Stasjon Horst-Sevenum (Hrt) is in stasjon yn de Nederlânske doarp Hegelsom yn de gemeente Horst oan de Maas. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Gebou It stasjonsgebou kaam yn 1864 ree, en waard iepene op 1 oktober 1866 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1870 is der oan beide kanten in koarte fleugel oanboud, yn 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegeneheid en bêd en brochje.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 3500 Intercity (NS) Skiphol Airport – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Horst-Sevenum – Venlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. 3700 Intercity (NS) Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Horst-Sevenum – VenloRydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. 13500 Intercity (NS)Eindhoven Sintraal – Helmond – Horst-Sevenum – Venlo Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt.
Kategory:Bouwurk yn Horst oan de Maas Echt Kategory:Bouwurk út 1862