Henry Thomas (1874-1930?) wie in Amerikaanske country bluessjonger en muzikant. Hoewol't syn platekarriêre oan de ein fan de jierren 1920 koart wie, beynfloede Thomas artysten as Bob Dylan, Taj Mahal, The Lovin' Spoonful, The Grateful Dead en Canned Heat. Thomas syn styl, dy't faak omskreaun wurdt as Ragtime Texas, is in ier foarbyld fan wat letter bekend waard as Texas blues-gitaar.

Libben en wurk Thomas waard berne yn in húshâlding fan befrijde slaven yn Big Sandy, Texas, yn 1874. Nei't er yn syn tsienerjierren it hûs út gien wie begûn as swalker by de spoarlinen fan Texas del te reizgjen. Uteinlik fertsjinne er syn brea as rûnreizgjende sjonger, dy't sawol de lokale befolking as spoarweiarbeiders ferdivedearre.

Hy naam tusken 1927 en 1929 24 nûmers op foar Vocalion Records, dêr't 23 fan útbrocht waarden. Se befetsje reels, gospelsongs, minstrel songs, ragtimenûmers en blues. Njonken gitaar spile Thomas op quills, in folksynstrumint makke fan reid dêr't it lûd fan ferlykber is mei de zampona (panfluit) dêr't muzikanten yn Perû en Bolivia op spylje. Thomas syn styl fan gitaarspyljen wie wierskynlik ôflaat fan banjo-picking-stilen.

Syn libben en karriêre nei syn lêste opnamen yn 1929 binne net beskreaun. Hoewol't de bluessaakkundige Mack McCormick ferklearre dat er yn 1949 yn Houston in man seach dy 't foldie oan Thomas syn beskriuwing, wolle de measte biografen hawwe dat Thomas stoar yn 1930, doe't er 55 of 56 jier âld west hawwe soe.

Plate-opnames foar Vocalion Records Publikaasjejier A-kant B-kant Opnamedatum Label, nr. Opnameplak Ynstruminten 1927 John Henry Cottonfield Blues 1927-07-05 Vocalion 1094 Chicago fokaal, gitaar, quills 1927 The Fox and the Hounds Red River Blues 1927-10-05 Vocalion 1137 Chicago fok, git, quills 1927 The Little Red Caboose Bob McKinney 1927-10-05 Vocalion 1138 Chicago fok, git, quills 1927 Shanty Blues Woodhouse Blues 1927-10-07 Vocalion 1139 Chicago fok, git 1927 Jonah in the Wilderness When the Train Comes Along 1927-10-07 Vocalion 1140 Chicago fok, git 1927 Honey, Won't You Allow Me One More Chance Run, Mollie, Run 1927-10-07 Vocalion 1141 Chicago fok, git, quills 1928 Don’t Ease Me In Texas Easy Street Blues 1928-06-13 Vocalion 1197 Chicago fok, git 1928 Bull-Doze Blues Old Country Stomp 1928-06-13 Vocalion 1230 Chicago fok, git, quills 1928 Texas Worried Blues Fishing Blues 1928-06-13 Vocalion 1249 Chicago fok, git, quills 1928 Arkansas Georgia Tom and Tampa Red, Lonesome Man Blues 1927-07-01 Vocalion 1286 fok, git 1929 Railroadin' Some Don’t Leave Me Here 1929-10-07 Vocalion 1443 Chicago fok, git, quills 1929 Charmin' Betsy Lovin' Babe 1929-10-07 Vocalion 1468 Chicago fok, git, quills

Keppeling om utens Diskografy Henry Thomas

Kategory:Amerikaansk bluesartyst Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1874 Kategory:Persoan stoarn yn 1930