Green Book is in Amerikaansk-Sineeske histoaryske biografyske komeedzjedramafilm en roadmovie út 2018 ûnder rezjy fan Peter Farrelly, mei yn 'e haadrollen Viggo Mortensen en Mahershala Ali. De titel betsjut "Grien Boek" en ferwiist nei The Negro Motorist Green-Book, in reisgids dy't tusken 1936 en 1966 útbrocht waard foar swarten dy't troch it segregearre Amerikaanske Suden reizgen. It ferhaal, dat ynspirearre is troch wiere foarfallen, giet oer de New Yorkske útsmiter fan Italjaansk komôf Frank Vallelonga, byneamd "Tony Lip". Dyselde wurdt yn 1962 ynhierd as sjauffeur en liifwacht fan 'e Afro-Amerikaanske pianist Don Shirley, as dy op toernee giet troch it Suden fan 'e Feriene Steaten. Green Book waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en krige fan 'e filmkritisy oer it algemien loovjende resinsjes. De film wûn trije Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje), in Screen Actors Guild Award en in BAFTA. Yn 'e bioskopen wie Green Book ek kommersjeel tige súksesfol.
Plot Yn it New York fan 1962 siket útsmiter Frank Vallelonga, byneamd "Tony Lip", nei tydlik wurk om himsels, syn frou Dolores en syn soannen Nick en Frank jr. itende te hâlden, mei't syn nachtklub, de Copacabana, in fearnsjier ticht giet foar renovaasjes. Hy wurdt útnûge foar in sollisitaasjepetear by in dokter Don Shirley, dy't lykwols gjin genêskundich dokter, mar in doktor yn 'e musikology blykt te wêzen. Don is in briljante negroïde pianist en in muzikaal wûnderbern, dy't op syn sechsde al konserten joech. Syn talint hat him gjin wynaaien lein, en hy is smoarryk. Mei de blanke sellist Oleg en kontrabassist George foarmet er it Don Shirley Trio, wêrmei't er fan doel is op in acht wiken duorjend toernee te gean troch it Amerikaanske Midwesten en it Amerikaanske Suden. Dêrfoar siket er in sjauffeur en assistint. It oaninoar keppeljen fan Tony en Don is foar net ien fan beiden botte oanloklik. De rasistyske Tony hat neat op mei swarten, mar hy hat ferlet fan ynkommen. Don is net ûnder de yndruk fan Tony syn persoanlikheid, mar beslút him yn te hieren op basis fan 'e goede referinsjes dy't er oer him krigen hat. Hy komt lykwols pas ta syn beslút nei't er, ta Tony syn ferheardens, Dolores opskille hat om te freegjen oft sy it wol goed fynt dat er har man acht wiken lang meinimt op 'en paad.
Se sette ein oktober tegearre yn in troch Don syn platemaatskippij oanlevere auto ôf út New York, wylst Oleg en George yn in eigen auto reizgje. It plan is om op krystjûn wer thús te kommen. Fan 'e platemaatskippij hat Tony wegekaarten krigen en teffens in eksimplaar fan The Negro Motorist Green-Book, in reisgids oer it segregearre Amerikaanske Suden, dêr't alle motels, restaurants, garaazjes en benzinestasjons yn opnommen binne dêr't swarten wolkom binne. It toernee begjint yn Pittsburgh, yn it westen fan 'e steat New York, en folget dan in rûte troch Ohio, Indiana, Illinois en Iowa foar't der ôfbûgd wurdt nei it Suden, wêrnei't de reis troch Kentucky, Noard-Karolina, Georgia, Tennessee, Arkansas, Louisiana, en Mississippy giet, om te einigjen yn Alabama.
Underweis botse Tony en Don op 'e earste dei al, en dat boazet geandewei de reis troch it Midwesten allinne mar fierder oan. Don, dy't wat in arrogante snob is, giet omreden fan syn maatskiplik súkses mei de heechste Amerikaanske fermiddens om; sa hat er ferskate kearen in optreden fersoarge yn it Wite Hûs foar presidint John F. Kennedy. Hoewol't er fan ienfâldich komôf is, hat er him dêr troch syn muzikaal talint as jong bern al oan ûntwraksele en hat er der amper noch oantinkens oan. Hy is in deftige hear mei in ferfine smaak, dy't frijwol gjin bining hat mei de Afro-Amerikaanske kultuer. Tony, oan 'e oare kant, is in folkske keardel fan etnysk Italjaansk komôf, dy't seit wêr't it op stiet en der net foar tebekskrillet om geweld te brûken as er dat nedich achtet. Hy hat der gjin nocht oan wannear't Don syn dwaan en litten bekritisearret, wylst Don ûntefreden is oer Tony syn faak ûnfatsoenlike hâlden en dragen.
Op it toernee troch it Midwesten rekket Tony oprjocht ûnder de yndruk fan Don syn talint foar pianospyljen. Ek begjint er te beseffen hoe'n iensum bestean Don liedt, mei't er net tusken de gewoane Afro-Amerikanen past, mar omreden fan syn hûdskleur ek net akseptearre wurdt troch oare leden fan syn eigen maatskiplike klasse. Neigeraden dat de reis foarderet en se inoar better kennen leare, fine de beide mannen in soarte fan rûtine dêr't se allebeide mei libje kinne. Tony besiket Don yn 'e kunde te bringen mei syn eigen Afro-Amerikaansk erfskip, lykas frituerde hin en de muzyk fan û.o. Little Richard en Ella Fitzgerald. Oarsom biedt Don oan om Tony te helpen mei de brieven dy't er oan Dolores stjoert. Yn 't earstoan hawwe dy in ynhâld yn 'e trant fan "Hoe giet it mei dy? Mei my giet it goed." Nei't Don him dermei bemuoit en de tekst diktearret, skriuwt Tony ynienen yn romantyske fiergesichten dy't er ferliket mei de kwaliteiten fan syn frou, wylst er har syn ivige leafde beswart. Dolores springe de triennen yn 'e eagen as se dy brieven lêst, en se hellet har freondinnen derby om se foar te lêzen, wêrnei't dy ek sokke brieven fan harren respektivelike mannen easkje.
Wannear't it toernee it Amerikaanske Suden yn giet, rekket Tony almar mear ûntset oer de diskriminearjende behanneling dy't Don ûntfangt fan syn gasthearen en willekeurige blanken as er net op it poadium efter de piano sit. Op in jûn yn Kentucky, as er út syn suterige motel ferdreaun wurdt troch syn eigen ûnnoflikens foar de oare swarte motelgasten oer, dy't kontakt mei him besykje te lizzen, bedarret er by fersin yn in kroech dêr't inkeld blanken talitten wurde. Hy wurdt dêr troch in groep blanke bargasten yninoar slein en bedrige. Kontrabassist George, dy't dêr tafallich foarby komt, hastiget him nei Tony ta. Dy giet nei de kroech ta en bedriget de bargasten mei in pistoal dat er op 'e rêch, ûnder syn kolbêrjaske, by de broeksbân yn stutsen hawwe soe (mar nea te foarskyn hellet), oant se it wisse foar it ûnwisse nimme en Don gean litte. Neitiid drukt Tony Don op it hert om der de rest fan it toernee net wer sûnder him op út te gean.
As se op in stuit in motelkeamer diele, reitsje de beide mannen oan 'e praat oer famylje. Dan docht bliken dat Don eins in broer hat, fan wa't er alhiel ferfrjemde rekke is. Hy ferwachtet fan syn broer dat dy it inisjatyf ta fermoedsoening nimme sil. Tony hâldt him foar dat de wrâld smoarfol sit mei iensume, benaude minsken dy't wachtsje oant in oar de earste stap set, en besiket him oan te trúnjen sels kontakt mei syn broer op te nimmen. Don wifelet oer wat er dwaan sil.
Yn Macon (Georgia) komme Tony en Don by in kleanwinkel lâns dêr't in kreas pak yn 'e etalaazje hinget. Tony bepraat Don om it te passen, mar sadree't de winkelbetsjinde foar it ferstân kriget dat it pak foar Don is, jout er harren te ferstean dat se it pak dan earst keapje moatte foar't it past wurde kin, want, sa is de ymplikaasje, in pak dat troch in swartenien past is, kin dêrnei net mear oan blanken ferkocht wurde. Dyselde jûns wurdt Tony yn syn hotelkeamer opskille troch de pleatslike plysje. It docht bliken dat Don trappearre is yn it pleatslike swimbad, dêr't er in homoseksuele moeting mei in jonge blanke man hie. De arrestearjende plysjes binne rasistysk en homofoob, mar Tony kin harren mei wurden wol oer en keapet har om, sadat se de beide mannen gean litte.
De oare deis, yn Memphis (Tennessee), treft Tony yn it hotel in pear maffiosi út New York dêr't er kunde oan hat. As dyselden foar it ferstân krije dat er foar in swarten wurket, sizze se tsjin him dat der wol better wurk te finen is en biede se him in baan oan. It petear is yn it Italjaansk, mar dat is in taal dy't Don goed behearsket, sadat er alles folgje kin. Tony poeieret de mannen ôf troch te sizzen dat se it der dy jûns yn 'e hotelbar wol oer hawwe kinne. As er letter nei ûnderen nei de bar sil, hâldt Don him steande en biedt er him mear jild oan om by him te bliuwen. Tony slacht dat oanbod ôf en seit dat se in priis ôfpraat hiene en dat er him dêroan hâlde sil. Hy is alhiel net fan doel om foar de maffia te wurkjen, mar moat it wat omsichtich oanpakke om it oanbod ôf te stegerjen, mei't er gjin fijannen meitsje wol. Don tocht dat Tony fan him ôf woe no't oan it ljocht kommen is dat er net inkeld swart is, mar ek noch homo. Tony fertelt him dat er al tweintich jier útsmiter is yn nachtklubs yn New York, en dat er dêr yn syn tiid wol mindere dingen sjoen hat.
Yn Mississippy reitsje Tony en Don by nacht en min waar paadbjuster en bedarje se yn in sundown town (in plak dêr't swarten nei sinne-ûndergong, sundown, net komme meie). Se wurde oanholden troch in pear plysjes, wêrfan't de iene in iepentlike rasist is. As er Tony mislediget, jout dy de man in terwinkel, wat resultearret yn 'e arrestaasje fan Tony en Don. Se wurde yn 'e sel smiten en driigje in optreden te missen. Don easket syn rjocht op om in abbekaat opskilje te meien, en as him dat tastien wurdt, makket er fan 'e gelegenheid gebrûk om 'e bekendste abbekaat fan hiel it lân te beljen. Dat is minister fan Justysje Robert Kennedy, dy't neitiid de gûverneur fan Mississippy ûnder druk set om 'e plysje ûnder druk te setten om Don en Tony frij te litten.
De jûns fan it lêste optreden, yn Birmingham (Alabama), wurdt Don de tagong wegere om te iten yn it restaurant fan 'e allinne foar blanken tagonklike countryklub dêr't er optrede moat. Hy beslút te wegerjen om op te treden as er net yn it restaurant ite mei. Graham Kindell, de manager fan 'e countryklub, hâldt lykwols foet by stik. Don seit dan tsjin Tony (dy't fan 'e platemaatskippij mar de helte fan syn salaris útbetelle kriget as Don in optreden mist) dat er spylje sil as Tony wol dat er dat docht. Tony tinkt eefkes nei en riidt dan de auto foar. Se geane nei in bluesklub foar Afro-Amerikanen, dêr't Don him nei it iten oan 'e piano by de band jout om earst in stik fan Chopin te spyljen en dêrnei de rest fan 'e jûn bluesferskes. As se de klub ferlitte, lûkt Tony ynienen syn pistoal (dat er dus dochs echt hat) en sjit in pear kear yn 'e loft om 'e oerfallers ôf te skrikken dy't har by de auto opwachtsje om't Don him yn 'e klub yn 'e beurs sjen litten hat.
Tony en Don sette op hûs oan om te besykjen om op krystjûn wer yn New York te wêzen. Yn Maryland wurde se wer oanholden troch de plysje, en Tony, dy't troch de tocht troch it Suden wend rekke is oan rasistyske plysjes, frezet it slimste. Mar de behelpsume steatsplysje wol him der inkeld eefkes op wize dat er in lekke efterbân hat. Dêrnei liedt er yn 'e oangeande sniestoarm it ferkear om 'e auto fan Tony en Don hinne, sadat Tony feilich de bân ferwikselje kin. Op in stuit, as se deunby New York binne, wol Tony it opjaan, om't it net mear fertroud is om fierder. Hy sjocht mar kwealk wat yn 'e stienstoarm en boppedat kin er de eagen amper noch iepen hâlde. De auto arrivearret lykwols dochs noch op krystjûn by Tony foar de doar, mei Don efter it stjoer en Tony sliepend op 'e efterbank.