RoboCop is in Amerikaanske dystopyske, satiryske science fiction-aksjefilm, plysjefilm en superheldefilm út 1987 ûnder rezjy fan 'e Nederlânske filmmakker Paul Verhoeven. De film wurdt ek wol omskreaun as in cyberpunkfilm en in splatterfilm. De haadrollen waarden spile troch Peter Weller, Nancy Allen en Miguel Ferrer. De titel betsjut "RoboSmearis".
It ferhaal spilet yn 'e neie takomst yn in oan misdie te sink geand Detroit, dêr't it stedsbestjoer de plysje útbestege hat oan it grutte bedriuw Omni Consumer Products. Om't it meitsjen fan winst foar OCP de heechste prioriteit hat, komt men mei nije, effektivere, mar ek ymmorele foarmen fan oarderhanthavening op 'e lapen. Nei't plysjeman Alex Murphy troch kriminelen fermoarde is, wurdt er troch OCP wer ta libben wekke as de cyborg RoboCop. Dat is in heal-minsklik, heal-roboatysk wêzen, mei as iennichste doel it bestriden fan 'e misdie. Wat se by OCP lykwols net ferwachte hiene, is dat RoboCop gjin ferskil sjocht tusken strjitkriminelen en de korrupte top fan it bedriuw.
Fan 'e filmkritisy krige RoboCop oer it algemien positive resinsjes, en dizze ûnôfhinklike film wûn de Oscar foar bêste lûdsmontaazje en fiif Saturn Awards. Yn 'e bioskopen wie RoboCop ûnferwachts in kommersjeel súkses. Op basis dêrfan ûntstie neitiid de mediafranchise mei deselde namme. In direkt ferfolch op 'e film ferskynde yn 1990 as RoboCop 2.
Plot Yn in neie, dystopyske takomst stiet de Amerikaanske stêd Detroit op 'e râne fan maatskiplike en finansjele ynstoarting. Oerweldige troch in kombinaasje fan oanboazjende misdie en belúnjende middels beslút it stedsbestjoer de pleatslike plysje te ferpachtsjen oan it grutte bedriuw Omni Consumer Products (OCP). De plysjeminsken binne dêr alderminst gelokkich mei en tanimmende ûntefredenens liedt ta de driging fan stakings. Ynstee dat der mei it plysjefakbûn ûnderhannele wurdt oer bettere arbeidsbetingsten, sjocht OCP dat as it bewiis dat men ôf moat fan minsklike wurknimmers by de plysje.
Under lieding fan adjunkt-direkteur Dick Jones wurdt in swierbewapene robot ûntwikkele, de ED-209, dy't minsklike plysjes ferfange moat en tagelyk ek oan it leger ferkocht wurde kin. Jones presintearret syn ED-209 op in gearkomste fan 'e direksje fan OCP, mar by de demonstraasje giet der wat freeslik mis, mei as gefolch dat de robot mei syn masinegewearen in lid fan 'e direksje, Kinney, oan grôt sjit. Jones besiket dat wei te setten as in "lytse flater yn 'e programmearring", mar de algemien direkteur fan it bedriuw, dy't troch al syn ûnderhearrigen "de Alde" neamd wurdt, jout him dêrfoar in fikse beskrobbing. Dat biedt it ambisjeuze jonge ôfdielingshaad Bob Morton de kâns om yn it plak fan 'e ED-209 syn eigen, alternative projekt by de Alde ûnder de oandacht te bringen: RoboCop.
Underwilens wurdt plysjeman Alex Murphy oerpleatst fan it relatyf kalme plysjeburo Metro South nei it ûnlijige distrikt fan Metro-West. Syn nije partner dêre wurdt de stoere froulike plysje Anne Lewis. Net lang nei syn oerpleatsing geane Murphy en Lewis op it berjocht fan in bankoerfal ôf, wêrnei't se de beruchte binde fan 'e ûngrypbere Clarence Boddicker efterfolgje. Dy bestiet behalven Boddicker sels út Emil Antonowsky, Leon Nash, Joe Cox en Steve Minh. Yn in leechsteand fabryk lokje de kriminelen Murphy en Lewis yn in mûklaach. Lewis rekket in skofke bewusteleas, mar Murphy wurdt troch de bindeleden finzen nommen. Se martelje him in hoart troch him earst syn hân ôf te sjitten en dan syn hiele earm, wêrnei't se him op net-fatale wize trochsingelje mei kûgels. Uteinlik jout Boddicker sels him it genedeskot troch him yn 'e holle te sjitten.
Murphy wurdt foar dea efterlitten, mar as Lewis him fynt, blykt er noch te libjen. Hy wurdt nei it sikehûs ta brocht dêr't er komt te ferstjerren. Neitiid lit Morton it stoflik omskot fan Murphy brûke om 'e earste RoboCop te bouwen, in wêzen mei in fierhinne minsklike holle en romp, dy't fierders lykwols út masineûnderdielen bestiet. Syn gesicht wurdt foar it meastepart oerdutsen mei in fizier, dat him ûnwerkenber makket. As se klear binne, is RoboCop in supersterke, pânsere en swierbewapene cyborg dy't docht wat him sein wurdt. Syn ûnthâld is nammentlik wiske, dat hy hâldt him inkeld oan 'e trije rjochtlinen dêr't er mei programmearre is: it tsjinjen fan 'e befolking, it beskermjen fan 'e ûnskuldigen en it hanthavenjen fan 'e wet. (In fjirde rjochtline, inkeld bekend as Rjochtline 4, wurdt geheim holden.)
RoboCop wurdt tawiisd oan Metro West, dêr't er in effektive foarm fan misdiebestriding blykt te wêzen troch handich ôf te weven mei dieven, gewelddiedige oerfallers, lju dy't har skuldich meitsje oan seksuele oantaasting en gizelnimmers. Yn 'e media is er in sensaasje, mar Lewis kriget der al rillegau aan fan dat der wat mis is as se de unike manear sjocht dy't RoboCop hat om syn pistoal te holsterjen. Dy is nammentlik persiis-en-gelyk oan 'e manear dy't Murphy dêrfoar hie: in trúkje dat er himsels oanleard hie om yndruk te meitsjen op syn jonge soan.
Hoewol't it ûnthâld fan RoboCop wiske is, jildt dat blykber net foar syn ûnderbewuste, en as er op in stuit foar ûnderhâld yn 'e rêst is, kriget er in nachtmerje dêr't Boddicker en syn binde yn figurearje, krekt as Murphy syn frou en soan. As er neitiid it plysjeburo ferlit, sprekt Lewis him oan as Murphy, en letter op patrûlje arrestearret er Emil Antonowsky, dy't him ek oan syn hâlden en dragen weromken as Murphy. Fan beide foarfallen boazet syn mentale betizing noch fierder oan. Werom op it buro ferskaft RoboCop himsels mei syn datapjuk op ûnautorisearre wize tagong ta de plysjedatabase, dêr't er de identiteit fan Antonowsky opfreget en fia him ek de identiteiten fan 'e oare leden fan 'e Boddickerbinde, dy't er yn syn dream sjoen hat. As er yn it dossier fan Boddicker lêst dat dy socht wurdt foar de moard op Murphy, sjocht RoboCop ek syn eigen dossier yn. Hy giet nei de wente fan 'e húshâlding Murphy, dy't no leech stiet om't syn widdo en soan nei syn dea nei in oar plak ferhuze binne. As er troch it lege hûs doarmet, komme der noch mear oantinkens fan Murphy by RoboCop boppedriuwen.
Underwilens boazet de rivaliteit tusken Jones, de twadde man fan OCP, en Morton, dy't besiket him derút te wurkjen, almar fierder oan. Nei in heechoprinnende konfrontaasje tusken de beide mannen op it wurk, wurdt Morton jûns thús opsocht troch Boddicker, dy't him ferskate kearen yn beide skonken sjit. Hy hat in fideoboadskip by him fan Jones, dêr't út blykt dat Boddicker al langere tiid it smoarge wurk foar Jones opknapt, yn ruil wêrfoar't Jones him de hân boppe de holle hâldt, sadat de krimineel ûngrypber bliuwt foar de plysje. Boddicker lit in hangranaat, dêr't er de pin út lutsen hat, efter yn 'e wente fan Morton, dy't dêr mei syn stikken sketten skonken net op 'e tiid by komme kin. De granaat ûntploft en ferneatiget it hûs, wêrby't Morton omkomt.
RoboCop spoart de binde fan Boddicker op, wêrnei't Steve Minh en in hiele kliber drugsdealers yn 'e tsjinst fan Boddicker syn sakepartner Sal by in sjitpartij omkomme. As RoboCop Boddicker sjocht, besiket er dyselde earst te fermoardzjen, oant syn programmearring de restanten fan Murphy syn gefoelens oerwint. Sadwaande wurdt Boddicker úteinlik troch RoboCop arrestearre. Yn syn ferûntweardiging oer dy behanneling ropt Boddicker út dat er foar Jones wurket en dat RoboCop, dy't yndirekt ek foar Jones wurket, him hielendal net arrestearje kin. Dêr is er lykwols mis mei, want RoboCop kin net bang reitsje of yntimidearre wurde, en omreden fan 'e trije rjochtlinen dêr't er him oan hâlde moat, sjocht er gjin inkeld ferskil tusken in strjitkrimineel as Boddicker en in witeboardekrimineel as Jones.
Dat, nei't er Boddicker op it plysjeburo ôflevere hat, bejout er him nei it haadkertier fan OCP om Jones te op te pakken. As er dat besiket, docht lykwols bliken dat de geheime Rjochtline 4 in ynboude befeiliging is om RoboCop te neutralisearjen wannear't er him tsjin personiel fan OCP keart. Jones, dy't him folslein feilich wit foar RoboCop, jout planút ta dat er Morton fermoardzje litten hat, en sjocht fermakke ta hoe't RoboCop mei syn programmearring wrakselet, foar't er in ED-209 op him loslit. RoboCop wit lykwols fia it treppehûs te ûntkommen om't de bombidige ED-209 net treprinne kin, en as er dat dochs besiket, op 'e rêch rôlet en yn ûnmacht leit. Yn 'e parkearkelder fan it OCP-gebou wurdt RoboCop lykwols opwachte troch in grutte plysjemacht dy't tahastige is op Jones syn needoprop en it fjoer iepenet op 'e "him misdragende" cyborg, dy't no in gefaar foar de maatskippij is. Hoewol't er slimme skea oprint, wit RoboCop mei help fan Lewis fannijs te ûntkommen, wêrnei't er ûnderdûkt yn in ferlitten stielfabryk om himsels te reparearjen.
De oare deis barst de bom by de plysje omreden fan 'e oanhâldende ûnderfinansearring en ûnderbemanning fan it korps troch OCP. Fan gefolgen brekt der in staking út. Sûnder plysje glidet Detroit ôf ta gaos en oeral yn 'e stêd brekke ûngeregeldheden út. Jones soarget derfoar dat Boddicker en syn binde wer op frije fuotten komme, wêrnei't Boddicker, Emil Antonowsky, Leon Nash en Joe Cox harsels bewapenje mei swier wapenark dat OCP ûntwikkele hat. Jones hat Boddicker de opdracht jûn om foar iens en foar altyd mei RoboCop ôf te weven en om't der in stjoerderke yn 'e cyborg ynboud sit, witte se wêr't er him ophâldt. Sadwaande falle se him en Lewis oan by it fabryk. RoboCop blykt lykwols in taaie tsjinstanner: hy sjit fuortendaliks Cox dea en manipulearret Antonowsky om mei syn buske in reuseftich opslachfet foar gemysk ôffal stikken te riden, wat de krimineel in ferskriklike dea besoarget. By in konfrontaasje mei Boddicker rekket Lewis swierferwûne, wylst RoboCop fêst komt sitten as Nash mei in hyskraan in stikmannich stielene balken op him falle lit. Lewis wit Nash lykwols dea te sjitten, wêrnei't RoboCop mei Boddicker ôfweeft troch him mei syn datapjuk yn 'e kiel te stekken as er te tichtby komt.
Neitiid bejout RoboCop him op 'e nij nei it haadkertier fan OCP, dêr't er diskear in direksjegearkomste ûnderbrekt. Hoewol't Jones troch Rjochtline 4 noch hieltyd ûnoantaastber foar him is, giet dat net op foar Jones syn reputaasje. Dy ferneatiget RoboCop troch foar de rest fan 'e direksje de bekentenis fan Jones ôf te spyljen dat er Morton fermoardzje litten hat. Om oan 'e befeiliging fan OCP te ûntkommen, nimt Jones de Alde yn gizeling; wannear't dyselde dêrop útropt dat Jones ûntslein is, befrijt dat RoboCop fan 'e beheinings oplein troch Rjochtline 4 en sjit er Jones del. Dyselde stoart troch it finster fan 'e wolkekliuwer en falt yn 'e djipte te pletter. De Alde makket RoboCop in komplimint foar de akuratesse fan syn sjitten en freget hoe't er hjit. RoboCop antwurdet: "Murphy."
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise plysje Alex Murphy / RoboCop Peter Weller plysje Anne Lewis Nancy Allen Bob Morton Miguel Ferrer
byrollen personaazje akteur/aktrise Clarence Boddicker Kurtwood Smith Dick Jones Ronny Cox de Alde (alg. dir. fan OCP) Daniel O'Herlihy brigadier Reed Robert DoQui Donald Johnson Felton Perry Emil Antonowsky Paul McCrane Leon Nash Ray Wise Joe Cox Jesse D. Goins Steve Minh Calvin Jung Kinney Kevin Page Sal de drugsdealer Lee de Broux ynspekteur Hedgecock Michael Gregory nijslêzer Casey Wong Mario Machado nijslêzeresse Jess Perkins Leeza Gibbons presintator Bixby Snyder S.D. Nemeth Murphy syn frou Angie Bolling Murphy syn soan Jason Levine dûnsjende man yn nachtklub Paul Verhoeven (cameo)
Produksje en distribúsje Produksje