thumb|Lieders fan Wyt-Ruslân, Ruslân, Dútslân, Frankryk en Oekraïne yn febrewaris 2015 yn Minsk, Wyt-Ruslân. De Minsk-akkoarten of Minsk-ôfspraken wiene in oantal ynternasjonale oerienkomsten dy't besochten de Donbasoarloch tusken it leger fan Oekraïne en de bewapene Russyske groepen te einigjen. De earste, it Minsk Protokol (ek wol "Minsk I"), waard yn 2014 opsteld en tekene op 5 septimber 2014 yn Minsk, Wyt-Ruslân, mei as doel in wapenstilstân yn te fieren.https://www.bbc.com/news/world-europe-29290246 (argyf) Nei ferskate oertredings fan it wapenstilstân oan beide kantenhttps://www.cbc.ca/news/world/ukrainian-peace-talks-lead-to-buffer-zone-deal-1.2772573 (argyf) bruts de striid wer út yn jannewaris 2015https://www.theguardian.com/world/2015/jan/21/russia-ukraine-war-fighting-east (argyf)https://tass.com/world/773095 (argyf) wat resultearre yn in neije oerienkomst, Minsk II, dy't tekene waard op 12 febrewaris 2015.https://www.bbc.com/news/world-europe-31435812 (argyf) Yn begjin 2022, ferklearre Vladimir Pûtin dat de Minsk-ôfspraken "net mear bestean"https://www.bbc.com/news/world-europe-60488037 (argyf) wernei't hy op 24 febrewaris 2022 Oekraïne oanfoel.https://www.aljazeera.com/news/2022/2/24/putin-orders-military-operations-in-eastern-ukraine-as-un-meets (argyf)

Kategory:Russysk-Oekraynske Oarloch Kategory:Ferdrach út 2015 Kategory:Ferdrach mei de Oekraïne Kategory:Ferdrach mei Ruslân Kategory:Minsk