troch himsels bleat te stellen oan mear gammastrieling, sadat it him slagget en yntegrearje syn spjalte persoanlikheid ta in reuseftige grienhûdige Hulk mei it briljante ferstân en de goede omgongsfoarmen fan Banner sels. Underwilens jout Thor him oer oan selsbegrutsjen en hat Stark him ferbittere fan syn eardere striidmaten ôfkeard en him folslein op syn houlik mei Pepper Potts rjochte, mei wa't er in dochterke krigen hat dat Morgan hjit. De eardere Avenger Clint Barton (Hawkeye), dy't troch tadwaan fan Thanos syn frou Laura en alle trije fan syn bern ferlern is, hat himsels omfoarme ta in mei superkrêften bejeftige figilante, dy't op ûnmeilydsume wize de leden fan Meksikaanske drugskartels en de Japanske yakuza ôfslachtet.

Dan keart Scott Lang oftewol Ant-Man, fan wa't ek oannommen wie dat er troch tadwaan fan Thanos omkommen wie, ynienen werom út it minuskule Kwantumryk. Hy wit neat fan wat der yn 'e tuskentiid bard is, en is ûntset as er ûntdekt dat syn frou Hope Van Dyne en syn skoanâlden Hank Pym en Janet Van Dyne omkommen binne. Fan syn hiele famylje is inkeld syn (no teenage-)dochter Cassie noch oer. Lang bejout him nei it haadkertier fan 'e Avengers, dêr't er oan Romanoff en Rogers fertelt dat er him foarôfgeande oan Thanos syn keunsten sûnder euvelmoed yn it Kwantumryk bejûn hie. Om't Hope him helpe moast om werom te kearen, en sy nei it yngripen fan Thanos net mear bestie, hied er wat langer wurk om werom te kommen. Mar om't tiid yn it Kwantumryk oars rint as yn 'e reële wrâld, duorre dat foar him mar fiif oeren, wylst yn 'e reële wrâld fiif jierren foarbygiene. Lang stelt foar om te besykjen en brûk it Kwantumryk om werom yn 'e tiid te reizgjen nei it stuit foardat Thanos de Uneinichheidsstiennen ferneatige, de stiennen mei te gaudievjen, werom te kearen nei de hjoeddeistige tiid en de stiennen dan te brûken om alles wat Thanos dien hat, wer ûngedien te meitsjen.

Dat klinkt simpel, mar it Kwantumryk lit him frijwol net stjoere, dat om op 'e juste tiid út te kommen en dan wer nei de juste tiid werom te kearen, is in hiele toer. Rogers en Romanoff ornearje dat se dêrfoar ferlet hawwe fan in briljant ferstân, dat mei Lang reizgje se ôf nei de blokhutte dêr't Stark en syn gesin no wenje om syn help te freegjen. Hoewol't fiif jier langernôch is foar Stark om syn ferbittering en wrok los te litten, wegeret er harren te helpen. Yn it foarste plak is er benaud om te ferliezen wat er wûn hat sûnt de nederlaach tsjin Thanos (te witten: syn docher Morgan) en dêrnjonken leaut er dochs net dat it plan fan Lang kâns fan slagjen hat. Dêrop geane Rogers, Romanoff en Lang nei de no altyd reuseftige en grienhûdige Bruce Banner ta, dy't wol syn help taseit. De earste eksperiminten binne lykwols net bepaald hoopjaand. Underwilens lit it idee fan tiidreizgjen fia it Kwantumryk Stark net los. Jûns lit er út ferfeelde nijsgjirrigens syn kompjûtersysteem F.R.I.D.A.Y. wat berekkenings útfiere en pielt er der wat mei om. Ta syn eigen ferrassing komme se ta in oplossing fan it faachstik. Stark wol dy útkomst earst njonken him dellizze; it is syn frou Pepper dy't him yn 't sin bringt dat sy beiden tige lokkich west hawwe, wylst dat foar sa'n soad oaren net it gefal is, en him dêrom oantrunet om alles te dwaan wat er kin om dat te feroarjen.

Dat, Stark jout him by Romanoff, Rogers, Banner en Lang, en mei-inoar bouwe se in tiidmasine wêrmei't se fia it Kwantumryk weromreizgje kinne yn 'e tiid. Se roppe Rhodes, Rocket en Nebula derby, wêrnei't Banner en Rocket nei Nij-Asgard reizgje, yn Noarwegen, dêr't de flechtlingen dy't oan 'e ferneatiging fan Asgard ûntkommen binne, har nei wenjen set hawwe. Harren doel is om Thor derby te skuorren. Dyselde docht op 't heden neat oars mear as bier drinke en op 'e bank foar de tillefyzje omhingje, en hat sadwaande syn eardere hege kondysje en spierde lichem ferruile foar in suterich lang burd en in grouwe bierbealch. Hy is ôfhâldich om him wer by de oare Avengers te jaan, oant Rocket him fergees bier oanbiedt. Underwilens set Romanoff nei Tokio ta, dêr't se Clint Barton opspoart by syn yllegale figilante-aktiviteiten en bepraat om ek mei te wurkjen. Werom yn harren haadkertier beprate de Avengers de gaadlikste tiidstippen om 'e Uneinichheidsstiennen te bemachtigjen. Nei noch in pear eksperiminten binne se ree om los.

Banner, Lang, Rogers en Stark reizgje werom nei 2012 en arrivearje yn New York ûnder de troch Thor syn pleechbroer Loki orkestrearre bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde (sjoch: The Avengers). Banner giet nei it Sanctum Sanctorum dat letter it haadkertier fan dr. Stephen Strange wurde sil, dêr't er de Aldste, dy't de Tiidsstien yn bewar hat, net mei geweld oer kin. It slagget him lykwols om har te bepraten him dochs de stien te jaan, nei't er ûnthjitten hat dat de Avengers nei it gebrûk alle stiennen wer werombringe sille op persiis it momint dat se dy weinommen hawwe. Yn 'e Stark Tower ûntfytmannet Rogers op slûchslimme wize de Ferstânsstien oan 'e slieperaginten fan Hydra, wêrfan't er yn 2012 noch net wist dat se dat wiene (sjoch: Captain America: The Winter Soldier). Dêrfoar moat er wol syn eardere sels befjochtsje, dy't oannimt dat hy Loki yn momkape is, mar ek dat rêdt er op.

It snoade plantsje fan Stark en Lang om 'e Romtestien te stellen op it stuit dat Stark syn eardere sels dy mei tsjinnichheid oan minister Alexander Pierce oerdraacht, mislearret lykwols troch tadwaan fan it willekeurige geweld wêrmei't de Hulk fan 2012 doarren iepensmyt sûnder derom te tinken oft dêr soms minsken efter steane. Dêrtroch falt de Romtestien yn 'e hannen fan Loki, dy't dermei útnaait. Nei't Stark wat fan 'e klap bekommen is, betinke hy en Rogers in plan om noch fierder yn 'e tiid werom te reizgjen nei in plak dêr't sawol de Romtestien as in nije foarrie Pym-dieltsjes oanwêzich is (dêr't se ferlet fan hawwe om neitiid wer weromreizgje te kinnen nei 2023). Se drage de Ferstânsstien oan Lang oer en reizgje nei 1970, dêr't se it doetiidske ûndergrûnske haadkertier fan 'e boppenatuerlike feilichheidstsjinst S.H.I.E.L.D. ynfiltrearje. Wylst Stark de Ferstânsstien efteroer drukt, stelt Rogers in nije foarrie Pym-dieltsjes út it laboratoarium fan in jonge Hank Pym. Allebeide hawwe se lykwols in emosjoneel wersjen: Stark wurdt oansprutsen troch syn eigen heit Howard dy't him fansels net weromken om't Stark yn 1970 noch net berne is, wylst Rogers troch in finster syn grutte, ferlerne leafde Peggy Carter weromsjocht.

Underwilens reizgje Rocket en Thor werom nei Asgard yn 2013, op 'e dei dat de dûnkere elf Malekith dêr mei syn trewanten binnenkringe sil om 'e Reäliteitsstien te stellen (sjoch: Thor: The Dark World). Dat is eins gjin stien mar in soarte fan enerzjy dy't by fersin opnommen is yn it lichem fan Thor syn grutte leafde Jane Foster. Rocket wit de Reäliteitsstien op in ûnbewekke momint mei in spesjaal dêrfoar bedoeld wurktúch út har te ekstrahearjen. Dêrfoar kriget er alhiel gjin help fan Thor, dy't te drok is mei it bespionearjen fan syn mem Frigga, om't hja letter dizze dei by de oanfal fan Malekith omkomme sil. Mei't Frigga grutbrocht is troch heksen, sa't se him neitiid tebinnenbringt, hat se him al rillegau troch. Se komt him oer it mad en sjocht daliks dat er in ferzje fan har soan is dy't út 'e takomst komt. Hy besiket har te warskôgjen, mar hja hâldt him tsjin om't it lot syn rin hawwe moat. Thor brûkt de moeting om tsjin syn mem te sizzen wat er nei har dea wollen hie dat er tsjin har sein hie, en om foargoed ôfskie fan har te nimmen. Ek ropt er syn striidhammer Mjölnir ta him om mei te nimmen nei de takomst, mei't it wapen yn 2017 ferneatige is (sjoch: Thor: Ragnarok).