Wejherowo (Kasjûbysk: Wejrowò, Dútsk: Neustadt in Westpreußen, earder Weyersfrey) is in stêd yn 'e woiwodskip Pommeren yn Poalen.
Geografy De stêd leit yn it histoaryske West-Prusen yn 'e brede delling fan 'e Reda, westlik fan 'e Bocht fan Gdańsk op in hichte fan 30 meter boppe de Eastsee en likernôch 20 kilometer noardwestlik fan 'e havenstêd Gdynia.
Stifting Wejherowo waard yn 1643 as Wola Wejherowska troch de woiwode fan it woiwodskip Malbork en de Poalske ealman Jakub Wejher stifte. De plaknamme waard yn it Dútsk oerset as Weyersfrey. De stifter hie ornearre dat it plak deselde stedsrjochten hawwe moast as oare stêden yn 'e krite en dêrfandinne waard de nije stêd it saneamde 'Kulmer Rjocht' takend. De privileezjes fan 'e stêd waarden yn 1655 ferliend en troch kening Jan II akkordearre. thumb|left|It riedhûs yn 1915. By de Earste Dieling fan Poalen yn 1772 anneksearre it Keninkryk Prusen it grutste part fan 'e Pommerellen. De stêd waard ûnderdiel fan e nije Prusyske provinsje West-Prusen en de Dútske namme Weyersfrey waard feroare yn Neustadt in Westpreußen. Foar de ûntwikkeling fan 'e stêd wie de foarming fan 'e lânkring Neustadt en de oansluting yn 1870 op it spoar fan Danzig (Gdańsk)-Stettin (Szczecin) fan grut belang.
Yn dy tiid foarmen Poalen en Kasjûben yn 'e lânkring Neustadt in mearderheid fan 59.3% fan 'e befolking. De stêd Neustadt hie lykwols in Dútske mearderheid. Neffens de folsktelling fan 1910 telde de befolking 9.804 ynwenners, wêrfan 71% Dútsers, 25% Kasjûben en 4% Poalen.
Nei de Earste Wrâldkriich waard de stêd ûnderdiel fan 'e Twadde Poalske Republyk.
Wejherowo waard op 9 septimber 1939 ynnommen troch de Dútske Wehrmacht. It grutste part fan ' joadske mienskip waard fermoarde en yn it ramt fan 'e Intelligenzaktion waarden ek in soad Poalen oppakt, opsletten en dêrnei deportearre nei it doarpke Piaśnica Wielka, dêr't hja deasketten waarden. Under harren wiene ek de boargemaster en studinten fan 'e hegere skoallen. Leararen út de stêd waarden mei oare Poalske leararen nei konsintraasjekamp Mauthausen stjoerd.
Yn maart 1945 makke it Reade Leger in ein oan 'e Dútske besetting en waard Wejherowo wer in Poalske stêd.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1789 1853 1905 1943 1960 1970 1980 1990Ynwenners 700 2.500 8.389 16.490 24.500 33.800 42.400 46.800Jier 2000 2011 2021 Ywenners 46.200 49.922 48.735
It besjen wurdich Wejherowo is in religieus sintrum foar de Kasjûben. It doel fan 'e beafeart is de patroanhillige fan 'e stêd, de Mem Gods, in genedebyld dat yn 1999 troch paus Jehannes Paulus II kroand waard.
Bouwurken de Kalvaryberch; it Slot fan 'e famylje Keyserling (no museum); it riedhûs út 1650; de stiftstsjerke fan 'e Hillige Trijeienheid út 1643; de kleastertsjerke Sint-Anna út 'e 17e iuw mei in ynrjochting út 'e 18e iuw.
Museum Museum fan Kasjûbyske en Pommerske Literatuer en Muzyk
Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak stifte yn de 17e iuw Kategory:Plak yn woiwodskip Pommeren