Stasjon Echt (Ec) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Echt yn de provinsje Limburch. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Gebou It stasjonsgebou kaam yn 1862 ree, en waard iepene op 21 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1884 is der oan beide kanten in fleugel oanboud, yn 1911 krige it middenpart der in ferdjipping by. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1949 waard it stasjon op 1 maaie weriepene. It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as winkel.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 1232400Stoptrein (Arriva)Maastricht Randwyck – Maastricht – Sittard – Echt – Roermond
Kategory:Bouwurk yn Echt-Susteren Echt Kategory:Bouwurk út 1862