Jurassic World: Fallen Kingdom, soms oantsjut as Jurassic World II, is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm en rampefilm út 2018 ûnder rezjy fan J.A. Bayona, mei yn 'e haadrollen Bryce Dallas Howard en Chris Pratt. It is de fyfde film út 'e Jurassic Park-filmsearje en it twadde diel fan 'e Jurassic World-trilogy. De titel betsjut "Sjuerawrâld: Fallen Keninkryk", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. It ferhaal folget Claire Dearing en Owen Grady, de haadpersoanen út 'e film Jurassic World (2015), by harren weromkear nei Isa Nublar, it eilân foar de kust fan Kosta Rika dêr't dinosauriërs libje. As dêr in fulkaanútbarsting driget dy't alle libben op it eilân útwiskje sil, biedt in rike filantroop oan om in rêdingsaksje te finansieren. Ienris op Isla Nublar ûntdekke Claire en Grady dat se bedragen binne. Jurassic World: Fallen Kingdom krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. In sechsde diel yn 'e Jurassic Park-rige, mei as titel Jurassic World: Dominion, kaam út yn 2022.
Plot Prolooch Ien of twa jier nei it jammerdearlik losbrekken fan 'e dinosauriërs yn it safarypark en ferdivedaasjepark Jurassic World, op it eilân Isla Nublar, dat yn 'e Stille Oseaan in ein út 'e kust fan Kosta Rika leit (sjoch: Jurassic World), giet in lyts team fan hierlingen werom nei it eilân. Harren doel is om it DNA op te fandeljen fan 'e Indominus rex, de troch genetyske manipulaasje út ferskate histoaryske soarten dinosauriërs en oare bisten gearstalde nije haadattraksje, dy't ta de ûndergong fan it park late. De oerbliuwsels lizze op 'e boaiem fan 'e lagune fan Isla Nublar, mei't it bist úteinlik opfretten is troch de Mosasaurus dy't yn 'e lagune holden waard. Om ûntsnapping fan 'e Mosasaurus ûnmooglik te meitsjen, is de lagune mei in reuseftige ûnderwetterpoarte ôfsletten is fan 'e iepen see.
De hierlingen, dy't yn in miny-ûnderseeër de lagune yngeane, binne der lykwols fan oertsjûge dat dêr safolste letter neat mear yn libben wêze kin, en litte de poarte iepenstean. Se finen it skelet fan 'e Indominus rex werom, seagje der in stikje bonke ôf en litte dat oan in boei nei it wetteroerflak driuwe, dêr't it oppikt wurdt troch harren maten yn in helikopter. De operaasje liket in ûnferdield súkses te wêzen, mar de oannames fan 'e hierlingen binne op in krúsjaal punt mis: de Mosasaurus libbet noch en hy hat honger. Hy ferslynt de miny-ûnderseeër yn ien hap en fret letter ek noch in hierling op dy't oan in touljedder ûnder de helikopter hinget. De oaren spylje halje-trawalje fan ruten mei it stik bonke fan 'e Indominus rex. De poarte bliuwt iepenstean en de Mosasaurus ûntsnapt nei iepen see.
Haadfilm Ien of twa jier letter wurdt dúdlik dat de fulkaan op Isla Nublar op útbarsten stiet. Yn 'e Feriene Steaten ûntstiet in maatskiplik en polityk debat oer de fraach oft de dinosauriërs op it eilân rêden wurde moatte fan 'e fulkaanútbarsting dy't harren oars perfoarst ferdylgje sil. Yn in harksitting foar de Amerikaanske Senaat yn Washington, D.C. tsjûget dr. Ian Malcolm, in wiskundige dy't yn it ferline sels ferskate aventoeren mei de dinosauriërs oerlibbe hat (sjoch: Jurassic Park en The Lost World: Jurassic Park), dat de "ûnútstoarne" dinosauriërs it resultaat binne fan kloanen en genetyske manipulaasje troch de minske. Hy is fan miening dat dat folslein mis west hat en in misbrûk fan 'e wittenskip troch John Hammond, de betinker fan it hiele spul. It is dêrom net mear as in weromsetting nei de natuerlike sitewaasje sa't dy bestean moatte soe om 'e dinosauriërs op Isla Nublar omkomme te litten. Hy komt ta dy konklúzje op poer wittenskiplike grûnen. De liedende senator Sherwood is it mei him iens, mar om folslein oare redens: hy sjocht yn 'e fulkaanútbarsting de hân fan God, dy't de minske te plak wiist. Der wurdt besletten dat de Amerikaanske oerheid net besykje sil de dinosauriërs te rêden.
Underwilens hat Claire Dearing, de eardere bedriuwsliedster fan it safarypark Jurassic World, de Dinosaur Protection Group oprjochte, in aktivistyske stifting dy't krewearret foar it rêden fan 'e bisten. Nei't dúdlik wurdt dat de Amerikaanske polityk datoangeande gjin hân útstekke sil, wurdt Claire útnûge foar in petear mei sir Benjamin Lockwood, de eardere sakepartner fan John Hammond. Hja besiket him op syn lângoed, djip yn it tuskenbeiden reinwâld fan Noardlik Kalifornje. De sike en oan in rolstoel klústere Lockwood en syn jonge assistint Eli Mills bringe har dêre op 'e hichte fan in plan om 'e dinosauriërs fan Isla Nublar te evakuëarjen nei in nij eilânreservaat, dêr't se fierders gewurde litten wurde sille. Harren plannen binne al fierfoardere, en der is in team útstjoerd nei Isla Nublar, mei't der gjin tiid te ferliezen is om't de fulkaanútbarsting eltse dei begjinne kin. Se hawwe lykwols ferlet fan Claire om yn it kompjûtersysteem fan it âlde safarypark te kommen, dêr't se de lokaasje fan 'e dinosauriërs op it eilân mei fêststelle kinne (mei't de bisten allegear foarsjoen binne fan in ymplantearre stjoerderke). Claire is tige optein oer de rêding fan 'e dinosauriërs, dy't har dierber binne, en seit daliks har help ta.
Om Blue, de lêste oerlibjende Velociraptor* fan Jurassic World, te fangen, is de help fan Claire har âlde frijer Owen Grady nedich, dy't de tige yntelliginte Blue grutbrocht hat en in bân mei it bist hat. As Claire him opsiket, docht bliken dat Grady hielendal net sit te springen om werom nei Isla Nublar ta, en dat er der poerbêst mei libje kin as de fulkaan de dinosauriërs útrûget, mei't er dat it bêste foar de minske fynt. Claire kundiget lykwols oan dat sy yn elts gefal nei it eilân sil foar de rêdingsoperaasje. Ut noed om har (al seit er dat net) jout Grady him ek by ekspedysje. Dy bestiet fierders út twa oare leden fan 'e Dinosaur Protection Group, paleo-bistedokter Zia Rodriguez en kompjûterekspêr Franklin Webb. By oankomst op Isla Nublar wurdt it fjouwertal ûnthelle troch hierling Ken Wheatley, dy't de lieding oer de operaasje hat. Franklin kriget it kompjûtersysteem fan it safarypark wer oan 'e praat en Claire fiert har hânôfdruk yn om yn it systeem te kommen. Op dy wize kin de lokaasje fan Blue op it eilân fêststeld wurde. *) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-franchise komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e film. Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e films.
Grady giet der mei Zia, Wheatley en in stikmannich oare hierlingen op út om Blue te fangen. Hy wit it fertrouwen fan 'e Velociraptor werom te winnen, mar Wheatley-en-dy besykje it bist te ferdôvjen ear't Grady dêr it teken foar jûn hat. De sitewaasjes eskalearret en Blue falt ien fan 'e hierlingen oan, dy't syn pistoal lûkt en mei skerp begjint te sjitten. De Velociraptor rekket swierferwûne. Grady is poerrazen en keart him tsjin Wheatley, dy't him delsjit mei in ferdôvingspylkje. Zia wurdt gizele en twongen om Blue te fersoargjen en yn libben te hâlden. Underwilens begjint de langferwachte fulkaanútbarsting. De oare hierlingen litte Claire en Franklin efter yn it kontrôlesintrum fan it park wylst se yn harren fiertugen útnaaie nei it skip dat klearleit om 'e fongen dinosauriërs te ferfieren.
Claire en Franklin bliuwe opsletten yn it kontrôlesintrum efter, dat troch in tunnel dy't yn ferbining stiet mei it park binnenkrongen wurdt troch in rôfdinosaurus. Se witte nauwerneed troch in lûk te ûntkommen nei it dak, dat diel útmakket fan 'e berchskeante om't it kontrôlesintrum yn it binnenste fan 'e berch boud is. Dêr sjogge se dat in pyroklastyske wolk by de fulkaan del rôlet yn harren rjochting. Underwilens is Grady wer bykommen út syn ferdôving en hat er himsels fan in lavastream witten te rêden. Mei in grutte kliber dinosauriërs fan alderhanne soarte flechtet er foar de pyroklastyske wolk út. Claire en Franklin jouwe har by him. Mei-inoar witte se krekt op 'e tiid de kust te berikken, dêr't se fan in heech klif ôf yn see springe.
Nei't se in ein fierderop wer oan lân gien binne, sjogge se hoe't de hierlingen mei frachtweinen en helikopters de fongen dinosauriërs halje-trawalje nei it frachtskip oerbringe. Grady, Claire en Franklin folgje de hierlingen nei de haven en witte dêr oan board fan it skip te kommen op it alderlêste momint foar't de lavastreamen de pier berikke. Yn alle trelit wurdt harren ynfiltraasje fan it skip net opmurken troch Wheatley-en-dy. Neitiid hâlde Grady, Claire en Franklin har katoen yn it rom, dêr't de ferdôve dinosauriërs yn koaien ferfierd wurde. Se fine Zia werom, dy't noch altyd ferwoeden besiket om it libben fan Blue de Velociraptor te rêden. Wylst de kwezelige Franklin har mei tsjinnichheid helpt om 'e skotwûne ticht te meitsjen, nimme Claire en Grady bloed ôf fan in slomjende Tyrannosaurus rex, dêr't Zia oan Blue, dy't in protte bloed ferlern hat, in bloedtransfúzje fan jout.
Underwilens heart yn it lânhûs fan Benjamin Lockwood yn Noardlik Kalifornje Maisie, de njoggenjierrige pakesizzer fan Lockwood, har pake syn assistint Eli Mills oan 'e tillefoan praten mei Wheatley. Wat Mills seit, makket har erchtinkend, dat se begjint him te folgjen en harket sa in petear ôf tusken Mills en de feilingmaster Eversoll oer de planning fan in klandestine feiling om 'e fongen dinosauriërs fan Isla Nublar by opbod te ferkeapjen. Maisie giet mei dy ynformaasje nei har pake, dy't har lykwols net leauwe wol en mar wakker fynt dat se in libbene fantasij hat.
It famke giet sadwaande sels op ûndersyk út en ûntdekt dat Mills it laboratoarium yn 'e kelders fan it lânhûs, dêr't har pake en John Hammond tritich jier lyn úteinset binne mei de genetyske manipulaasje fan dinosauriërs, wer yn operasjonele steat brocht hat. Se harket dêr in petear ôf tusken Mills en genetikus Henry Wu, in wittenskipper sûnder skrupules, waans feardichheden op it mêd fan kloanen en genetyske manipulaasje oan 'e widze stien hawwe fan sawol it âlde Jurassic Park as fan it nijere Jurassic World. It docht bliken dat Mills it jild fan 'e feiling brûke wol foar it finansieren fan it fierdere ûndersyk fan Wu. It doel dêrfan is de ûntwikkeling fan in nije dinosaurus dy't se de Indoraptor neame. Dat bist is yn gelikense mjitte gearstald út it DNA fan 'e eardere Indominus rex, dat Mills fan 'e boaiem fan 'e lagune fan Isla Nublar rêde litten hat, en dat fan 'e Velociraptor. Wu hat lykwols ferlet fan it spesifike DNA fan Blue om it fermogen fan 'e Indoraptor om befellen op te folgjen, te fergrutsjen. Se wolle fan 'e Indoraptor it ultime, sels-tinkende oarlochswapen meitsje, dat se foar grou jild ferkeapje kinne.
Maisie komt, yn har besykjen om in sideplak te finen sadat se net troch Mills en Wu ûntdutsen wurdt, te tichtby de koai mei it prototype fan 'e Indoraptor dat Wu al ûntwikkele hat (mar dat gjin befellen opfolgje wol). Har gjalp as it bist har besiket te pakken, ferriedt har. Mills slút har op yn har sliepkeamer en oarderet Lockwood syn húshâldster Iris om har opsletten te hâlden. Underwilens is sir Benjamin Lockwood sels, nei oanlieding fan wat Maisie him ferteld hat, ek op ûndersyk útgien en hat er ûntdutsen dat Mills him bedragen hat en fraude begien hat mei syn jild. Hy ropt Mills by him en oarderet him om himsels oan te jaan, om't er dan in myldere straf krije sil. Ynstee pakt Mills in kjessen en fermoardet de sike âldman dêrmei troch him te ferstikken.