De Strjitten yn Waskemar:

A Alde Wyk - earste feart yn it doarp.

B Bakkefeansterwei - wei nei Bakkefean. Biskopswei - namme komt fan biskopsleger en Biskopswyk. It wienen stikjes grûn om de Breeberchskâns. Breebergwei - Breeberch wie in fersterking út 1593 dy't oanlein waard troch Willem Loadewyk, greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân.

D De Fenne - stik lân dat ± 1800 al sa neamd waard. De Kromten - (Ald-Nederlânsk: De Cruijmten) wie de namme fan in feart wêrút de dwersfeart nei Haulerwyk dold is. It is de âldste namme út de skiednis fan Waskemar op in kaart út 1748.

F Feikemastrjitte - De hear Feikema wie earst opsjenner by de Kompanjons, letter waard hy boargemaster fan Eaststellingwerf.

J Jan Roelswyk

K Kompanjonswei Krúswei

L Leidyk - De Leie is in stik ta kultuergrûn oanmakke deltegrûn tusken twa wiken. In leidyk beskermet kultuergrûn tsjin it fan heechfean kommende soere wetter.

P P.W. Janssenwei - P.W. Janssen wie oprjochter fan de Janssenstifting. Hy hat de winst oan de skippersbern skonken.

S Sint Baronstrjitte - Sint Baron wenne oan de Haadwei oan de feart op de hoeke dêr't dizze strjitte útkaam. De oanwenjenden moasten lâns de Bakkfeansterwei. De hear Baron ferliende rjocht fan paad. Skânsdyk - dyk nei de skâns Breeberch. Skânsmarwei

V Van Hasseltwei - Master S. van Hasselt wie yn de Twadde Wrâldoarloch haad fan de iepenbiere legere skoalle en is yn de besettingstiid omkomd yn Dútske finzenskip.

W Wijndelswei - David George Wijndels wie neist de famylje à Nijeholt ien fan de kompanjons dy’t ferantwurdlik wienen foar it graven fan de Drachtster Kompanjonsfeart dêr’t de Haulerwykster Feart no in ûnderdiel fan is. Willem Kroezestrjitte - ek de skoalle is nei Willem Kroeze neamd. Wykwei - wei nei de wyk ta.

Kategory:Waskemar Waskemar