RoboCop 2 is in Amerikaanske dystopyske, satiryske science fiction-aksjefilm en -plysjefilm út 1990 ûnder rezjy fan Irvin Kershner, mei yn 'e haadrollen Peter Weller en Nancy Allen. De film is in ferfolch op RoboCop, út 1987, en heart as sadanich ta de RoboCop-franchise. It ferhaal folget de cyborg-plysjeman RoboCop yn in takomstich Detroit, dat hast oan misdie te sink giet. Diskear nimt er it op tsjin Cain, de sljochtsinnige makker fan in tige ferslaavjende nije soarte drugs. Underwilens besiket Omni Consumer Products, it ymmorele bedriuw dat RoboCop skepen hat, om 'e macht yn Detroit oer te nimmen. Dêrfoar wurdt in nij type cyborg ûntwikkele dat RoboCop ferfange moat. RoboCop 2 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In folgjende film yn deselde searje, RoboCop 3, kaam út yn 1993.
Plot Yn in neie, dystopyske takomst stiet Detroit op it punt om derûnder te strûpen oan 'e almar oanboazjende misdie yn 'e stêd. Troch gebrek oan jild en middels stiet it stedsbestjoer machteleas. Fan needs is de pleatslike plysje al oerdien oan it grutte bedriuwekonglomeraat Omni Consumer Products (OCP), mar dy privatisearring hat ferkeard útpakt. OCP hat nammentlik de salarissen fan 'e plysje mei 40% omleech dien en de pinsjoenen hielendal ôfpakt, mei as gefolch dat de plysje yn staking gien is.
Op in gearkomste fan 'e direksje fan OCP docht bliken dat it bedriuw der witten en mienen op oanstjoerd om 'e gemeente bankrot gean te litten; it útlokjen fan 'e plysjestaking is mar ien strategy dy't dêrfoar ynset wurdt. Om't OCP de gemeente in grutte liening dien hat, kin it bedriuw yn it gefal fan in fallisemint nammentlik hiel Detroit oernimme. Dan kin einlings it grutte plan fan 'e algemien direkteur, dy't bekend stiet as "de Alde", útfierd wurde: it platwalsen fan 'e fertutearze buerten yn 'e binnenstêd om der in moderne stêd fan glânzgjende wolkekliuwers foar yn it plak te bouwen, dy't Delta City komme moat te hjitten.
Mar net de hiele plysje fan Detroit staakt: de cyborg RoboCop en syn trouwe partner Anne Lewis binne noch oan it wurk en besykje de floedweach fan misdie te beheinen. Dêrby nimme se it op tsjin Cain, de psychopatyske lieder fan in pleatslik drugskartel, dy't in sekte-eftich gefolch om him hinne garre hat. Boppedat hat er in nije en ekstreem ferslaavjende drug ûntwikkele, dy't nuke hjit. By in ynfal witte RoboCop en Lewis in fabryk dêr't nuke produsearre wurdt, plat te lizzen, mar Cain syn neiste meiwurkers, de opslûpen jonge Hob en de tsjeppe dame Angie, witte oan arrestaasje te ûntkommen.
Underwilens hat RoboCop flashbacks krigen nei syn eardere libben as de plysjeman Alex Murphy. Fan gefolgen is er obsedearre rekke troch Murphy syn widdo Ellen, dy't er begjint te stalken troch eltse dei oerenlang yn syn plysje-auto by har yn 'e strjitte te stean en stadich foar har hûs lâns te riden. Ellen, dy't noch altyd rouwet om it ferlies fan har man, tsjinnet dêr in klacht oer yn en driget in rjochtsaak tsjin OCP oan te spannen. Nei't RoboCop troch syn begelieders ûnder druk set is, fertelt er Ellen by in moeting ûnder tafersjoch fan dy begelieders dat Murphy dea is.
RoboCop hat by syn kreaasje fan OCP trije rjochtlinen meikrigen: it tsjinjen fan 'e befolking, it beskermjen fan 'e ûnskuldigen en it hanthavenjen fan 'e wet. Om't er soks as masine tige ûnbûchsum útleit, hat er yn it ferline ek de lieding fan OCP net ûntsjoen by it hanthavenjen fan 'e wet. Sadwaande stiet er by it bedriuw net yn in al te bêst boekje. OCP besiket in RoboCop 2 te ûntwikkeljen, in 'ferbettere' ferzje fan RoboCop dy't docht wat de bedriuwslieding wol. Uteinlik sil dy yn massaproduksje nommen wurde om 'e stakende plysje alhiel te ferfangen. Allinne, it wol net slagje om 'e nije cyborgs, dêr't de harsens fan stoarne plysjeminsken yn ferwurke wurde, derfan te wjerhâlden om 'selsmoard' te dwaan sadree't se aktivearre wurde.
Dr. Juliette Faxx, in psychologe yn 'e tsjinst fan OCP, bringt de teory op 't aljemint dat it Murphy syn strikte morele koade en syn strange roomske opfieding binne dy't him yn dit ferbân ta sa'n unyk súkses meitsje. Hja bepraat de Alde derfan om har it seleksjeproses liede te litten om gaadliker kandidaten te finen, sadat de ynvestearring fan OCP ter wearde fan $90 miljoen oan research en ûntwikkeling net ferlern giet. De researchstêf is lykwols ûntset as bliken docht dat Faxx ta de deastraf feroardiele finzenen selektearje wol, om't dy neat te ferliezen hawwe en earder macht en ûnstjerlikens begeare soene as plysjeminsken.
Cain brûkt ûnderwilens de ynformaasje dy't him taspile wurdt troch de korrupte en oan nuke ferslaafde plysjeman Duffy om 'e operaasjes fan 'e plysje tsjin him en syn kartel mei grouwélich geweld te sabotearjen. As RoboCop, dy't Cain syn helpke Hob ûnder suveillânse hat, foar it ferstân kriget dat Duffy in ferrieder is, jout er him krekt sa lang in wan bruien oant er de lokaasje fan Cain syn haadkertier priisjout. Dat blykt in leechsteand stielfabryk te wêzen. Wannear't RoboCop dêr op eigen manneboet op ôfgiet, rint er lykwols yn in mûklaach en wurdt er oerweldige, wêrnei't Cain en syn trewanten syn lichem oan gruzeleminten houwe en de brokstikken by it plysjeburo dumpe. Neitiid nimt Cain wraak op Duffy troch him libben oan stikken snije te litten foar de eagen fan syn binde.
OCP wol RoboCop earst net reparearje, sabeare om't dat tefolle kostet, mar eins om't se him in gefaar achtsje foar de eigen doelen. Under druk fan 'e plysje en de befolking beslute se de reparaasje úteinlik dochs út te fieren, mar yn opdracht fan 'e Alde soarget Faxx derfoar dat de nije, sêftere rjochtlinen yn it systeem fan RoboCop ymplantearre wurde, dy't syn funksjonearjen as plysje ûnmooglik meitsje. Bykommend foardiel foar OCP is dat dêrtroch it RoboCop 2-projekt needsaakliker wurdt. As RoboCop lykwols in befreone laboratoariumassistinte tsjin Lewis sizzen heart dat er him fan 'e nije programmearring ûntdwaan kinne soe as er himsels ûnder stroom sette, stapt er daliks op in transformatorhúske ôf, dat er iepenbrekt om krekt te dwaan wat se seit. Neitiid reboot syn systeem sûnder de nije rjochtlinen, mar ek sûnder de âlde rjochtlinen, sadat er foar it earst frij is om te dwaan en litten wat er wol.
En dat is mei de binde fan Cain ôfweve. RoboCop motivearret de stakende plysjes om him te helpen by in ynfal yn Cain syn haadkertier. Hob en Angie witte fannijs te ûntkommen, mar de measte oare bindeleden wurde òf arrestearre of komme om. Ek de foarrie nuke fan 'e binde en in reuseftige hoemannichte kontant jild falt yn 'e hannen fan 'e plysje. Cain sels besiket út te piken, mar by in efterfolging wit RoboCop him oan te hâlden, hoewol't Cain dêrby swierferwûne rekket en yn it sikehûs bedarret. Neitiid nimt de slûchslimme Hob mei de heal ûnwillige help fan Angie de lieding oer it drugskartel oer. Cain wurdt yn it sikehûs opsocht troch Faxx, dy't fan betinken is dat er de perfekte kandidaat is foar it RoboCop 2-projekt. Want om't er sels ek oan nuke ferslave is, mient se dat se him behearskje kin troch him nuke te jaan of te ûnthâlden. Se docht de medyske apparatuer út dy't him yn libben hâldt, wêrnei't sjirurgen yn 'e tsjinst fan OCP syn harsens transplantearje nei it roboatyske lichem fan RoboCop 2.
Boargemaster Kuzak is ûnderwilens de wanhoop nei-oan. Syn krewearjen om 'e skuld dy't Detroit by OCP hat, ôf te beteljen troch crowdfunding rint op neat út. As Hob dan kontakt mei him opnimt en oanbiedt de hiele skuld fan $39 miljoen yn ien kear te foldwaan, grypt Kuzak dy rêding mei beide hannen oan. Dat Hob in krimineel is, dy't yn ruil foar it jild wol dat de plysje syn drugsdealers gewurde litte, nimt Kuzak op 'e keap ta. Fia in korrupte wethâlder kriget OCP lykwols lucht fan dit hantsjebakken. Om't Hob syn help oan it stedsbestjoer de plannen foar de oername fan 'e stêd troch it bedriuw en de bou fan Delta City op losse skroeven sette soe, jout de Alde, dêrta oantrune troch Faxx, opdracht om RoboCop 2 yn te setten. De moeting fan boargemaster Kuzak mei Hob wurdt sadwaande fersteurd troch RoboCop 2, oftewol Cain, dy't alle oanwêzigen deasjit. Inkeld Kuzak wit libben te ûntkommen fia it rioel. As de echte RoboCop letter it plak delikt ûntdekt, treft er dêr in swierferwûne Hob oan, dy't him fertelt wa't de dieder is. RoboCop bliuwt by de jonge oant er oan syn ferwûnings beswykt.
De Alde organisearret in parsekonferinsje dêr't er sawol de plannen foar Delta City as de nije RoboCop 2 oan 'e gearklofte media presintearje wurde. As er lykwols as attribút by syn taspraak in fleske nuke sjen lit as de belicheming fan alles dat mis en ferrotte is oan Detroit, soarget Cain syn ûnbehearskbere ferslaving derfoar dat er syn programmearring oerwint en op 'e jacht nei it fleske de media en befeiligingslju oanfalt. RoboCop ferskynt mei in swier masinegewear en lokket Cain nei bûten ta, dêr't in lang gefjocht folget dêr't ek de rest fan 'e plysje him yn mingt. It docht lykwols bliken dat sawol RoboCop as de nije RoboCop 2 net stikken te krijen binne. Op 't langelêst siket RoboCop it fallen fleske nuke op en liedt Cain dêrmei langernôch ôf om him op 'e rêch te springen. De seame tusken de holle en romp fan RoboCop 2, yn 'e nekke, blykt it swakke plak yn it ûntwerp te wêzen, en dêr brekt RoboCop syn tsjinstanner iepen, wêrnei't er de harsens fan Cain út 'e robot skuort en stikken slacht. Dat is de ein fan sawol Cain as RoboCop 2.
Op goerie fan syn neiste ûnderhearrige Johnson, dy't in persoanlike wrok tsjin Faxx koesteret, beslút de Alde om Faxx de skuld fan it hiele debakel op 'e lea te skowen. As Lewis tsjin RoboCop klaget dat OCP alwer de dûns ûntspringt, antwurdet RoboCop dat se geduld hawwe moat, want, sa seit er, "we binne mar minsklik."
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise RoboCop / Alex Murphy Peter Weller plysje Anne Lewis Nancy Allen
byrollen personaazje akteur/aktrise dr. Juliette Faxx Belinda Bauer Cain Tom Noonan de "Alde" (alg. dir. fan OCP) Dan O'Herlihy Hob Gabriel Damon Angie Galyn Görg Donald Johnson Felton Perry boargemaster Marvin Kuzak Willard E. Pugh plysjeman Duffy Stephen Lee brigadier Reed Robert DoQui Delaney Ken Lerner Linda Garcia Patricia Charbonneau Holzgang Jeff McCarthy Schenk John Doolittle Ellen Murphy Angie Bolling Flint Brandon Smith Chet Thomas Rosales jr. Tak Akita Tzi Ma Estevez Wanda De Jesus Jess Perkins Leeza Gibbons Gilette George Cheung Poulos Phil Rubenstein Catzo Michael Medeiros Whittaker Roger Aaron Brown Stef Mark Rolston Doc Gary Bullock Casey Wong Maria Machado Magnavolt-ferkeaper John Glover model yn reklame foar sinnebrânoalje Fabiana Udenio sjirurgyn-generaal John Ingle
Produksje en distribúsje Produksje RoboCop 2 waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario fan Frank Miller en Walon Green. De senarioskriuwers fan 'e foargeande film RoboCop soene earst ek it skript foar de ferfolchfilm skriuwe, mar omreden fan in fiif moannen duorjende staking fan it Writers Guild of America, it fakbûn fan senarioskriuwers, waarden se troch filmstudio Orion Pictures ûntslein foar kontraktbrek. As produsint wie Jon Davison by it projekt belutsen. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 oant 30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Irwin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Leonard Rosenman.
Opnamen De opnamen foar RoboCop 2 fûnen foar it meastepart plak yn Houston (Teksas), dat neffens regisseur Kershner in ideäle opnamelokaasje wie fanwegen de relative rêst yn it stedssintrum by nacht. It Cullen Center gie troch foar it haadkertier fan OCP, wylst it stedhûs fan Houston te sjen is yn in sêne mei boargemaster Kuzak yn wat it stedhûs fan Detroit foarstelle moat. Oare gebouwen yn Houston dy't prominint yn 'e film te sjen binne, wiene it George R. Brown Convention Center, it Bank of America Center, it Wortham Theater Center en it Alley Theatre. In lyts part fan 'e film waard opnommen yn Los Angeles.
Distribúsje