Stasjon Wormerveer (Wm) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Wormerveer yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon waard iepene yn 1869 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal).

Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Wormerveer wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

Yn 1976 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, Cees Douma. It waard in ienfâldich gebou op it middenperron. It perron en gebou binne berikber fia in tunnel, yn 2013 waard de tunnel fernijd en waarden der liften boud sadat it stasjon ek tagonklik waard foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster4000Sprinter (NS)Uitgeest – Wormerveer – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal7400Sprinter (NS)Uitgeest – Wormerveer – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist

Kategory:Bouwurk yn Saanstêd Wormerveer Kategory:Bouwurk út 1867 Kategory:Bouwurk út 1978