Georges Levy G.L.40 250px Rol Ferkenningsfleanmasine Makker Hydravions Georges Lévy Untwerper Blanchard en Le Pen Earste flecht 1917 Yn tsjinst 1918 Ut tsjinst 1926 Tal makke 550 Grutste brûkers Frânske loftmacht, Finske loftmacht, Belgyske loftmacht

Georges Levy G.L. 40 HB2 wie in trijesits Frânsk, amfibysk fleantúch dat ûntwurpen waard yn 1917. It tastel wie in ûntwerp fan Blanchard en Le Pen en dêrom waard it tastel ek wol de Lévy-Le Pen neamd. Le Pen wie Maurice Jules-Marie Le Pen berne yn Lorient, Morbihan, Frankryk yn 1889; hy kaam om by in auto-ûngelok yn 1919. Der waard útholden dat dit it bêste Frânske amfibyske fleantúch fan de Earste Wrâldoarloch wie, mar dat is wierskynlik te witen oan de leechskalige produksje fan sokke fleantugen yn Frankryk yn dy tiid. Taylor and Alexander 1969, siden 104-105.

De Finske loftmacht kocht 12 Georges Levy G.L. 40 HB2's, mar se wiene der net bliid mei. Trije tastellen giene ferlern yn ûngelokken dy 't libbens easken - en it tastel krige de bynamme "de fleanende deakiste" yn de jierren 1920.

Yn 1920 sette it Belgyske regear mei in loftfeartmaatskippij útein yn it doetiidske Belgyske Kongo. Dy Ligne Aérienne du Roi Albert (LARA) eksploitearre seis Levy-Lepen wetterfleantugen oer de rivier de Kongo fan Leopoldville (no Kinshasa) streamôf nei Stanleyville (no Kisani) oer in ôfstân fan 1725 kilometer. De flechten begûnen yn juny 1921 en waarden ien of twa jier letter staakt.

Spesifikaasjes (G.L. 40 HB2)Heinonen, Timo (1992). Thulinista Hornetiin – 75 vuotta Suomen ilmavoimien lentokoneita. Tikkakoski: Keski-Suomen ilmailumuseo. ISBN 951-95688-2-4. Algemien Bemanning: 2 of 3 Lingte: 12,4 m Spanwiidte: 18,5 m Hichte: 3,85 m Fleugeloerflak: 68,75 m2 Gewicht leech: 1,450 kg Maks. gewicht by opstigen: 2,350 kg Oandriuwing: 1 × Renault 12Fe V-12 wetterkuolle motor, 224 kW (300 hk) Propellers: ien 4-blêdige fixed-pitch triuwpropeller

Prestaasjes Maks. faasje: 145 km/o Krúsfaasje: 115 km/o Fleanberik: 400 km Tsjinstplafond: 3,505 m (11,499 ft) Bewapening Geskut: 1 × masinegewear Bomlading: 200 kg (440 lb) bommen

Kategory:Fleanmasine yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Frânske ferkenningsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1917