Cécile Corbel (Frânske útspr.: [seːˈsil kɔʁˈbɛl], likernôch: "see-syl koch-bel"; Pont-Croix, 28 maart 1980) is in Frânsk sjongster, harpiste, lietsjeskriuwster en komponiste fan etnysk Bretonsk komôf. Hja makket muzyk dy't ta de sjenres Keltyske muzyk en wrâldmuzyk rekkene wurde moat, en sjongt yn it Frânsk, Bretonsk, Italjaansk en Ingelsk. Dêrnjonken hat se teminsten ien ferske yn it Spaansk, Dútsk, Japansk, Iersk, Welsk en Turksk songen. Bûten Frankryk krige Corbel bekendheid troch har meiwurking as filmkomponiste oan 'e tekenfilm Arrietty (2010). Har libbenspartner is lietsjeskriuwer Simon Caby, dy't ek har mei-komponist is.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Cécile Corbel waard yn 1980 berne yn Pont-Croix, yn it Frânske departemint Finistère, yn 'e histoaryske regio Bretanje. As bern wie se altyd op 'en paad mei har âlden, dy't in marionetteshow hiene en dêrmei hiele Bretanje trochreizgen. Corbel learde al jong gitaarspyljen, mar pas as teenager ûntdiek se de harpe by in konsert fan 'e Grykske harpiste Elisa Vellia, dy't letter har leararesse waard. Mei achttjin jier ferfear Corbel nei Parys foar har stúdzje argeology, dy't se jierren letter súksesfol ôfrûne mei in mastergraad. Yn har studintetiid fertsjinne se by mei optredens yn kafees yn Parys en as strjitmuzikante, mar har earste formele konsert joech se nei it beëinigjen fan har stúdzje, yn 2002 yn it kafee Ti Jos.

Karriêre Yn 2005 brocht Corbel yn eigen behear in EP út mei dêrop seis nûmers ûnder de titel Harpe celtique et Chants du monde. Op basis dêrfan tekene se letter in platekontrakt mei platemaatskippij Keltia Musique, dêr't yn 2006 har earste album útkaam: SongBook 1. Dat befette tradisjonele folksferskes yn it Bretonsk, Welsk en Iersk. Corbel gie op toernee, wêrby't se behalven Parys ek Austraalje, Birma, Dútslân, Estlân, de Feriene Steaten, Ingelân, Itaalje, Nederlân, Paraguay, Poalen, Switserlân en Tsjechje oandie. Yn 2008 kaam har twadde album út, SongBook vol. 2. Tsien fan 'e tolve lieten dêrfan wiene troch Corbel sels skreaun. Yn 2009 spile Corbel de titelrol fan 'e tragyske hartoginne Anna fan Bretanje yn 'e rockopera Anne de Bretagne fan Alan Simon, dy't opfierd waard yn it Kastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje yn Nantes.

Nei't se yn 2008 klear wie mei de marketing fan SongBook vol. 2 hie Corbel noch wat eksimplaren fan it album oer. Dy besleat se ta te stjoeren oan lju dy't se bewûndere, wêrûnder de Japanske tekenfilmstudio Studio Ghibli. Hja wie nammentlik al jierren fan fan 'e films dy't dêr produsearre waarden. Op dat stuit wie de tekenfilm Arrietty (ek bekend as The Borrower Arrietty, Arrietty the Borrower of The Secret World of Arrietty) yn preproduksje. Filmprodusint Toshio Suzuki woe foar dy film in Keltyske soundtrack hawwe en wie him datoangeande krekt oan it oriïntearjen. Corbel har album foel der by him wakker yn, en binnen tsien dagen krige se in e-mailberjocht werom mei de fraach oft se beskikber wie om 'e titelsong foar Arrietty te skriuwen. Corbel griep dy kâns mei beide hannen oan en skreau Arrietty's Song. Doe't dat nei tefredenheid stimde, frege Suzuki har om noch inkele lieten te skriuwen, en tsjin 2009 waard ôfsprutsen dat se de hiele soundtrack dwaan soe. It wie de earste kear dat Studio Ghibli gearwurke mei in filmkomponist dy't gjin Japanner wie.

Yn 'e soundtrack fan Arrietty kombinearre Corbel Keltyske folksmuzyk mei Midsiuwske Turkske lieten, barokke madrigalen en Ierske marsen. De muzyk waard yn Frankryk opnommen mei in lyts orkest dat spilers omfette fan in akoestysk gitaar, basgitaar, fioele, altfioele, sello, akkordeön, doedelsek, Ierske fluit, bodhrán (Keltyske tromme) en ferskate oare perkusje-ynstruminten. It soundtrackalbum wûn de priis foar bêste orizjinele filmmuzyk by de Japan Gold Disc Awards. It wie tige populêr yn Japan en waard dêr in gouden plaat. Dat wie foar Yamaha Music Communications, de platemaatskippij dy't de soundtrack publisearre, oanlieding om Corbel har earste beide studio-albums yn Japan op 'e nij út te bringen.

Corbel brocht yn juny 2011 har trêde studio-album út, SongBook vol. 3 – Renaissance. Yn 2012 waard se troch de Alliance française útnûge om op te treden op in evenemint ta fiering fan 'e Frânske kultuer yn 'e Maleizyske stêden Kuala Lumpur en Penang. Begjin 2013 naam Corbel diel oan 'e saneamde Nuit de la Bretagne ("Nacht fan Bretanje"), yn it ramt wêrfan't se mei Dan Ar Braz optrede yn Nantes, Risel en Caen. Har fjirde studio-album, SongBook vol. 4 – Roses, kaam út yn juny 2013. Dêrop stiene lieten mei Mediterrane en Midsiuwske ynfloeden yn it Frânsk, Ingelsk, Bretonsk en Sefardysk (Judeo-Spaansk). Datselde jiers skreau Corbel mei Fabien Cali de soundtrack foar de natoerdokumintêre Terre des ours ("Lân fan 'e Bearen"), dy't yn febrewaris 2014 by it platelabel Polydor Records op cd útbrocht waard.

Neitiid hat Corbel noch fjouwer studio-albums útbrocht, te witten: La Fiancée (2014), Vagabonde (2016), Enfant du Vent (2019) en SongBook vol. 5 – Notes (2021).

Diskografy Albums Studio-albums en EP's

útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat nov. 2005Harpe celtique et Chants du monde (EP)Keltia Musique 13 nov. 2006SongBook 1Keltia Musique 16 nov. 2008SongBook vol. 2Keltia Musique 7 juny 2011SongBook vol. 3 – RenaissanceKeltia Musique 24 juny 2013SongBook vol. 4 – RosesKeltia Musique 6 okt. 2014La FiancéePolydor Records 4 okt. 2016VagabondePolydor Records 29 maart 2019Enfant du ventPolydor Records 30 sept. 2021SongBook vol. 5 – NotesBran Music

Kompilaasje-albums útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat 6 july 2009The Cécile Corbel CollectionBran Music 26 nov. 2010Le CoffretKeltia Musique 16 sept. 2014Best of SongBooksBran Music 31 okt. 2015SongBooks CollectionKeltia Musique

Soundtrackalbums útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat 7 apr. 2010The Borrower Arrietty Image AlbumYamaha Music Communications 14 july 2010The Borrower Arrietty Soundtrack AlbumYamaha Music CommunicationsJapan Gold Disc Award: bêste filmmuzyk 26 febr. 2014Terre des ours(mei Fabien Cali)Polydor Records

Singles Eigen singles jier titel prizen en nominaasjes resultaat album2010Arrietty's SongThe Borrower Arrietty Soundtrack Album2013The RiddleSongBook vol. 4 – Roses2014Entendez-vousLa Fiancée2018Sayonara no Natsu (さよならの夏; mei Misaki Iwasa)Enfant du ventVent frais2019Petit fantômeLe bal des chats 2020Valse sur un BancSongBook vol. 5 – Notes2022Vous allez bien?net op album ferskynd

Gastsingles jier titel prizen en nominaasjes resultaat album2012Take Me Hand (mei Daishi Dance)Wonder Tourism2020Take Me Hand (akoestyske ferzje)(mei Daishi Dance)net op album ferskynd

Keppelings om utens Offisjele webside fan Cécile Corbel Cécile Corbel yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Frânsk sjonger Kategory:Frânsk harpist Kategory:Frânsk lietsjeskriuwer Kategory:Frânsk komponist Kategory:Filmkomponist Kategory:Frânsk folksmuzykartyst Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Sjonger yn it Bretonsk Kategory:Persoan berne yn 1980