Jumanji: The Next Level is in Amerikaanske fantasy-aventoerekomeedzje út 2019 ûnder rezjy fan Jake Kasdan, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson, Karen Gillan, Jack Black, Kevin Hart en Awkwafina. De titel betsjut "Jumanji: It Folgjende Nivo". De film makket diel út fan 'e Jumanji-filmsearje en is as sadanich it direkte ferfolch op Jumanji: Welcome to the Jungle, út 2017. It ferhaal folget de fjouwer teenagers út 'e foarrige film, dy't op 'e nij yn it magyske fideospultsje Jumanji bestrûpt reitsje, diskear yn 'e mande mei de pake fan Spencer en dy syn âlde maat Milo. Foar de twadde kear moatte se it spultsje útspylje om wer nei de echte wrâld weromkeare te kinnen. Jumanji: The Next Level krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In nije ferfolchfilm is anno 2023 yn preproduksje.

Plot Twa jier nei harren nuodlike aventoer yn it magyske fideospultsje Jumanji (sjoch: Jumanji: Welcome to the Jungle) sitte de freonen Spencer Gilpin, Anthony "Fridge" Johnson, Bethany Walker en Martha Kaply net mear op 'e middelbere skoalle yn harren berteplak yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, mar binne se útswaarme nei ferskillende universiteiten ferspraat oer de hiele Feriene Steaten. Wylst Martha, Bethany en Fridge de tiid fan har libben hawwe, slagget it Spencer net om nije freonen te meitsjen oan syn universiteit. Krektoarsom, hy is ûnwennich en fielt him dêr ellindich, en dat er fia de sosjale media op yngeande wize de súksessen fan 'e oare leden fan syn freonegroep folgje kin, makket dat er him noch ellindiger en mear allinne fielt. Fan gefolgen lûkt er him hieltyd fierder yn himsels werom. Hy stelt foar om 'e ferkearing mei Martha mar op in leech pitsje te setten en reägearret noch mar amper op 'e berjochten dy't de oaren him stjoere.

Yn 'e krystfakânsje komme Spencer en de oaren allegearre werom yn Nij-Hampshire. Se hawwe ôfpraat om tiid mei-inoar troch te bringen, mar op 'e earste ôfspraak komt Spencer net opdaagjen. Martha, dy't oer him yn noed sit, en Bethany en Fridge geane nei Spencer syn âldershûs om him te sykjen, mar dêr treffe se inkeld Spencer syn pake Eddie, in âldman dy't tydlik by syn dochter ynwennet om op te betterjen fan in heupoperaasje, en dy syn eardere, fan him ferfrjemde freon Milo. Eddie en Milo dreaune foarhinne tegearre in restaurant, mar se krigen spul doe't Milo mei pinsjoen woe, wylst Eddie mei de saak trochgean woe oant er derby delfoel. It restaurant moast ferkocht wurde om Milo syn pinsjonearring mooglik te meitsjen en Eddie hat him dat nea ferjûn.

Spencer liket net thús te wêzen, mar as Martha, Bethany en Fridge in bekend tromroffeljen hearre, begjinne se in fermoeden te krijen wêr't er úthinget. Yn 'e kelder fine se de Jumanji-console, dy't se nei harren eardere aventoer ferneatige tochten te hawwen. No docht bliken dat Spencer it ding neitiid wer opfandele en reparearre hat. De console is dúdlik aktyf, dat de trije freonen beseffe dat Spencer wer yn it spul gien is. Bethany en Martha beprate Fridge om trijeresom efter him oan te gean om him te rêden. De reparaasje is lykwols provisoarysk, dat it spultsje hâldt en draacht him noch nuverder as oars. Ynstee dat se in avatar útsykje meie, wurde se sûnder pardon it spultsje yn sûgd. Dat wol sizze: Fridge en Martha wurde it spultsje yn sûgd, wylst Bethany feralterearre efterbliuwt.

Yn it spultsje is Martha, blykber tafalligerwize, yn har âlde avatar fan 'e krap klaaide froulike kommando Ruby Roundhouse telâne kommen. Fridge wurdt lykwols, ta syn argewaasje, de obese, boekige professor Sheldon "Shelly" Oberon, dy't de lêste kear Bethany har avatar wie. Mar se binne net mei syn twaen, mar mei syn fjouweren. It docht bliken dat pake Eddie en Milo ek it spultsje yn sûgd binne. Eddie is no de grutte, sterke argeolooch en ûntdekkingsreizger dr. Smolder Bravestone (dat earder Spencer syn avatar wie), wylst Milo de lytse soölooch Franklin "Mouse" Finbar wurden is (earder de avatar fan Fridge). Yn 'e echte wrâld besiket Bethany ûnderwilens koartseftich om ek yn it spultsje te kommen. As dat net slagget, giet se út om help.

Nei't Martha en Fridge de sitewaasje en de regels fan it spul ferskate kearen oan pake Eddie en Milo útlein hawwe, komme se it non-player character Nigel Billingsley tsjin, de gids fan it fideospultsje, dy't harren útnûget om by him yn it fleantúch te stappen. Underweis leit er út dat de wrâld fan Jumanji suchtet ûnder in freeslike drûchte. Om it spul te ferlitten, moatte de spilers de drûchte beëinigje troch in magysk halskeatling, it "Falkehert", te bemachtigjen en yn it sinneljocht te hâlden wylst se de namme fan it spultsje sizze. It Falkehert is fan syn rjochtmjittige warder stellen troch kriichshear Jürgen de Brút, in fijân fan dr. Bravestone. Eltse spiler kriget, krekt as earder, wer trije libbens, wêrby't it tal libbens dat noch oer is, as tatoeaazje op 'e earm fan 'e avatar oanjûn stiet. Oan 'e ein fan 'e útlis set Nigel in bommelûk iepen, sadat de fjouwer spilers út it fleantúch falle.

Se komme telâne midden yn in woastyn, dêr't se in autotsjerkhôf fan dunebuggys ûntdekke. Se witte krekt op 'e tiid in pear fan 'e fiertugen oan 'e praat te krijen foar't se efterfolge en oanfallen wurde troch in reuseftige keppel bloedtoarstige strúsfûgels. Nei't se nauwerneed oan 'e dea ûntsnapt binne, witte se in stedsje yn in oäze te berikken, dêr't se Jürgen de Brút foar it earst tsjinkomme. Se moetsje dêr Spencer ek, dy't útleit dat er him sa ellindich fielde oer de stân fan saken yn syn libben, dat er mei opsetsin Jumanji wer aktivearre hat om't er graach wer de dappere, sterke Smolder Bravestone wêze woe, dy't suver barst fan it selsfertrouwen. Ynstee hat it healstikkene spultsje him in nije avatar taparte, dy fan 'e mongoloïde dievegge en ynbrekster Ming Fleetfood. Spencer biedt de oaren syn ûntskuldigings oan foar alles en jout him by harren. Yn 'e echte wrâld giet Bethany nei Alex Vreeke, in âldere Jumanji-spiler dy't tweintich jier yn it spultsje fêstsitten hat (sjoch: Jumanji: Welcome to the Jungle) en freget him om help.

Wannear't de fiif spilers besykje út 'e woastyn te kommen, krije se te meitsjen mei nije útdagings en swierrichheden. Sa moatte se in Jumanji-bei plôkje fan in beam dy't middenyn in poel mei grienich gloedzjend wetter stiet. As Martha en Fridge dêryn falle, docht bliken dat it wetter it mooglik makket om fan avatar te wikseljen, mar de oermoedige Fridge falt der as Ruby Roundhouse fannijs yn, sadat er úteinlik wer einiget as professor Shelly Oberon. Underwilens ûntdekt Milo dat er as Mouse Finbar mei bisten prate kin. Hy ûnderhannelet mei in fiiftal kamielen dy't de groep wol nei de râne fan 'e woastyn bringe wolle.

De groep hat problemen mei de taparting fan avatars. Fridge snapt net hoe't Oberon sels mar relevant is foar it spultsje, wylst Spencer syn skrutenens makket dat er de feardichheden fan Ming net folslein benutsje kin. Milo syn gewoante om mei praten by Berltsum om te gean om ta de saak te kommen, makket dat er soölogyske ynformaasje dy't fan libbensbelang is net fluch genôch trochjaan kin. En Eddie syn stiifkoppigens keppele oan 'e oermoed dy't er fielt no't er Smolder Bravestoen is, kostet de groep ferskate libbens. Underwilens kibje Eddie en Milo oan ien wei troch oer it restaurant en hoe't harren freonskip einige is.

Nei't se troch de kamielen ôfset binne oan 'e râne fan in wâld, komme de fiif spilers by in brede, djippe kleau. Dy moatte se oerstekke fia in rige mei wrak plankewurk beleine toubrêgen, dy't ûnôfhinklik faninoar bewege. Wylst se dat dogge, wurde se oanfallen troch in kliber lulke mandrillen (in grutte soarte apen). Nei in protte swierrichheden witte se úteinlik allegear de oare kant fan 'e kleau te berikken, mar dêr reitsje se ynsletten troch de mandrillen. De apen wurde lykwols op 'e flecht jage troch de oankomst fan Jefferson "Seaplane" McDonough, de avatar fan Alex Vreeke, dy't in grutte swarte hynst beriidt. It docht bliken dat de hynst, Cyclone, ek in avatar is en wol Bethany harres. Dat Milo bisten ferstean kin, komt goed út, want no kin er moai tsjinst dwaan as tolk. Wylst se wat bekomme fan it treffen mei de mandrillen, fertelt Milo oan Eddie dat er terminaal siik is. Dat nijs bringt einlings en te'n lêsten in fermoedsoening ta stân tusken de beide âlde freonen.

As de groep de berch Mount Zhatmire benei komt, dêr't Jürgen de Brút syn haadkertier hat, ûntdekke se in rivier mei itselde grienich gloedzjende wetter as yn 'e poel by de Jumanji-beibeam. De spilers brûke it wetter om fan avatar te wikseljen, sadat se in rol krije dy't better by harren past. Spencer wurdt wer dr. Bravestone, Bethany wurdt professor Oberon en Fridge wurdt Mouse Finbar, wylst pake Eddie einiget as Ming Fleetfood en Milo as de hynst Cyclone. Koarte tiid letter wurde Eddie en Milo finzen nommen troch de trewanten fan Jürgen de Brút.

Spencer, Martha, Bethany, Fridge en Alex ynfiltrearje yn twa groepen it fort fan 'e kriichshear, dêr't Alex mei muoite Cyclone út in healwiis swierbewekke stâl wit te befrijen, wylst Martha en Spencer sûnder muoite pake Eddie út in sel helje. Bethany en Fridge dogge har foar as de bruorren Kababik, dy't in bûnsgenoatskip mei Jürgen de Brút slute wolle, en kringe sa troch ta de kriichshear sels om te besykjen it Falkehert te stellen, dat er om 'e hals draacht. Tusken de bedriuwen troch freget Martha oan Spencer wêrom't er de ferkearing mei har útmakke hat. Hy bychtet op dat har súkses yn alles him noch ûnwisser fan himsels makke. Se bringt him yn 't sin dat as se byninoar hearre har súkses ek sines is en dat men krekt it measte ferlet hat fan freonen as men benaud of ûnwis is.

It bedroch fan Bethany en Fridge komt al rillegau út, en Jürgen de Brút jout opdracht om harren dea te meitsjen. Martha, Spencer en pake Eddie rêde harren lykwols, wêrnei't der algemiene slaanderij útbrekt. Spencer ûntdekt dat Jürgen as iennichste ymmún is foar de klappen fan dr. Bravestone, mar ek dat Jürgen syn iennichste swakke punt de Jumanji-bei is dy't Bravestone noch altyd yn 'e bûse hat. Jürgen de Brút besiket te ûntkommen yn in loftskip, mar Spencer efterfolget him, klimt oan board en ferslacht him mei de Jumanji-bei. Dêrnei nimt er him it Falkehert ôf foar't er him te pletter falle lit. It docht bliken fat Cyclone net samar in hynst is, mar in pegasus. As pake Eddie op 'e rêch fan it fleanende hynder nei Spencer ta fljocht, smyt dy him it Falkehert ta. Milo fljocht boppe it wolketek út, sadat it juwiel fan it halskeatling yn it sinneljocht holden wurdt, en Eddie sprekt it wurd "Jumanji" út, wêrmei't de spilers it spultsje foltôge hawwe.

It Falkehert wurdt oerdroegen oan Nigel, dy't it werombringe sil nei it plak dêr't it thús heart. Spencer, Martha, Fridge, Bethany, Alex en pake Eddie keare dêrop werom nei de echte wrâld, mar Milo beslút yn 'e foarm fan Cyclone yn it spultsje te bliuwen, mei't him yn 'e echte wrâld inkeld de dea wachtet. Wer thús bringt Spencer mear tiid troch mei syn pake en leart er de âldman om fideospultsjes te spyljen. Jûns geane se nei it restaurant Nora's, dat foarhinne Milo & Eddie's hiet, dêr't se Martha, Fridge en Bethany treffe. Spencer en Martha binne no wer in pearke. Mei de smeulende blik dy't er oernommen hat fan syn avatar Smolder Bravestone wint Eddie de belangstelling fan 'e nije eigner Nora. It docht bliken dat sy ferlegen sit om in bedriuwslieder mei ûnderfining, en net ien dy't safolle ûnderfining hat as pake Eddie.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, komt in monteur by Spencer syn mem del om 'e ferwaarming te reparearjen, dy't de hiele tiid al stikken wie. Yn 'e kelder ûntdekt de man, dy't in grut fan fan fideospultsjes blykt te wêzen, de console fan Jumanji. Koarte tiid letter wurde Spencer en syn freonen by Nora's opskrikt as de in keppel strúsfûgels foar de ruten lâns draaft.

Rolferdieling haadrollen