In the Heat of the Night is in Amerikaanske plysjefilm út 1967 ûnder rezjy fan Norman Jewison, mei yn 'e haadrollen Sidney Poitier en Rod Steiger. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan John Ball. De titel betsjut "Yn 'e Hjittens fan 'e Nacht". It ferhaal folget Virgil Tibbs, in Afro-Amerikaanske plysjeresjersjeur út Philadelphia, dy't yn in lyts plak yn it Súdlike Mississippy behelle rekket yn in ûndersyk nei de moard op in foaroansteand sakeman. Dêrby wurde hy en de rasistyske pleatslike plysjekommissaris troch omstannichheden twongen om gear te wurkjen. In the Heat of the Night krige rûnom loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn 5 Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), 3 Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm) en twa BAFTA's. Yn 2002 waard In the Heat of the Night selektearre foar preservearring yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.
Plot Yn it sliepperige stedsje Sparta yn Mississippy, yn it Amerikaanske Suden, treft plysjeman Sam Wood op in jûn mids 1960-er jierren op 'e strjitte it stoflik omskot oan fan sakeman Phillip Colbert. Dyselde komt út Chicago, mar hy wie nei Sparta ferhuze om dêr in nij fabryk op te setten. Mei't dat fan grut belang is foar de pleatslike wurkgelegenheid, is de pleatslike plysjekommissaris Gillespie der alles oan gelegen om fluch de dieder op te spoaren. Mei't de beurs fan 'e deade ûntbrekt, stjoert er Wood derop út om te sjen oft der har ek omrinners yn Sparta ophâlde dy't foar de moard ferantwurdlik wêze kinne.
Wood treft yn it pleatslike stasjonsgebou in swarte man oan dy't op 'e trein sit te wachtsjen. Hy hat in protte jild by him, en om't de Afro-Amerikanen yn Sparta ta de ûnderlaach fan 'e maatskippij hearre en sûnder útsûndering earm binne, giet Wood derfan út dat er de moardner fûn hat. Hy arrestearret de man en nimt him mei nei it plysjeburo. As Gillespie de man dêr ûnderfreget, fertelt dy him lykwols dat er Virgil Tibbs hjit en in plysjeresjersjeur út Philadelphia is dy't yn Sparta op famyljebesite west hat. In tillefoantsje nei Tibbs syn baas yn Philadelphia befêstiget syn ferhaal. Tibbs is swier misledige troch de diskriminearjende behanneling dy't him te'n diel fallen is en troch it iepentlike rasisme fan sawol Wood as Gillespie. Mei't er troch it akkefytsje syn trein mist hat, wol er de earstfolgjende trein nei it noarden nimme.
Syn baas, dy't noch hieltyd oan 'e tillefoan is, komt lykwols mei de suggestje dat Tibbs, as resjersjeur mei in protte ûnderfining yn moardsaken, de plysje yn Sparta yn har ûndersyk nei de moard bystean kin. Noch Tibbs, noch Gillespie liket dat in goed idee ta. Mar Tibbs moat noch oeren wachtsje ear't der wer in trein giet en earsucht is him net frjemd: hy wol al dy blanke rasisten wol sjen litte dat hy harren fak better ferstiet as sysels. En Gillespie hat gjin idee wêr't er de moardner sykje moat, wylst er wol foar it ferstân hat dat it him syn baan kostje sil as er de saak net gau wit te berêden. Dat, mei tsjinnichheid fan wjerskanten beslute se gear te wurkjen.
De pleatslike dokter, Stuart, hat bepaald dat Colbert noch mar relatyf koart dea wie doe't er fûn waard, mar as Tibbs it stoflik omskot ûndersiket, stelt er fêst dat de rigor mortis al oan it ynsetten is. As er Stuart dêr op wiist, moat dy tajaan dat er gelyk hat. Dat betsjut dat de moard in pear oeren earder plakhân hawwe moat. Tibbs ûntdekt oan 'e hân fan 'e deadsoarsaak (in klap op 'e holle mei in stomp foarwerp) ek dat de dieder rjochtshannich wie. Fierders komt er troch gersplakken op Colbert syn djoere pantalon ta de konklúzje dat de moard earne oars plakfûn hat en dat it lyk neitiid op 'e strjitte delsmiten is dêr't Wood it oantroffen hat.
Underwilens hat Gillespie op eigen krêft in fertochte yn it fizier krigen: Harvey Oberst, in lytse krimineel dy't de oandacht op himsels fêstiget troch streekrjocht troch de fjilden út te piken nei de rivier de Mississippy, dy't de grins mei Arkansas foarmet. De kommissaris wachtet him by de brêge op en kin him dêr ienfâldich arrestearje. As er de missende beurs fan Colbert yn syn besit oantreft, is Gillespie derfan oertsjûge dat er syn man hat. Dat hy fertelt Tibbs dat syn help net mear nedich is, al hâldt Oberst út dat er inkeld de beurs stellen hat nei't Colbert al dea wie. Tibbs stelt lykwols fêst dat Oberst de dieder net wêze kin, om't er loftshannich is, wylst de moardner dúdlik rjochtshannich wie. Ek wurdt neitiid dúdlik dat Oberst in slutend aliby hat foar it tiidstip dat Colbert deadien waard.
Colbert syn widdo ferliest al rillegau har geduld mei Gillespie en syn mannen, dy't nei har miening de earste de bêste fertochte opslute en de moard op har man foar oplost ferklearje wolle. Hja stapt nei boargemaster Schubert ta en driget de bou fan it fabryk ôf te blazen as Tibbs by it ûndersyk net de frije hân kriget. Gillespie fielt dêr earst neat foar, mar hy moat tajaan dat Oberst inkeld in dief is en net in moardner. Hy giet akkoart mei de help fan Tibbs as Schubert him útleit dat dit in win-winsitewaasje foar him is: as Tibbs de moard oplost, kin Gillespie mei de ear strike om't Tibbs yn Sparta fier bûten syn jurisdiksje is; as it Tibbs net slagget en los de moard op, dan is dat Gillespie syn skuld net en hat er lykwols dien wat de widdo Colbert fan him easke. Dat Gillespie giet Tibbs efternei, dy't wilens alwer klear stiet om op 'e trein te stappen, en bepraat him om dochs fierder mei te helpen by it ûndersyk.
Nei't Tibbs frou Colbert en Colbert syn bedriuwslieder ûnderfrege hat, liket it him ta dat de meast foar de hân lizzende fertochte de pleatslike ûndernimmer Endicott is, dy't foar de komst fan Colbert de hiele county nei syn pipen dûnsje litte koe en him tige by tige oankante hat tsjin 'e komst fan it nije fabryk. Tegearre mei Gillespie bringt Tibbs in besyk oan Endicott, dy't in deftige rasist blykt te wêzen. De man beäntwurdet Tibbs syn fragen, mar as er foar it ferstân kriget dat Tibbs him as in fertochte fan 'e moard op Colbert sjocht, fettet er dat op as in mislediging dy't er fan in swartenien net fele kin. Hy jout Tibbs mei de iepen hân in klap yn it gesicht om him teplak te setten, mar Tibbs slacht him fuortendaliks op deselde wize werom. Dêrop ferwachtet Endicott dat Gillespie fanwegen komme sil tsjin Tibbs, mar Gillespie wegeret yn te gripen.
Neitiid warskôget Gillespie Tibbs dat er no mar better sjen kin dat er de earste trein nei it noarden nimt, want as er yn Sparta bliuwt, hat er mei dy klap syn eigen deafûnis tekene. Tibbs hat him no lykwols yn 'e saak fêstbiten en is wisberet om te bewizen dat Endicott, tsjin wa't er wrok koesteret, derefter sit. Endicott stjoert in groepke fan fjouwer jonge poatige trewanten efter Tibbs oan, dy't de swarte resjersjeur yn 'e auto efterfolgje en yn in leechsteand bedriuwspân yn it nau driuwe. Se binne fan doel om him in flink wan bruien te jaan, mar safier komt it lykwols net, want Gillespie hat berjocht krigen oer de auto-efterfolging en hy arrivearret krekt op 'e tiid om Tibbs te rêden. Neitiid hjit er Tibbs fannijs om te sjen dat er út Sparta komt, mar Tibbs wegeret.
Dy jûns freget Tibbs oan Wood om 'e patrûlje yn syn plysje-auto fan 'e jûn fan 'e moard nochris persiis sa nei te dwaan. Wood wykt lykwols fan syn fêste rûte ôf, om't dy by in it hûs lâns liedt fan 'e tsjeppe sechstjinjierrige ekshibisjoniste Delores Purdy. Dyselde mei jûns graach mei it ljocht oan en de kleden iepen neaken yn 'e hûs omrinne, wittend dat alderhanne slach manfolk har bestrúnjeit. Ien fan dyjingen is Wood, dy't op syn fêste patrûlje altyd in skofke hohâldt by har hûs, mar dat foar Gillespie en Tibbs oer net wêze wol. As Wood folhâldt dat er net fan syn fêste rûte ôfwykt is en Tibbs him fan in leagen beskuldiget, besjocht Gillespie syn plysjeman ris wat neier. It docht bliken dat Wood de deis tefoaren $600 op syn bankrekken byskreaun hat: krekt it bedrach dat al út 'e beurs fan Colbert miste doe't Oberst it lyk fûn en de beurs mei de lêste $300 stiel. Gillespie arrestearret dêrop Wood foar de moard.
Tibbs besiket de kommissaris om 'e nocht oan it ferstân te krijen dat Wood inkeld skuldich is oan strúnjeien. Gillespie wurdt einlings fan 'e ûnskuld fan Wood oertsjûge as Tibbs it plak delikt ûntdekt: de lokaasje dêr't it nije fabryk boud wurde sil. Colbert is dêr deaslein mei ien fan 'e piketpealtsjes en dêrnei yn syn eigen auto werom nei stêd riden en op 'e strjitte dumpt, wylst de auto wer teplak set is. Tibbs riddenearret Gillespie foar dat de moardner mei Colbert nei it plak delikt ta riden wêze moat. Wood kin it net west hawwe om't dy net èn de auto fan Colbert èn syn eigen plysje-auto weromride kinnen hie.
Op it plysjeburo komt Purdy, in rasistyske arbeider, del om Wood te beskuldigjen fan ferkrêfting. Syn jongere suster Delores is nammentlik swier en neffens har soe Wood de heit wêze. Om't se noch minderjierrich is, soe Wood him dêrmei skuldich makke hawwe oan statutory rape. Tibbs stiet derop om by it ferhear fan Delores troch Gillespie oanwêzich te wêzen en Gillespie lit dat ta. Purdy beskôget dat omreden fan Tibbs syn hûdskleur as in fernedering en in oantaasting fan syn famylje-ear. Neitiid sammelet er in kloft maten en giet er mei harren nei Tibbs op 'e siik om him te lynchen.
Tibbs is ûnderwilens ta de konkúzje kommen dat er him troch syn persoanlike antypaty foar Endicott op 'e doele bringe litten hat. It ferhaal fan Delores hat Tibbs lykwols in nij oanknopingspunt jûn, mei't er fermoedet dat de heit fan har bern net Wood is, mar de dieder fan 'e moard, dy't ferlet hie fan jild om in yllegale abortus fan te bekostigjen. Fia Oberst syn freon Packy komt er efter de namme en it adres fan in Mama Caleba, in swarte klandestine aborsjoniste. Wannear't er dyselde ûnderfreget, jout se ta dat se dyselde jûns noch in abortus útfiere sil foar Delores. As it fanke deryn komt en Tibbs sjocht, naait se út, en Tibbs giet efter har oan en grypt hat. Har frijer en de heit fan har bern, dy't bûten op har wachtet, blykt Ralph te wêzen, in kok yn in pleatslike kafetaria. Hy hellet in pistoal foar it ljocht en hâldt Tibbs ûnder skot. Op dat stuit arrivearje Purdy en syn maten, dy't ek oer Tibbs gear wolle.
Tibbs fertelt Purdy lykwols dat syn suster him foarliigd hat: Sam Wood is net de heit fan har bern, mar Ralph. Dy hat hat $100 jûn om by Mama Caleba foar in abortus te beteljen en de rest fan 'e missende $600 sil er sûnder mis by him hawwe. Purdy pakt dêrop Delores har hantaske ôf en fynt dêr yndie $100 yn. Poerrazen rjochtet er dan it jachtgewear dat er by him hat op Ralph, dy't lykwols ynstee Purdy deasjit mei syn pistoal. Yn 'e algehiele gaos dy't dêrnei útbrekt, wit Tibbs Ralph te oermasterjen en fynt er syn syn bûse de oare $500 werom. Ralph wurdt arrestearre en bekent neitiid de moard op Colbert, dy't neat oars as in ordinêre rôfmoard blykt te wêzen. Ralph hie in stikje meilifte mei Colbert en besleat him ympulsyf te berôvjen om't er jild brûke moast foar Delores har abortus. It wie net syn bedoeling om 'e man dea te dwaan, mar hy hufte te hurd ta mei it piketpealtsje.
Gillespie bringt Tibbs op 'e trein en draacht foar him syn koffer it perron op. De beide mannen hawwe yn 'e tuskentiid respekt foarinoar krigen. As se ôfskie nimme, hjit Gillespie Tibbs om foarsichtich te wêzen, wat Tibbs beäntwurdet mei in oprjocht glimke.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise resjersjeur Virgil Tibbs Sidney Poitier plysjekommissaris Gillespie Rod Steiger
byrollen