Thomas Stanley Holland (berne yn Londen op 1 juny 1996), ek wol bekend as Tom Holland, is in Ingelske akteur. Guon publikaasjes neamden him ien fan de meast populêre akteurs fan syn generaasje.

Karriêre Holland's karriêre sette útein yn 'e âldens fan njoggen jier doe't er him ynskreau foar in dûnsklas, dêr't er by in koreograaf opfoel en dy't in audysje foar him regele foar in rol yn Billy Elliot de Musical yn it Victoria Palace Theatre fan Londen.

Nei twa jier training krige er yn 2008 in ûnderstypjende rol, dy't dat jier opwurdearre waard nei de titelrol dy't er oant 2010 spile. Holland makke syn filmdebút yn de rampefilm The Impossible (2012) as in jonge toerist en wêrfoar't er goede kritiken krige. Dêrnei naam Holland it beslút om him hielendal op it aktearjen ta te lizzen. Hy hie in rol yn How I Live Now (2013) en spile histoaryske persoanen yn 'e film In the Heart of the Sea (2015) en de minysearjes Wolf Hall (2015).

Ynternasjonale bekendheid krige Holland fral mei de rol Spider-Man/Peter Parker yn seis superheldfilms fan Marvel Cinematic Universe, te begjinnen mei Captain America: Civil War (2016). It folgjende jier krige Holland de BAFTA Rising Star Award en waard er yn Spider-Man: Homecoming de jongste akteur dy't in titelrol spile yn in MCU-film. De ferfolchfilms mei de titels Spider-Man: Far from Home (2019) en Spider-Man: No Way Home (2021) brochten elk mear as $ 1 miljard yn 'e wrâld op en de lêste waard de film mei de heechste winst fan 't jier. Holland hie in oare aksjefilmrol yn Uncharted (2022). Fierder spile er rollen yn 'e misdiedrama's The Devil All the Time (2020) en Cherry (2021). Holland regisearre ek de koarte film Tweet (2015) en wie stimakteur yn animaasjeproduksjes lykas Onward (2020).

Filmografy

|2010||The Secret World of Arrietty |Shô||neisyngronisaasje |- |2012 |The Impossible |Lucas Bennet||haadrol |- | rowspan="3" | 2013 |How I Live Now |Isaac |haadrol |- |Moments |jonge |koarte film |- |Locke |Eddie |neisyngronisaasje |- | rowspan="2" | 2015 |In the Heart of the Sea |Jonge Thomas Nickerson |byrol |- |Tweet |himsels |koarte film, regisseur |- | rowspan="4" | 2016 |Captain America: Civil War |Peter Parker / Spider-Man |haadrol |- |Edge of Winter |Bradley Baker |haadrol |- |A Monster Calls |it monster |stand-in |- |The Lost City of Z |Jack Fawcett |byrol |- | rowspan="3" | 2017 |Pilgrimage |Broeder Diarmuid |haadrol |- |Spider-Man: Homecoming |Peter Parker / Spider-Man |haadrol |- |The Current War |Samuel Insull |haadrol |- |2018 |Avengers: Infinity War |Peter Parker / Spider-Man |haadrol |- | rowspan="3" | 2019 |Avengers: Endgame |Peter Parker / Spider-Man |byrol |- |Spider-Man: Far from Home |Peter Parker / Spider-Man |haadrol |- |Spies in Disguise |Walter Beckett |stim |- | rowspan="3" | 2020 |Dolittle |Jip the dog |byrol |- |Onward |Ian Lightfoot |stim |- |The Devil All the Time |Arvin Eugene Russell |haadrol |- | rowspan="4" | 2021 |Cherry |Nico Walker |haadrol |- |Chaos Walking |Todd Hewitt |haadrol |- |Venom: Let There Be Carnage |Peter Parker / Spider-Man |cameo |- |Spider-Man: No Way Home | Peter Parker / Spider-Man |haadrol |- | 2022 |Uncharted |Nathan Drake |haadrol

|2015 |Wolf Hall |Gregory Cromwell |6 ôfleverings

|2008-2010 |Billy Elliot the Musical |Billy Elliot / Michael

| 2021 |Web Slingers: A Spider-Man Adventure |Peter Parker / Spider-Man

Underskiedings Syn ûnderskiedingen omfetsje in BAFTA Rising Star Award, in British Academy Film Award en trije Saturn Award's.

Keppelings om utens Tom Holland - IMDb Moviemeter

Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk harkspulakteur Kategory:Ingelsk stimakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1996