Stasjon Bad Nijeskâns (Nsch) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Bad Nijeskâns yn de provinsje Grinslân. It stasjon waard iepene yn 1868 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).

Gebou 200px|thumb|left|stasjonsgebou stasjon Bad Nijeskâns mei dûanefasiliteiten yn 1970 It oarspronklike spoarweistasjon fan Bad Nijeskâns wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It gebou yn Bad Nijeskâns wie grutter as de oare tolve stasjons fan de searje om 't hjir in grut gebou mei dûanefasiliteiten njonken it eigentlike stasjon siet.

It stasjon waard yn 1973 ôfbrútsen, mar der kaam net in nij stasjonsgebou foar werom, alline in tal abry's.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 620100Stoptrein (Arriva)Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns – Weener – LierFerbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is.RS 637500Stoptrein (Arriva)Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns.RS 737900Stoptrein (Arriva)Grins – Wynskoat – Bad NijeskânsRydt inkeld yn 'e spits en rydt 1 kear deis troch nei Bad Nijeskâns

Kategory:Bouwurk yn Aldamt (gemeente) Nijeskâns, Bad Kategory:Bouwurk út 1867 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973