Quincy Anton Promes (Amsterdam, 4 jannewaris 1992) is in Nederlânsk profproffuotballer dy't trochstrings as oanfaller spilet. Hy ferruile yn febrewaris 2021 Ajax foar Spartak Moskou, dat sa'n 8,5 miljoen euro foar him betelle, eksklusyf eventuele bonussen. Earder kaam er út foar FC Twinte, Go Ahead Eagles, en Sevilla. Promes debutearre yn 2014 yn it Nederlânsk alvetal dêr't er oant 2021 fyftich kear foar útkaam en sân kear foar skoarde. Yn de simmer fan 2020 wie Promes belutsen by in stekpartij, yn 2023 wurdt er by ferstek feroardiele ta 18 moanne finzenisstraf. Dêrneist rint der noch in strafsaak tsjin de fuotballer fanwegen fertinking fan belutsenens by smokkel fan 1300 kg kokaïne.nos.nl, 19-6-2023, Voetballer Quincy Promes krijgt 1,5 jaar gevangenisstraf voor neersteken neefnos.nl 30-5-2023, Quincy Promes vervolgd voor invoer ruim 1300 kilo cocaïne
Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Nederlânsk krimineel Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1992