Din Djarin, lange tiid inkeld bekend ûnder syn bynamme "de Mandaloriaan", is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2019 yntrodusearre yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian. De geastlike heit fan it personaazje wie tillefyzjeprodusint Jon Favreau. Din Djarin is in Mandaloriaanske preemjejager, hierling en piloat, dy't ynhierd wurdt om it Krêftgefoelige bern Grogu te finen en oer te leverjen oan syn opdrachtjouwer. Ynstee naait er mei it bern út om it te beskermjen. It personaazje waard foar in oansjenlik part ynspirearre troch Clint Eastwood syn fertolking fan 'e rol fan 'e Man sûnder Namme yn 'e films fan 'e Dollars Trilogy fan Sergio Leone. De samoeraifilms fan Akira Kurosawa (dy't ek fan ynfloed wiene op it wurk fan Leone) foarmen in oare ynspiraasjeboarne. De rol fan Din Djarin waard sawol yn The Mandalorian as yn 'e spin-offsearje The Book of Boba Fett spile troch akteur Pedro Pascal.
Skepping fan it personaazje It personaazje fan Din Djarin waard betocht troch Jon Favreau, de wichtichste produsint fan The Mandalorian, dat de earste live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise wie. Favreau wie syn libben lang al in fan fan Star Wars en earder hied er as stimakteur meiwurke oan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Ynspiraasje putte Favreau foar syn skepping út ferskate boarnen.
In tige wichtigenien wie de fertolking troch Clint Eastwood fan it mysterieuze personaazje dat bekend stiet as de Man sûnder Namme, yn 'e spagettywesterns A Fistful of Dollars (1964), For a Few Dollars More (1965) en The Good, the Bad and the Ugly (1966), dy't mei-inoar de Dollars Trilogy foarmje fan 'e Italjaanske regisseur Sergio Leone. Neffens Pedro Pascal, de akteur dy't de rol fan Din Djarin yn The Mandalorian spile, frege er himsels eltse kear ôf, as er twifele oan hoe't er him bewege of hâlde en drage moast: "Wat soe Clint dwaan?" De ynfloed fan 'e Man sûnder Namme is nammenste grutter om't The Mandalorian in searje is dy't ek wol in romtewestern neamd wurdt: in sjenre dat science fiction en western fermingt.
Din Djarin waard ek ynspirearre troch guon personaazjes yn 'e samoeraifilms fan 'e ferneamde Japanske regisseur Akira Kurosawa. Dy hiene earder ek fan ynfloed west op it wurk fan Leone. Ear't de opnamen fan The Mandalorian úteinsetten, seach Pascal op oanrikkemandearring fan Favreau û.m. Kurosawa syn film Yojimbo (1961). Han Solo, sa't dy yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy spile waard troch Harrison Ford, wie in trêde wichtige ynspiraasjeboarne foar Pascal syn aktearjen.
Fiktive biografy Eftergrûn Geandewei de searje komt de sjogger by brokjes en bytsjes mear te witten oer it personaazje fan 'e Mandaloriaan, waans wiere namme Din Djarin pas yn Chapter 8: Redemption bekendmakke wurdt, de achtste ôflevering fan seizoen 1. As er noch in bern is, wurde syn âldelju ûnder de Kloane-oarloggen deade by in oanfal troch oarlochsandroïden fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Djarin, dy't troch syn âlden op in sideplak ferburgen wie, is de iennichste oerlibbene fan 'e oanfal. Hy wurdt rêden troch in stamme fan Mandalorianen, in folk dat oarspronklik fan 'e planeet Mandalore komt en in sterke krigerskultuer hat. Hoewol't er sels gjin Mandaloriaan is, wurdt er yn 'e tradysjes fan 'e stamme grutbrocht en troch harren oannommen as in fûnling. Letter moat er mei syn stamme, dy't ûnder lieding stiet fan in frou dy't de Wapensmid neamd wurdt, ûnderdûke foar de ferfolging troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk.
Djarin docht nea syn helm ôf as der oaren by binne, mei't syn stamme dat beskôget as in ferrie dêr't as straf útsluting út 'e mienskip en ferballing op stiet. Oare Mandaloriaanske personaazjes út 'e Star Wars-franchise fine it gjin probleem om yn it bywêzen fan frjemden de holle te ûntbleatsjen en by harren hat soks gjin maatskiplike gefolgen. Dat ûnderskie wurdt útlein yn Chapter 11: The Heiress, wêryn't oan it ljocht komt dat Djarin en syn stamme de "Bern fan 'e Wacht" binne, in sekte fan Mandaloriaanske religieuze fûnemintalisten dy't, oars as de Mandaloriaanske mainstreamkultuer, "de Wei" (oftewol: de Alâlde Wei fan Mandalore) folget.
Uteinlik wurdt Djarin in preemjejager en jout er him by it Preemjejagersgilde. Syn namme hâldt er geheim, dat hy komt rûnom bekend te stean as "de Mandaloriaan", soms ferkoarte ta "Mando". Earne foarôfgeande oan it begjin fan 'e searje wurket er gear mei in kloft hierlingen dêr't Ran Malk, Xi'an en Qin diel fan útmeitsje. Letter skiede harren wegen ûnder minder as freonskiplike omstannichheden, dy't neffens de oaren troch Djarin feroarsake binne. Hy is de piloat fan in bewapene romteskip dat de Razor Crest hjit en ien fan syn wichtichste hânwapens is in Amban-slûpskuttersgewear. Dat hat in foarke loop en sjit munysje ôf dy't krêftich genôch is om it doelwyt alhiel te desyntegrearjen.
It earste seizoen fan The Mandalorian folget inkele jierren op 'e ein fan 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Fiif jier nei dea fan keizer Palpatine en de ynstoarting fan it Galaktysk Keizerryk hearsket der noch altyd gaos yn grutte dielen fan it Stjerrestelsel. De troch de foaroanlju fan it Rebelleferbûn oprjochte Nije Republyk is noch net sterk genôch om oeral syn gesach jilde te litten en de restanten fan it Keizerryk fjochtsje om te oerlibjen. Tsjin dy eftergrûn doarmet Djarin yn 'e wetteleaze Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel om.
Yn seizoen 1 fan The Mandalorian Yn Chapter 1: The Mandalorian akseptearret in mysterieuze preemjejager, de Mandaloriaan, fia Greef Karga, de lieder fan it Preemjejagersgilde, in opdracht fan in rike mar riedseleftige man, dy't inkeld bekend is as 'de Kliïnt'. Syn taak is om in 'bedriuwsmiddel' op te spoaren en by de Kliïnt ôf te leverjen. It wurdt al mei gauwens dúdlik dat de Kliïnt de restanten fan it Keizerryk fertsjintwurdiget. De Mandaloriaan folget it spoar fan it bedriuwsmiddel nei de planeet Arvala-VII, dêr't er help kriget fan 'e Ugnaught-boer Kuiil. Nei't er mei tsjinnichheid in partnerskip oangien is mei de preemjejager-androïde IG-11, ûntdekt de Mandaloriaan dat it 'bedriuwsmiddel' eins in bern is fan itselde (net by namme neamde) ras fan bûtenierdske wêzens as de Jedi-master Yoda. Dat wie net wat er ferwachte hie, mar dochs nimt er it Bern finzen. Yn Chapter 2: The Child komt de Mandaloriaan op in hier nei om as er oanfallen wurdt troch in 'drekhoarn' (mudhorn), in reuseftich bist mei in ûnbidige hoarn op 'e snút, mar it Bern, dat Krêftgefoelich blykt te wêzen, brûkt de Krêft om him te rêden. Yn Chapter 3: The Sin slút de Mandoloriaan syn opdracht mei súkses ôf troch it Bern op 'e planeet Nevarro oer te dragen oan 'e Kliïnt.
De hiele boel sit de Mandaloriaan dochs net lekker en dat wurdt wat langer wat minder. Uteinlik jout er ta oan 'e rop fan syn gewisse en keart er werom nei it haadkertier fan 'e Kliïnt om it Bern te rêden. Underweis werom nei de Razor Crest rinne hy en it Bern yn in mûklaach fan Greef Karga en oare leden it Preemjejagersgilde, mar it slagget de Mandaloriaan om mei it Bern fan Nevarro te ûntkommen as oare Mandalorianen fan syn stamme him te help komme. Neitiid moat er mei it Bern ûnderdûke foar de preemjejagers dy't efter harren oan sitte. Om itende te bliuwen nimt de Mandaloriaan as hierling ferskate riskante putsjes oan. Sa beskermet er yn Chapter 4: Sanctuary in Sorgan-doarp tsjin plonderders, fangt er yn Chapter 5: The Gunslinger de hiermoardneresse Fennec Shand op 'e planeet Tatooine, en nimt er yn Chapter 6: The Prisoner diel oan in finzenisútbraak mei in kloft hierlingen û.l.f. Migs Mayfeld. Dyselde en de Mandaloriaan kinne net mei-inoar en Mayfeld besiket de Mandaloriaan te ferrieden. Dy is him lykwols te fluch ôf, mei as gefolch dat Mayfeld troch de autoriteiten fan 'e Nije Republyk arrestearre en finzen set wurdt.
Yn Chapter 7: The Reckoning nimt Greef Karga kontakt op mei de Mandaloriaan en fertelt him dat de Keizerlike stoarmtroepers fan 'e Kliïnt syn thússtêd ferovere hawwe. Hy ûnthjit om 'e preemje dy't de Mandaloriaan op 'e holle set is, yn te lûken as er him helpt om mei de Kliïnt ôf te weven. Dat liket de Mandaloriaan de ein fan al syn swierrichheden ta, dat hy rekrutearret ferskate bûnsgenoaten foar de misje, ûnder wa Kuiil, IG-11 en Cara Dune, in eardere kommando fan it Rebelleferbûn. Wannear't se lykwols op Nevarro arrivearje om it tsjin 'e Kliïnt op te nimmen, rinne se yn in mûklaach fan 'e Keizerlike troepen fan moff Gideon, dy't de Kliïnt fermoardzje en de Mandaloriaan en syn bûnsgenoaten besingelje. Gideon lit blike dat er geheime dingen oer harren allegearre wit, wêrûnder it feit dat de Mandaloriaan eins Din Djarin hjit. Dat betsjut dat Gideon belutsen west hawwe moat by de Keizerlike genoside op 'e Mandalorianen dy't bekend stiet as de Suvering fan Mandalore.
By in klimaktyske konfrontaasje tusken Djarin-en-dy en de troepen fan moff Gideon yn Chapter 8: Redemption, de slotôflevering fan seizoen 1, komt Kuiil om wylst Djarin sels swierferwûne rekket. IG-11 nimt him syn helm ôf om syn wûnen te fersoargjen, wêrmei't foar it earst yn 'e searje syn gesicht te sjen is. Djarin-en-dy sykje help by de stamme fan Djarin, mar ûntdekke dan dat dy troch de troepen fan moff Gideon al earder útrûge is. Se fine de Wapensmid en guon oaren noch yn libben werom, en de Wapensmid nimt it Bern as fûnling formeel yn 'e stamme op. Se jout Djarin opdracht om oare leden fan it ras fan it Bern te sykjen en him by harren te bringen, en seit dat hy oant dy tiid de heit fan it Bern wêze sil. As de troepen fan moff Gideon it selskip efterhelje, offeret IG-11 himsels op sadat Djarin en de oaren mei it Bern fan Nevarro ûntkomme kinne.
Yn seizoen 2 fan The Mandalorian Yn seizoen 2 siket Djarin nei oare Mandalorianen dy't him helpe kinne om it folk fan it Bern te finen. Yn Chapter 9: The Marshal heart er fan in Mandaloriaan dy't op Tatooine libje soe. It blykt Cobb Vanth te wêzen, de marshal fan Mos Pelgo, dy't gjin Mandaloriaan is, mar in Mandaloriaanske wapenris draacht dy't er kocht hat fan 'e Jawa's. Nei't Djarin Vanth, de doarpelingen fan Mos Pelgo en in stamme nomadyske Tuskenkapers helpt om in kraytdraak te ferslaan dy't dy krite teheisteret, jout Vanth de wapenris werom. Yn Chapter 10: The Passenger ferfiert Djarin oan board fan syn skip in bûtenierdsk wêzen, dat er omreden fan har uterlik de "Kikkertfrouwe" neamd, en har aaien nei de planeet Trask. Dêr oankommen wiist har partner him troch nei in herberge op Trask dêr't trije Mandalorianen ferbliuwe soene.
Yn Chapter 11: The Heiress docht bliken dat it giet om Bo-Katan Kryze, de eardere hearskeresse oer Mandalore, en twa selskipslju. Sy wit net wêr't er it folk fan it Bern fine kin, mar nei't er har holpen hat in Keizerlik frachtskip te oerfallen dat stellen Mandaloriaanske âldheden ferfiert, wiist se him troch nei har âlde bûnsgenoate, de Jedi-ridder Ahsoka Tano, dy't er op 'e planeet Corvus fine kin. Mei't de Razor Crest op 'e reis mei de Kikkertfrouwe nei Trask slimme averij oprûn hat, keart Djarin yn Chapter 12: The Siege werom nei Nevarro, dêr't er Greef Karga en Cara Dune wer treft. Sûnt harren lêste moeting hawwe dyselden de planeet befrijd fan 'e Keizerlike oerhearsking, op ien Keizerlik bolwurk nei. Yn ruil foar it reparearjen fan syn romteskip seit Djarin syn help ta om dy basis te feroverjen.