Apocalypto is in Amerikaansk-Meksikaanske histoaryske aventoerefilm út 2006 ûnder rezjy fan Mel Gibson, mei yn 'e haadrollen Rudy Youngblood en Raoul Trujillo. De film spilet om 1511 hinne middenmank de Maya's yn it prekolumbiaanske Meso-Amearika, en hat in cast dy't folslein bestiet út Yndiaanske akteurs en aktrises. De taal dy't alle akteurs sprekke, is Jûkateeksk, ien fan 'e hjoeddeistige ôfstammelingen fan 'e Klassike Maya-taal.
It ferhaal giet oer de jager Jagûarpoat, waans fredige doarp fan jager-sammelders yn it tropysk reinwâld fan it Jûkatanskiereilân oerfallen wurdt troch de krigers fan in grutte stêdsteat (basearre op Chichén Itzá). De manlju wurde finzennommen en meifierd op in nuodlike reis werom nei de stêd om dêr as minske-offers oan 'e god Kukulkan offere te wurden om it mislearjen fan 'e rispinge troch klimaatferoaring ôf te kearen.
Apocalypto krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, hoewol't der krityk wie op 'e ôfskildering fan 'e Maya-beskaving. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. Apocalypto waard nominearre foar trije Oscars, de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal, ien BAFTA, twa Saturn Awards en ien Satellite Award.
Titel De titel fan 'e film is ôflaat fan it Grykske wurd ἀποκαλύπτω (apokalupto), dat besibbe is oan it wurd "apokalyps" foar de Ein fan 'e Tiden. Troch regisseur Mel Gibson waard de betsjutting fan 'e titel yn in fraachpetear lykwols definiëarre as "in nij begjin of in ôfskuorren fan in wale: in iepenbiering […]. Alles hat in begjin en in ein, en alle beskavings is dat krekt-en-gelyk mei."
Plot Yn it prekolumbiaanske Meso-Amearika binne de jonge jager Jagûarpoat, syn heit Fjoerstienloft en de oare manlju út harren fredige doarpke op jacht yn it omlizzende tropysk reinwâld as se in kloft flechtlingen tsjinkomme. De lieder fan dy groep leit út dat harren doarp platbaarnd en harren wengebiet leechplondere is en freget tastimming om troch it domein fan it doarp fan Jagûarpoat-en-dy te tsjen. Nei't de flechtlingen har ôfjûn hawwe, merkt Fjoerstienloft tsjin Jagûarpoat op dat dy lju siik fan eangst wiene. Hy druit syn soan yn om nea ta te stean dat eangst him ynfektearret. De jûns komme de doarpelingen gear om harren âlde sjamaan hinne, dy't in profetysk ferhaal fertelt oer in wêzen dat fertard wurdt troch in leechte dy't nea opfolle wurde kin, ek al wurde him alle geskinken fan 'e wrâld tastoppe. Dêrom sil it blynseach trochgean mei it ta him nimmen fan dingen oant der neat mear is om te nimmen en de wrâld net mear bestiet.
De oare moarns wurdt it doarp oerfallen troch in kloft krigers dy't ûnder lieding stiet fan Nulwolf. De hutten wurde yn 'e brân stutsen en in grut part fan 'e doarpelingen wurdt deamakke. Under de oanfal slagget it Jagûarpoat om ûngemurken syn frou Sân, dy't op alle dagen rint, en harren jonge soan Skylpodden Drave yn in cenote* sakje te litten. As er neitiid weromkeart yn 'e striid wit Jagûarpoat hàst de sadistyske oanfaller Middeleach te deadzjen, mar op 't langelêst wurdt er yn 'e mande mei de oare oerlibjende folwoeksenen kriichsfinzen nommen. As Middeleach foar it ferstân kriget dat Fjoerstienloft de heit fan Jagûarpoat is, makket er by wize fan wraak Foerstienloft dea en jout er Jagûarpoat de spotnamme Hàst. *) In cenote is in troch reinwetter yn 'e kalkstiennen ûndergrûn útsliten sinkgat.
De krigers bine de finzenen oaninoar en nimme harren mei op in lange mars by it doarp wei. De bern út it doarp litte se oan har lot oer. Dyselden folgje harren âldelju in hiel ein, mar bliuwe úteinlik efter as de krigers mei harren finzenen in brede rivier oerstekke. Underwilens komme Sân en har soan yn 'e cenote fêst te sitten nei't in erchtinkende oanfaller de beamwoartel trochkappet dêr't se ferlet fan hat om der wer út te klimmen.
Nei in lange, nuodlike reis troch troch it oerwâld, wêrby't de finzenen oan ien wei bleat steane oan 'e wrede behanneling fan 'e krigers, mar fral fan Middeleach, komme se lang om let de stêdsteat benei dêr't de krigers wei komme. As it oerwâld ophâldt, passearje se earst in krite fan keale beamstobben dêr't neat groeit, en dan útstrutsen ikkers mei stynske weet dat ferdrûge is, út en troch ûnderbrutsen troch doarpen wêrfan't de befolking desimearre is troch in ûnbekende sykte. Deunby de eigentlike stêd treffe se in lyts famke dat mei dyselde sykte ynfektearre is en yn in njoere profesije de ein fan 'e Mayaanske wrâld foarseit.
Yn 'e stêd oankommen skiede de krigers de manlike finzenen fan 'e froulju, dy't as slavinnen ferkocht wurde. De manlju wurde nei it stedsplein ta brocht, dêr't it optilt fan 'e minsken. Dyselden sjogge omheech nei de top fan in treppiramide, dêr't minske-offers brocht wurde, it iene nei it oare, wêrnei't de ôfhoude hollen en de ûnthalze liken fan 'e slachtoffers by de piramide delsmiten wurde nei it folk. Jagûarpoat en de oare manlju út syn doarp wurde nei de top fan 'e piramide laat, dêr't hja om bar nei foarren helle en op 'e rêch oer in alter hinne lein wurde. Under it tasjend each fan 'e kening en keninginne fan 'e stêd snijt de hegepreester dan by in offerritueel de boarstkas fan 'e mannen iepen en skuort it noch klopjende hert derút om harren te offerjen oan 'e god Kukulkan. Dêrnei wurde de mannen ûnthalze, wêrnei't holle en lichem by de piramide del soald wurde. It doel fan 'e hiele eksersysje is om 'e genede fan Kukulkan ôf te smeekjen, sadat dy de rispinge dit jier net mislearje litte sil.
Jagûarpoat is as trêde oan bar. Syn maten winskje him, nei de tradysje fan harren folk yn it gefal dat immen stjerre sil, in goede reis. Jagûarpoat brekt lykwols mei de tradysje troch te sizzen dat er net fuort wol. De krigers fan 'e stêdsteat negearje harren praat, en Jagûarpoat wurdt nei foarren ta brocht en oer it alter hinne lein. Krekt as de boal syn dagge yn it boarst fan Jagûarpoat stekke sil, begjint der lykwols in sinnefertsjustering, en dêrop lit de hegepreester de seremoanje stil lizze. Hy beslút it barren te ynterpretearjen as in teken dat Kukulkan troch de minske-offers sêd is en nei de smeekbeaën fan it folk harke hat. Dêrom slút er de seremoanje ôf en wurde Jagûarpoat en de oare noch libjende finzenen sparre. As Nulwolf lykwols freget wat er no mei harren oan moat, hjit de hegepreester him om harren nei in stil plakje te bringen en út 'e wei te romjen.
Nulwolf en syn krigers nimme Jagûarpoat en de oaren sadwaande mei nei in plak oan 'e bûtenrâne fan 'e stêd, dêr't er harren hjit om te besykjen om dravende oer in stik iepen grûn de fjilden mei stynske weet te berikken. As harren dat slagget, kinne se weromkeare nei harren dierbere oerwâld. Ien foar ien wurde de finzenen loslitten, mar Nulwolf en syn mannen brûke har as doelwiten foar sjitoefenings mei pylk-en-bôge en it smiten fan werpspeetsen en bola's. Oan 'e râne fan it stynske weet hat Nulwolf boppedat syn soan Kerfstien opsteld dy't bewapene is mei in mei obsidiaandiggels ynleine kneppel; dyselde slacht alle finzenen dea dy't it safier helle hawwe. As Jagûarpoat oan bar is, draaft er sigesaagjend fuort, mar wurdt lykwols troffen troch in pylk. Dy trochboarret him fan 'e rêch oant de búk, mar rekket aldergeloks gjin organen. Hy brekt de pylkpunt ôf en docht him slimmer ferwûne foar as er is. As Kerfstien komt om him ôf te meitsjen, stekt er dyselde de pylkpunt troch de kiel, dat er it bestjert, wêrnei't er útnaait troch it stynske weet.
De poerrazene Nulwolf nimt syn acht oare mannen mei en set de efterfolging yn. Sadree't Jagûarpoat him wer yn it oerwâld befynt, is er lykwols op syn eigen terrein, dêr't Nulwolf en syn stedsjers yn it neidiel binne. Hy brûkt de helpboarnen dy't it oerwâld him biedt om mei syn efterfolgers ôf te weven. Sa liedt er in hongerige jagûar nei harren ta, dy't ien fan harren op 'e hûd springt en deabyt foar't er troch de rest mei spearen deastutsen wurdt. In twadde efterfolger beswykt oan in slangebyt. Jagûarpoat komt by in rivier dy't yn in wetterfal fan in heech klif omleech tommelet. Hy weaget de sprong en oerlibbet it, wêrnei't er fan 'e igge fan 'e rivier ôf Nulwolf en syn mannen, boppe-oan 'e wetterfal, útdaagjend taskreaut. Ien fan 'e krigers stelt foar om foarsichtich njonken de rivier by it klif del te klimmen en wurdt dêrop troch Nulwolf deastutsen foar leffens. Hy oarderet syn krigers ynstee om der krekt as Jagûarpoat by del te springen. Ien fan harren slacht by it delkommen yn 'e poel ûnderoan de wetterfal de plasse tsjin in rots oan en ferstjert.
Mei no noch fiif efterfolgers flechtet Jagûarpoat wer it oerwâld yn. Dêr komt er sels yn driuwsân telâne, mar hy wit himsels te rêden. Hy wachtet Nulwolf-en-dy op en bekûgelet harren mei in bijenêst, mei as gefolch dat se alle kanten út spatte om oan 'e swaarm lulke bijen te ûntkommen. Jagûarpoat weeft dêrnei mei ien fan 'e krigers ôf troch him mei in giftich pylkje te besjitten en deadet Middeleach by in oanfal mei in stiennen bile. Nulwolf sels lokket er yn in fal dêr't er speetst wurdt troch in grutte houten pjukken. Underwilens begjint it te stjalpreinen, mei as gefolch dat de cenote, dêr't Sân en Skylpodden Drave noch altyd fêstsitte, begjint fol te rinnen. Sân kriget weeën en befalt krekt dan fan in twadde soan, dy't ûnder wetter berne wurdt.
De lêste beide krigers efterfolgje Jagûarpoat fierder, oant se de see berikke. Dêr binne se alle trije alhiel feralterearre as se deun foar de kust in Spaansk galjoen sjogge, en Spaanske conquistadores dy't mei in roeiboat oan lân komme. Wylst syn beide efterfolgers ôflaat binne, ûntkomt Jagûarpoat. Hy keart werom nei syn doarp, dêr't er krekt op 'e tiid arrivearret om wiif en bern fan 'e drinkeldea yn 'e cenote te rêden. Hy is trochbliid as er syn nijberne soan sjocht. Fjouweresom ferlitte se it doarp en rinne nei de kust. Dêr sjogge se oer it wetter út op it Spaanske skip. Jagûarpoat stiet yn bestân om kontakt te meitsjen, mar beslút dat net te dwaan. Hy, Sân en harren bern keare de see en de Spanjerts de rêch ta en tsjogge it oerwâld wer yn, op 'e siik nei in nij libben, fier by de stêd en de nijynkommelingen fan oersee wei.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Jagûarpoat Rudy Youngblood Nulwolf Raoul Trujillo
byrollen personaazje akteur/aktrise it doarp Sân Dalia Hernández Stompmakke Jonathan Brewer Fjoerstienloft Morris Birdyellowhead Skylpodden Drave Carlos Emilio Báez Krolnoas Amílcar Ramírez Reekfroask Israel Contreras Kakaublêd Israel Ríos skoanmem María Isabel Díaz âlde ferhaleferteller Espiridion Acosta Cache jonge frou Mayra Serbulo de krigers Middeleach Gerardo Taracena Slange-inket Rodolfo Palacios Hingelmoas Ariel Galván Dronken Fjouwer Bernardo Ruiz Juárez Kerfstien Ricardo Díaz Mendoza de stêd hegepreester Fernando Hernández laitsjende man Abel Woolrich orakelfamke #1 María Isidra Hoil orakelfamke #2 Aquetzali García kening Rafael Vélez keninginne Diana Botello
Produksje en distribúsje Produksje Apocalypto kaam fuort út 'e petearen dy't Mel Gibson ûnder de opnamen fan syn eardere film The Passion of the Christ hie mei Farhad Safinia, dy't as assistint by dy produksje belutsen wie. De beide mannen blieken in foarleafde te hawwen foar it efterfolgingsaksjesjenre, en dat woene se graach by de tiid bringe: net troch der nije masinery of technology oan ta te foegjen, mar krekt troch it werom te bringen nei syn suverste foarm: in minske dy't draaft foar syn libben. Want neffens Gibson hie de tafoeging fan technology der just foar soarge dat it sjenre oerhearske waard troch standertferhalen mei personaazjes sûnder djipgong, dy't troch special effects ynteressant makke wurde moasten.