Kornelis Henricus Holthuis (Scheemda, 16 maaie 1852 - Grins, 5 juny 1942), yn fakliteratuer ornaris K.H. Holthuis neamd, wie in Nederlânske arsjitekt.
Holthuis, soan fan in timmerman, wurke foaral yn Grinslân. Inkelde troch him ûntwurpen gebouwen yn de stêd Grins binne oanwiisd as ryksmonumint, ûnder oaren it Typografegasthûs (1903) oan de Petrus Campersingel. Ek syn soan Tonnis Holthuis (1880-1937) wie arsjitekt. Se wurken geregeld mei-inoar op. It troch harren ûntwurpen pakhûs Friesland (1912) oan de Aweg is ek in ryksmonumint.
Holthuis ferstoar yn 1942 yn de âldens fan 90 jier yn Grins en waard dêr beïerdige op it Esserveld.
Wurken In kar: 1888: Dokterswente mei praktyk, Nieuwe Pekela 1892: Regulateurshûs eardere gasfabryk, Grins 1902: Nederlânsk-herfoarme Tsjerke, Alteveer 1902-1903: Typografegasthûs, Grins 1904: Utwreiding Hûs De Beurs oan it Akerkhof, Grins 1912: Pakhûs Friesland, Grins (mei T. Holthuis) 1914: Filla Honk oan de Verlengde Hereweg, Grins
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1852 Kategory:Persoan stoarn yn 1942