Stasjon Saandam (Zd) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske Stêd Saandam yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon waard iepene yn 1868 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal).

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Saandam om en de by 1920 It oarspronklike spoarweistasjon fan Saandam wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

It stasjon waard yn 1983 ôfbrútsen om't de ynfrastruktuur yn Saandam feroare waard, it folsleine stasjon skode derom 300 meter op nei it súden, it nije stasjonsgebou waard ûntwurpen troch arsjitekt Peter Kilsdonk. Yn maart 2018 waard begûn oan in ferbouwing wêrby 't it stasjon in typysk Saansk uterlik krige, yn 2020 waard it fernijde stasjon iepene. De metalen perronoerkapping út 1983 bleau al yn de âlde steat.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster800Intercity (NS)Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – 's-Hertogenbosch – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – (De Helder)Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.3000Intercity(NS)Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – De HelderVeenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.3300Sprinter (NS)De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Hoofddorp – Skiphol Airport – Saandam – Purmerein – Hoarn – Hoarn KersenboogerdJûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.4000Sprinter (NS)Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal7400Sprinter (NS)Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist

Kategory:Bouwurk yn Saanstêd Saandam Kategory:Bouwurk út 1867 Kategory:Bouwurk út 1983