The Acolyte, of Star Wars: The Acolyte, is in Amerikaanske minysearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. De titel betsjut "De Akolyt" (in akolyt is in soarte fan learling). Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje likernôch 100 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De earste ôfleverings fan The Acolyte kamen op 4 juny 2024 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+.
Untstean By de premiêre fan 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, yn desimber 2019, waard senarioskriuwster foar tillefyzjesearjes Leslye Headland frege nei har ynteresse foar de Star Wars-franchise. Se antwurde dat se in grutte fan wie en dat se in protte ideeën foar fierdere films hie, oan 'e produksje wêrfan't se mei gragens meiwurkje wolle soe as se dêrfoar frege waard.
Neitiid naam Kathleen Kennedy, de algemien direktrise fan filmstudio Lucasfilm, kontakt mei har op foar in oriïntearjend petear. Tsjin april 2020 wie Headland as senarioskriuwster en produsinte ferbûn oan 'har eigen' live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise. Op 10 desimber fan dat jier makke Kennedy bekend dat it gie om in searje mei in froulike haadpersoan dy't spylje soe oan 'e ein fan it tiidrek fan 'e Hege Republyk. Ek waard de titel buorkundich makke, dy't The Acolyte wêze soe.
Produksje The Acolyte waard ûntwikkele troch Leslye Headland en Rayne Roberts. Hja putten dêrfoar ynspiraasje út ferskate romans en fideospultsjes fan 'e Star Wars-franchise. Roberts en Damian Anderson wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar Lucasfilm. Yn 'e mande mei Kathleen Kennedy, Simon Emanuel, Jeff F. King en Jason Micallef hie Headland as útfierend produsinte it tafersjoch oer de hiele produksje. The Acolyte waard makke op basis fan senario's skreaun troch Headland, Charmaine DeGraté en Cameron Squires.
De opnamen foar The Acolyte setten op 30 oktober 2022 útein mei Headland, Alex García López en Kogonada as regisseurs fan elts ferskate ôfleverings, en mei James Friend as kameraregisseur. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Shinfield Studios yn it Ingelske greefskip Berkshire. In protte fan 'e bûtendoarsênes waarden dêr ek opnommen troch gebrûk te meitjsen fan 'e troch special effects-bedriuw Industrial Light & Magic foar de searje The Mandalorian ûntwikkele StageCraft-technology. (Dêrby wurde firtuele filmsets brûkt tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen.) Fan mids maart 2023 oant de ein fan dy moanne fûnen der bykommende opnamen op lokaasje plak op it Portegeeske eilân Madeara.
De distribúsje fan The Acolyte waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. De searje hie de foarm fan in minysearje fan acht ôfleverings, dy't útbrocht waard fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. De earste ôfleverings koene dêr op 4 juny 2024 besjoen wurde.
Utgongspunt fan 'e plot The Acolyte spilet oan 'e ein fan it tiidrek fan 'e Hege Republyk, likernôch 100 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De haadpersoan is in út 'e Jedi Oarder stapte padawan, dy't weriene wurdt mei har eardere Jedi-master om in rige misdriuwen te ûndersykjen yn in wrâld dêr't âlde geheimen oan it ljocht komme en de tsjustere kant fan de Krêft him stadichoan iepenbieret. De machten dy't de beide haadpersoanen mei harren ûndersyk op it spoar komme, binne folle sinisterder as se ea tinke kinnen hiene.
Rolferdieling personaazje akteur/aktrise Osha en Mae Aniseya (twilling) Amandla Stenberg Sol Lee Jung-jae Yord Fandar Charlie Barnett Jecki Lon Dafne Keen Vernestra Rwoh Rebecca Henderson mem Aniseya Jodie Turner-Smith Indara Carrie-Anne Moss Qimir Manny Jacinto Torbin Dean-Charles Chapman Kelnacca Joonas Suotamo mem Koril Margarita Levieva Mog Harry Trevadwyn Rayencourt David Harewood Tasi Lowa Thara Schöön Rane Amy Tsang Eurus Abigail Thorn Ki-Adi-Mundi Derek Arnold Bazil Hassan Taj
Seizoenen seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk184 juny 202416 july 2024 Disney+
Keppelings om utens Ynformaasje oer The Acolyte yn 'e Internet Movie Database
Acolyte Kategory:Amerikaanske science fiction-searje Kategory:Amerikaanske aventoeresearje Kategory:Amerikaanske aksjesearje Kategory:Amerikaanske fantasysearje Kategory:Science fiction-aventoeresearje Kategory:Science fiction-aksjesearje Kategory:Science fiction-fantasysearje Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Fiktyftalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 2024 Kategory:Telefyzjesearje fan Lucasfilm Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens Kategory:Telefyzjesearje oer robots Kategory:Telefyzjesearje oer tsjoenderij