Stasjon Hengelo (Hgl) is in spoarweistasjon yn Hengelo en waard iepene yn 1865 oan it spoar fan spoar fan Almelo nei Salzbergen. In jier letter waard Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) iepene. Yn 1951 waard dêr it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.
Gebou Hengelo hat ynearsten in needgebou hân as stasjonsgebou. Dat duorre in jier foar 't yn 1966 it earste stasjonsgebou ree kaam. It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it Type Hengelo. Hengelo groeide rap oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en ek de bedriuwichheid naam ta. Om't de spoarbomen hiel faak ticht wiene, waard der in fuotgongersbrêge oer it spoar boud, mar foar it ridende ferkear wie dat gjin oplossing. Yn 1899 waard úteinlik de machtiging troch Den Haag jûn om in nij stasjon te bouwen. It earste stasjonsgebou wie doe al ferfongen troch in needgebou.
It nije stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom De kosten foar it gebou en de opheging fan it emplasemint en alle keunstwurken lykas tunnels waarden doe op f 2.300.000 rûsd. It waard in asymmetrysk stasjonsgebou. Mei in poarteftige yngong. Beide sydgevels wiene hiene in tuorke, mar dy tuorkes wiene net like grut.
It stasjonsgebou út 1899 rekke yn 1944 as gefolch fan de Twadde Wrâldkriich slim skansearre. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Hengelo, benammen fanwegen de strategyske yndustry dy't dêr fêstige wie, geregeld bombardearre. Dêrby waard it sintrum fan de stêd op 6 en 7 oktober 1944 sa goed as alhiel ferneatige. De boppeferdjipping wie foar in grut part fernield en werbou soe in soad jild koste hawwe. De Nederlandse Spoorwegen namen it beslút om it gebou te slopen en troch in nij gebou te ferfangen. Yn 1951 kaam it nije stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Schelling ree. Yn de tuskentiid waarden de funksjes fan it stasjonsgebou útfierd yn de perrongebouwen. It nije stasjonsgebou is lyk as de stasjongsgebouwen fan Sutfen en Ynskedee útfierd yn beton.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster140/240IC 77Intercity(NS InternationalDB Fernverkehr)Amsterdam Sintraal – Hilfertsom – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Bad Betnheim – Rheine – Osnabrück Hbf – Hannover Hbf – Wolfsburg Hbf – Stendal – Berlin-Spandau – Berlin Hbf – Berlin OstbahnhofRydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn. 1600 Intercity (NS) Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst 1700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Gouda – Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst 7000 Sprinter (NS) Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst RS 237900 Stoptrein (Keolis) Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst IC 2317900 Intercity (Keolis) Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst RB 6120350 Stoptrein (Keolis) Hengelo – Bad Bentheim – Rheine – Osnabrück Hbf – Bünde – Bielefeld Hbf RS 2431200 Stoptrein (Keolis)Sutfen – Hengelo – Oldenzaal In healoeretsjinst
Kategory:Bouwurk yn Hengelo (Oerisel) Hengelo Kategory:Bouwurk út 1866 Kategory:Bouwurk út 1899 Kategory:Bouwurk út 1951