Stasjon Krommenie-Assendelft (Kma) is in spoarweistasjon healwei de doarpen Krommenie en Assendelft en waard iepene yn 1869 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dizze Noard-Hollânske doarpen is yn 2008 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1867 iepene.

Gebou 200px|thumb|left|Tekening fan it 1e stasjonsgebou stasjon Krommenie-Assendelft tekene yn 1871 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Krommenie-Assendelft yn 1967 It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 novimber 1869 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand.

Yn 1930 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. In strak en asymmetrysk stasjonsgebou, mei in heech haadgebou en twa lege wjukken dy't ferskille yn lingte en hichte.

It stasjonsgebou út 1930 waard yn 1975 ôfbrutsen fanwegen ferbreding fan de provinsjale dyk fan Saandam nei Castricum, en waard ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. Dit wie in tige lyts gebouke, mei alline in loketfunksje.

Yn 2008 waard besletten om in nij en grutter stasjonsgebou te bouwen op sa'n 400 meter ôfstân fan it eardere stasjon. Dit nije stasjonsgebou waard ûntwurpen troch arsjitekt Jeroen Eulderink. It 3e stasjonsgebou bleau stean en is hjoed-de-dei yn gebrûk as snackbar.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster4000Sprinter (NS)Uitgeest – Krommenie-Assendelft – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal7400Sprinter (NS)Uitgeest – Krommenie-Assendelft – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist

Kategory:Bouwurk yn Saanstêd Krommenie-Assendelft Kategory:Bouwurk út 1867 Kategory:Bouwurk út 1930 Kategory:Bouwurk út 1975 Kategory:Bouwurk út 2008