Stasjon Sittard (Std) is in spoarweistasjon yn Sittard en waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Limboarchske stêd is yn 1993 it tredde stasjonsgebou sûnt 1865 iepene.

Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Sittard om en de by 1905 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Sittard yn 1970 It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 21 novimber 1865 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fjirde Klasse. En wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1885 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in lange fleugel byboud en kaam der in part oan de foarkant. Yn 1903 waard de rjochterfleugel fergrutte en fan it oarspronklike gebou wurdt it dak ferhege. It dak fan it haadgebou ûndergiet in wiziging. De "knik" ferdwynt.

Yn 1923 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Schelling. Dit wie it earste stasjonsgebou yn Nederlân mei allinnich platte dakken. It gebou hie in heech middendiel mei twa legere wjukken dy't wat nei foaren stiene foar it middendiel.

It stasjonsgebou út 1923 waard yn 1993 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt J.A. van Belkum krekt as by it amstelstation waard de stationshal heaks op de spoaren pleatst. It stasjon falt op fanwgen syn weagjende dak mei glêzen puien. Yn 1996 krige it stasjon liften sadat it stasjon ek tagonklik waard foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster800Intercity (NS)Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – De HelderRydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.2900Intercity(NS)Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – MaastrichtRydt allinnich yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.3900Intercity(NS)Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – HeerlenRydt op freed oant en mei snein oant 18:00 oere, net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900. 13900 Intercity (NS) Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – HeerlenAlinne freedtenachtsRS 1232400Stoptrein (Arriva)Maastricht Randwyck – Maastricht – Sittard – RoermondRS 1532500Stoptrein (Arriva)Sittard – Heerlen 32700 Nachttrein (Arriva) arriva.nl, Dienstregeling NachttreinMaastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Skiphol AirportAlinne freedtenachts

Kategory:Bouwurk yn Sittard-Geleen Helmond Kategory:Bouwurk út 1862 Kategory:Bouwurk út 1923 Kategory:Bouwurk út 1993