Bauke Kammenga (Aldeberkeap, 10 febrewaris 1901 – 24 july 1990) wie in Nederlânske politikus fan Frysk komôf.

Hy waard yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf berne as soan fan Jan Kammenga (1865-1947; gemeentefjildwachter) en Tetje Asma (1867-1929).openarchieven/AlleFriezen Hy begûn yn 1918 syn amtlike karriêre by de gemeentesekretary fan Eaststellingwerf en yn 1920 gie er oan't wurk by de gemeentesekretary fan Kampen dêr't er it brocht ta adjunkt-kommys. Dêrnei wie er fan 1925 ôf wurksum by de provinsjale griffy fan Súd-Hollân dêr't er yn 1948 de rang fan referendaris berikte. Fan novimber 1952 ôf ûnderbruts er goed in jier syn wurk by it provinsjaal bestjoer om waarnimmend boargemaster fan Zevenhoven te wurden. Fan mids 1956 oant syn pinsjonearring yn 1966 wie Kammenga boargemaster fan de gemeenten Leimuiden, Nieuwveen en Rijnsaterwoude.

Hy ferstoar yn 1990 yn 'e âldens fan 89 jier. Hy waard te hôf brocht yn it Gelderske Terwolde. Graftombe.nl

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Aldeberkeap Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1990