Stasjon Dedemsfeart (Ddv) wie in stasjon oan de Steatsline A yn de buert fan Rouveen yn de gemeente Staphorst yn de provinsje Oerisel. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. It stasjon wie op it plak dêr't it spoar de Dedemsfeart krúst.

Gebou It stasjonsgebou kaam yn 1865 ree, en waard iepene op 1 oktober 1867 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A oanlein wie. Yn 1893 is oan de rjochterkant in fleugel oanboud. It stasjon waard sletten yn 1938 en it stasjonsgebou waard yn 1952 ôfbrútsen. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen.

Dedemsvaart Kategory:Bouwurk út 1865 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1952