De Ku Klux Klan (útspr.: [ˌkuːklʌksˈklæn], likernôch: "kûû-klaks-klên"), is in beruchte, yllegale, paramilitêre, terroristyske, rjochts-ekstremistyske groepearring yn 'e Feriene Steaten. De namme fan 'e groepearring wurdt gauris ôfkoarte ta KKK en ek wol ferkoarte ta "de Klan" (om't it gewoane wurd "clan" yn it Ingelsk mei in c stavere wurdt). In oare beneaming is it Invisible Empire ("it Unsichtbere Ryk") of it Invisible Empire of the Ku Klux Klan. Mei't der net ien inkele KKK-groep bestiet, mar ferskaten njonkeninoar, kin eins net sprutsen wurde fan in organisaasje, mar is de oantsjutting 'beweging' hjir mear fan tapassing. De KKK is fan âlds it meast aktyf yn it Amerikaanske Suden en ûnderskiedt him fan oare ekstremistyske organisaasjes mei in fierhinne gelikens gedachteguod trochdat leden har op gearkomsten klaaie yn lange wite mantels en kegelfoarmige hege wite puntmûtsen dêr't in anonimisearjend (wyt) masker oan befêstige is dat oer it gesicht hinne hinget.
De beweging waard yn 1865, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, foar it earst oprjochte en hat sûnt yn trije ûnderskate ynkarnaasjes bestien, te witten de earste Klan (1865-1872), de twadde Klan (1915-1944) en de trêde Klan (fan 1946 ôf). Hoewol't de KKK benammen bekend stiet om 'e ferfolging fan negroïde minsken omreden fan harren hûdskleur, keart de beweging him ek tsjin Joaden, Latino's, Yndianen, Aziaten, blanken dy't in relaasje hawwe mei immen fan in oar ras, roomsen, moslims, ateïsten, homo's, feministen, ymmigranten, sosjalisten, kommunisten, fakbûnsleden en foarstanners fan it rjocht op abortus, eutanasy en it homohoulik. By harren aksjes skrilje KKK-leden net tebek foar it gebrûk fan geweld of sels foar moard.
Namme De namme "Ku Klux Klan" waard nei alle gedachten foarme troch it Grykske wurd κύκλος, kyklos ("sirkel") te kombinearjen mei it fan oarsprong Keltyske wurd "clan" (dat "famyljegroep" betsjut). Kyklos wie earder yn it Amerikaanske Suden brûkt foar oare organisaasjes, lyks de Kuklos Adelphon. In faak hearde teory, dat it "Ku Klux"-part fan 'e namme "Ku Klux Klan" basearre is op it lûd dat it trochladen fan in jachtgewear makket, is nei alle gedachten net wier.
Skiednis Earste Klan Oprjochting as heareklub Yn 'e skiednis fan 'e Ku Klux Klan hawwe trije ûnderskate Klans bestien. De earste Klan waard op 24 desimber 1865, sa'n trije fearnsjier nei de kapitulaasje fan 'e (súdlike) Konfederearre Steaten fan Amearika yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, oprjochte yn Pulaski, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee. De oprjochters wiene seis âld-ofsieren út it Konfederearre Leger: Frank McCord, Richard Reed, John Lester, John Kennedy, J. Clavin Jones en James Crowe. Harren organisaasje begûn as in heareklub dy't alteast foar in part ynspirearre wie troch de doe fierhinne ophefte Sons of Malta. De groep ûntliende yn elts gefal dielen fan syn inisjaasjerite oan dy eardere organisaasje. Bespotlike ûntgrienings, it ferbjusterjen fan publike belangstelling en it fermaak fan 'e leden wiene op dat stuit de iennichste doelen fan 'e KKK.
De ynfiering fan it dragen fan lange kladen mei maskere puntmûtsen datearret út dy begjintiid, al wie dy dracht doe net wyt. it is net dúdlik wêr't de kladen en puntmûtsen wei kamen; der wurdt wol sein dat se oernommen waarden fan 'e (swarte) kladen mei (swarte) maskere puntmûtsen dy't boetelingen drage by beskate roomske prosesjes yn Spanje. It is ek mooglik dat it dragen fan sokke klean tebek giet op 'e unifoarmen dy't droegen waarden by Mardi Gras-fierings yn it Amerikaanske Suden yn it Antebellum-tiidrek.
Feroaring yn in paramilitêr geheim genoatskip Nei't it skynt feroare de KKK fan april 1867 ôf stadichoan fan aard oant it in op paramiltêre least skuoid geheim genoatskip wurden wie. Yn it Tiidrek fan 'e Weropbou waarden oan 'e eardere negerslaven deselde minskerjochten taparte as oan 'e blanken. Yn it Amerikaanske Suden wiene rike blanken it dêr net mei iens om't se de swarten útsoarte noch altyd as harren slaven seagen. Paradoksaal genôch wiene de earme blanken, dy't nea slaven hân hiene, der noch folle mear op tsjin, om't de gelykberjochtinging fan swarten har de iennichste maatskiplike status ûntnaam dy't se oant dy tiid ta hân hiene. Sadwaande kamen de leden fan 'e KKK meitiid ta de konklúzje dat der dochs noch earnstich wurk foar harren te dwaan wie. En dat wie de swarten tebeksette nei it plak dat se yn 'e sosjale hierargy fan it Suden altyd ynnommen hiene: hielendal ûnderoan.
Groei en ynfloed Hoewol't der net folle organisasjonele struktuer bestie boppe it pleatslike nivo, ûnstiene der oeral yn it Suden soartgelikense groepearrings, dy't deselde namme en deselde metoaden oannamen. It wie in soarte fan fersetsbeweging dy't de supremasy fan it blanke ras útdroech, en dy't him behalven tsjin swarten "dy't har plak net koene" ek kearde tsjin saneamde carpetbaggers: blanken út it Noarden dy't de minsken yn it Suden even fertelle soene hoe't se harren maatskippij ynrjochtsje moasten of dy't op opportunistyske wize besochten te profitearjen fan 'e ynstoarting fan 'e Súdlik ekonomy troch de nederlaach yn 'e Boargeroarloch. Yn 1868 waard de eardere Konfederearre generaal Nathan Bedford Forrest keazen as de earste grand wizard ("gruttsjoender") fan 'e Ku Klux Klan, wêrnei't er bewearde de nasjonale lieder fan 'e beweging te wêzen dy't spriek foar alle pleatslike groepearrings (wat nei alle gedachten net sa wie).
Mei't de Boargeroarloch oantoand hie dat in iepen opstân tsjin it Noarden om 'e nocht wie, operearre de KKK yn it Tiidrek fan 'e Weropbou yn it ferhoalene. De leden wiene it leafst ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster aktyf en holden fêst oan 'e kostúms foar inisjaasjeriten út 'e tiid fan 'e hearesosiëteit om't dy in anonimisearjend effekt hiene. As klandestine figilantes diene se har temûke wurk, wêrby't se de sosjale sitewaasje yn it Amerikaanske Suden safolle mooglik besochten werom te draaien nei de status quo ante fan foar de Boargeroarloch. Dat waard yn earste ynstânsje dien troch bedrigings en yntimidaasje, bgl. troch gefallen fan brânstifting, en as dat net wurke, troch it gebrûk fan geweld. Sels gefallen fan moard yn 'e foarm fan lynchings giene se net út 'e wei. De slachtoffers wiene swarten dy't polityk aktyf wiene, en dêropta blanke Noardlike "ynslûpers" en blanke Súdlike sympatisanten fan 'e earste beide groepen.
Resultaten en ûnderdrukking De earste Klan behelle mingde resultaten mei syn yllegale aktiviteiten. Oan 'e iene kant slagge it om it politike liederskip fan 'e swarte mienskip yn it Suden slim te ferswakjen troch sawol moard as súksesfolle yntimidaasje, dy't derta late dat guon swarte foaroanmannen har út 'e polityk weromloeken of it Suden ûntflechten. Oan 'e oare kant rôp de Ku Klux Klan in skerpe reäksje fan 'e Amerikaanske federale oerheid oer himsels ôf, wêrby't spesjaal om 'e misdriuwen fan 'e KKK te bestriden de Enforcement Acts as wetten oannommen waarden. Dat joech oerheidstsjinsten fiergeand foech om ûnmeilydsum tsjin Klanleden en fermiende Klanleden fanwegen te kommen. Op dy wize wie tsjin 1872 de oarder yn it Suden werombrocht en de KKK ûnderdrukt. Dat woe net sizze dat dêrmei de ideology fan 'e KKK ek ûnderdrukt wie. Fan 1874 ôf ûntstiene soartgelikense organisaasjes yn it Suden, lykas de White League, dy't begûn yn Louisiana, en de Red Shirts, dy't har út Mississippy wei ferspraten. Dy organisaasjes wiene nau ferbûn oan 'e doetiidske Demokratyske Partij yn it Suden, dy't oant yn 'e 1960-er jierren in rasistyske ynstelling bleau.
Twadde Klan Oprjochting De twadde ynkarnaasje fan 'e Ku Klux Klan waard yn 1915 op Stone Mountain yn Georgia oprjochte troch William Joseph Simmons. Wylst dyselde him ferliet op dokuminten fan 'e earste Klan en op 'e oantinkens fan guon âlden fan dagen dy't dêr sels lid fan west hiene, wie de twadde Klan dochs yn hege mjitte basearre op it ferhearlikjende en mytologisearre byld dat de tige populêre film The Birth of a Nation (1915), fan regisseur D.W. Griffith, fan 'e earste Klan joech.
Kostúms en baarnende krusen Sa hie de earste Klan nea gebrûk makke fan ankellange kladen en maskere puntmûtsen dy't wyt wiene, noch hie de earste Klan krusen baarnd. Dy aspekten waarden yntrodusearre yn 'e roman The Clansman: A Historical Romance of the Ku Klux Klan fan Thomas Dixon jr., dêr't Griffith him yn syn film op basearre. Yn elts gefal makken de anonimisearjende kostúms fan 1915 ôf grutskalige iepenbiere gearkomsten mooglik. Dêrby gie it yn 't bysûnder om yntimidearjende optochten troch de strjitten en seremoanjes wêrby't krusen baarnd waarden.
Dat lêste wie in oare yntroduksje dy't de twadde Klan folslein omearme as in dramatysk fertoan fan symbolisme mei in ûndertoan fan yntimidaasje, fral as it op it hiem dien waard fan immen tsjin wa't de KKK wat hie. It waard in symboal fan it kwasy-kristlik boadskip fan 'e KKK, faak mank geand mei it sjongen fan hymnen en oare iepentlike religieuze ferrjochtings. Dixon, de betinker hjirfan, ûntliende it yn syn roman The Clansman oan 'e Crann Tara, it ûnder de wapens roppen fan 'e Skotske clans, wêrby't in lid fan 'e clan mei in baarnend krús yn 'e hân troch de hiele clangerjochtichheid ried.
Nije doelwiten Behalven nije metoaden en gebrûken hie de twadde Klan ek nije doelwiten dêr't er him op rjochte. Behalven swarten en harren blanke sympatisanten kearde de KKK him no ek tsjin roomsen, Joaden, sosjalisten, oanhingers fan 'e evolúsjeteory, liberalen en ymmigranten lykas Italjanen, Poalen, Litouwers en Russen (fan wa't de measten òf roomsk òf Joadsk wiene). De twadde Klan wie in fûnemintalistysk protestantske beweging mei in militante ôfkear fan moderne ideeën yn it algemien en in belied fan geweld en yntimidaasje tsjin alles en eltsenien dy't net as hûndert persint Amerikaansk sjoen waard. Dêrnjonken stie it foar in tige kekene maatskippij wêryn't it neilibjen fan 'e strange noarmen en wearden, sa't de KKK dy seach, ôftwongen wurde moast, by need mei geweld. Behalven om it near te lizzen op bgl. oerhoer en skieding wie ek in strangere oplizzing fan 'e Drûchlizzing yn de Feriene Steaten ien fan 'e easken fan 'e KKK.
Mei dat lêste idee kaam de KKK, dy't him foarstean liet op it neilibjen fan 'e tradysjes fan it Amerikaanske Suden, yn oanfarring mei in oare tradysje dêre, te witten fan moonshining, it eigenhannich en yllegaal stoken fan sterke drank. Guon pleatslike groepen fan 'e KKK drigen mei geweld tsjin rum runners (lju dy't de eigenstookte sterke drank ferspraten) en oaren dy't se kwalifisearren as "notoire sûnders". Harren tsjinstanners ferienen harsels dêrop yn in oare militante paramilitêre organisaasje, de Knights of the Flaming Circle ("Ridders fan 'e Lôgjende Rûnte"), ek wol bekend as de Red Knights ("Reade Ridders"), dy't by ferskate gelegenheden mei grou geweld reägearren op 'e provokaasjes fan 'e KKK.
Lanlike groei en heechtijdagen Fan 1921 ôf naam de Ku Klux Klan in modern sakemodel oan en makke de beweging gebrûk fan foltiids betelle rekrutearringsofsieren om oan nije leden te kommen. Nei bûten ta presintearre de KKK himsels as in manljussosiëteit, dêr't der yn 'e Feriene Steaten yn 'e 1920-er jierren in hiel soad fan wiene. It lidmaatskip naam op dy manear fluch ta. Binnen in pear jier wreide de beweging him út nei eltse Amerikaanske steat (Alaska en Hawaï wiene doe noch gjin steaten). De KKK hie ek in promininte oanwêzigens yn in soad grutte stêden, net inkeld yn it Suden, de tradisjonele bakermatte fan 'e beweging, mar ek oan 'e noardeastkust, de westkust en yn it Midwesten. De beweging krong ek troch yn Kanada, dêr't benammen yn Saskatchewan yn 'e jierren 1926-1928 oanhing kaam omreden fan 'e troch de Angelsaksyske Kanadezen as bedriigjend ûnderfûne ymmigraasje fan lju út East-Jeropa.