Troy is in Amerikaansk-Britsk-Malteeske sandalefilm en histoaryske oarlochsfilm út 2004 ûnder rezjy fan Wolfgang Petersen. De haadrollen waarden spile troch Brad Pitt en Eric Bana, mei Brian Cox, Orlando Bloom, Diane Kruger, Rose Byrne en Peter O'Toole yn 'e wichtichste ûnderstypjende rollen. De titel betsjut "Troaje". It ferhaal is in werfertelling 'e Trojaanske Oarloch út 'e Ilias fan Homearus, mar dan gearparse yn in pear wiken ynstee útsmaard oer njoggen jier, en mei ferskate wichtige eleminten weilitten. Yn 'e film wurdt de oarloch oan 'e kant fan'e Griken fan begjin oant ein behearske troch de deilisskip tusken de held Achilles en kening Agamemnon fan Mysene (ynstee fan inkeld yn it njoggende jier). Yn it paad fan 'e Grykske ferovering fan 'e rike stêdsteat Troaje stiet de Trojaanske legeroanfierder prins Hektor. De ein fan 'e film, dy't de plondering fan Troaje troch de Griken sjen lit, is oernommen út 'e Posthomearika fan Kwintus Smyrnéus, mei't de Ilias eins einiget mei de dea en útfeart fan Hektor. Troy krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot Agamemnon, de kening fan 'e Grykske stêdsteat Mysene, is derop út om hiele Grikelân ûnder syn macht te bringen. As er besiket om ek Tessaalje binnen syn ynfloedssfear te lûken troch kening Triopas fan Tessaalje te ferslaan, wurdt in fjildslach tusken de beide Grykske legers foarkomd as Agamemnon en Triopas ôfprate har by de útkomst fan in twakamp tusken harren foarfjochters del te lizzen. Triopas ropt Boagrius op, in reuseftige keardel, wylst Agamemnon syn bêste fjochter Achilles opropt. Dy lêste is lykwols nearne te bekennen en moat út syn tinte helle wurde, dêr't er noch leit te bekommen fan in lange nacht mei wyn en willige froulju. Achilles hat inkeld minachting foar Agamemnon, dy't sels altyd oaren foar him fjochtsje lit, en dat lit er iepentlik blike, ta uterste argewaasje fan 'e kening. Dy hatet him en soe him leaver ôftankje, mar kin net sûnder syn talinten op it slachfjild. As Achilles by de beide legers ferskynt (en bepraat is om fannijs foar Agamemnon te fjochtsjen), weeft er binnen in pear tellen ôf mei Boagrius. Dêrop hâldt Triopas wurd en jout him ûnder de oerhearskippij fan Agamemnon del.
Underwilens besiket kening Menelaos fan Sparta, de jongere broer fan Agamemnon, de frede te bewarjen tusken de Griken en de Trojanen, dy't de oare grutmacht yn 'e krite fan 'e Egeyske See foarmje. Dêrta hat er Hektor en Paris, de soannen fan kening Priamos fan Troaje, yn Sparta útnûge. Eltse jûn, as Menelaos himsels fermakket mei wyn en slavinnen, glûpt prins Paris lykwols nei de sliepkeamer fan Menalaos syn frou Helena, mei wa't er oerhoer docht. As de Trojaanske bruorren nei ferrin fan tiid op hûs oan sile, docht ta argewaasje fan Hektor bliken dat de ûnberette Paris yn syn ferealens Helena meismokkele hat oan board fan harren galei, mei't er har mei werom nimme wol nei Troaje om mei har te trouwen. Wannear't Menelaos foar it ferstân kriget wat der bard is, wurdt er alhiel breinroer en giet er nei syn broer Agamemnon om dy syn stipe te freegjen by it weromheljen fan Helena út Troaje.
Agamemnon sjocht yn dit foarfal in treflike oanlieding om it losse ferbûn fan Grykske stêdsteaten, dêr't er lieding oan jout, oer te heljen en fier oarloch tsjin Troaje. Sels maalt er alhiel net om Troaje of om 'e fernedering fan syn broer Menelaos; mar Troaje is de rykste stêd yn it gebiet fan 'e Egeyske See, en Agamemnon begeart dy rykdom en de fergrutting fan syn macht as Troaje útskeakele wurde soe. Hy stjoert dêrom fuortendaliks boadskippers nei alle Grykske keningen mei it berjocht om te risselwearjen foar oarloch tsjin Troaje. Op advys fan Nestor, de wize kening fan Pylos, beslút er ek Achilles op te roppen foar de striid, ek al soed er dy folle leaver thúslitte. Mei't in befel fan Agamemnon de grutske Achilles perfoarst yn it ferkearde kielsgat sjitte soe, wurdt Odysseus, de kening fan Itaka, mei wa't Achilles befreone is, stjoerd om him oer te heljen. Achilles wifelet oer wat er dwaan sil. Hy giet by yn mem Tetis te rie, dy't profetyske jeften hat. Sy fertelt him dat er by syn thúsbliuwen in lang, mar aldendeisk libben liede sil, wylst er, as er ôfset nei Troaje, nea wer thúskomme sil, mar dat dan syn namme oer trijetûzen jier noch wiid en siid bekend wêze sil. Achilles, dy't slij is nei rom, beslút om ôf te setten nei Troaje.
Yn Troaje is kening Priamos ûntset as Paris en Hektor weromkomme mei de tsjeppe Helena op sleeptou, mar hy is in fromme heiden, dy't leaut dat alles komt sa't de goaden it hawwe wolle. Dat, hy ferwolkommet Helena yn Troaje en lit risselwearje foar in oarloch mei de Griken, dy't no sûnder mis komme sil. De Trojanen fersterkje it strân by Troaje om 'e fijân dêr al tsjin te kearen, mar as se komme, fart it galei fan Achilles, sûnder dat er dêrfoar befel krigen hat fan Agamemnon, foarút om syn bemanning as earste oan lân te setten. Achilles en syn karkloft, de Myrmidoanen, houwe harsels in wei troch de Trojaanske ferdigening, letter stipe troch Ajaks de Grutte, de kening fan Salamis, en syn mannen. Achilles lit op it strân de timpel fan Apollo, de patroangod fan Troaje, plonderje en de preesters deaslaan. In koarte konfrontaasje mei Hektor einiget ûnbeslist, mei't Achilles gjin prins fan Troaje befjochtsje wol as der nimmen is om te sjen dat er dat docht.
Neitiid, as de Trojanen har efter de grouwe muorren fan har stêd weromlutsen hawwe en de Griken lâne binne en op it strân in kamp opslein hawwe, bringt Eudoarus, de ûnderbefelhawwer fan 'e Myrmidoanen, in jonge frou by Achilles, in preesteresse fan Apollo, dy't syn mannen op in skûlplak yn 'e timpel oantroffen hawwe. Har namme is Briseïs, en se is in omkesizzer fan kening Priamos en in nicht fan Hektor en Paris. Nettsjinsteande it feit dat se oarlochsbút yn 'e hannen fan 'e fijân is, byt se noch omraak fan har ôf, en Achilles mei har fuortendaliks wol lije. Hy fertelt har dat sy op it stuit de iennichste Trojaan is dy't neat fan him te freezjen hat.
As Achilles by Agamemnon roppen wurdt, is er der tsjûge fan hoe't dyselde troch eltsenien lokwinske wurdt mei de grutte oerwinning dy't er behelle hat. Dat is tige soer foar Achilles, mei't de oerwinning sines wie en Agamemnon gjin hân útstutsen hat. De mannen wikselje bedutsen misledigings út en Agamemnon easket de bút út 'e timpel op. Achilles seit dat er fan it goud fan 'e Myrmidoanen mar nimme moat wat er hawwe wol. Agamemnon antwurdet dat er al nommen hat wat er hawwe wol, wêrnei't twa fan syn mannen Briseïs de tinte yn slepe. Dan wurdt Achilles troch alles hinne lulk; hy lûkt syn swurd en stiet op it punt om it op te nimmen tsjin Agamemnon syn soldaten, mar Briseïs springt dertuskenyn en bêdet de boel del, mei't se seit dat se net wol dat der om har minsken deamakke wurde. Sa bliuwt Briseïs yn it besit fan Agamemnon, mar Achilles beslút dat er net mear oan 'e oarloch dielnimme sil oant Agamemnon him dêrom smeket.
De oare moarns stelle de Trojanen har yn slachoarder op foar de poarte fan harren stêd, op in flakte dêr't har flanken dutsen wurde troch twa útstulpings fan 'e stedsmuorren, dy't har sadwaande oan trije kanten omjouwe. Agamemnon liedt it Grykske leger minus de Myrmidoanen nei foarren ta. Underwilens hat Paris besletten dat er net wol dat der noch mear Trojanen stjerre foar syn beslissing om Helena te skaken. Dat by ûnderhannelings fan Hektor mei Agamemnon foarôfgeande oan 'e fjildslach, tusken de beide legers yn, stelt hy foar om in twakamp te hâlden tusken himsels en Menelaos, en de útkomst dêrfan de oarloch beslisse te litten: as hy wint, geane de Griken sûnder Helena nei hûs; as Menelaos wint, geane de Griken mei Helena nei hûs. Agamemnon fielt dêr neat foar, want hy wol Troaje hawwe en Helena kin him neat skele, mar Menelaos, dy't wraak nimme wol op Paris, bepraat him om 'e twakamp trochgean te litten, wêrnei't er altyd noch Troaje oanfalle kin.
Yn harren twakamp wurdt Paris ferwûne troch Menelaos. As dúdlik wurdt dat er gjin partij is foar de kening fan Sparta, ûntsinkt alle moed him en klaut er tebek om oan 'e fuotten fan syn broer Hektor yninoar te krimpen. Menelaos easket it rjocht op om Paris te deadzjen, mei't it in twakamp oant de dea is, en ropt Hektor op om Paris oan him út te leverjen. Hektor antwurdet: "Hy is myn broer." As Menelaos dochs besiket om Paris dea te houwen, stekt Hektor him troch it hert. Dat biedt Agamemnon it perfekte ferlechje om 'e oarloch fuort te setten, dat hy jout syn troepen befel om it Trojaanske leger oan te fallen. Hoewol't der twa Griken foar eltse Trojaan binne, kinne de bôgesjitters op 'e muorren fan Troaje de Griken fan trije kanten ôf besjitte, wat liedt ta in bloedbad. Yn 'e striid deadet Hektor Ajaks de Grutte, dy't yn 'e foarste Grykske liny fjochtet. Odysseus praat op Agamemnon yn om it Grykske leger werom te lûken foar't it oan 'e lêste man ta ôfslachte wurdt. Op 't langelêst harket Agamemnon nei him en beoarderet in weromtocht nei it Grykske kamp.
Nei't Menelaos en Ajaks dy jûns kremearre binne, redendiele Agamemnon, Nestor en Odysseus oer de reden foar de Grykske nederlaach. Nestor stiet der tige by Agamemnon op oan om it goed te meitsjen mei Achilles, mei't de Griken no mear as ea ferlet hawwe fan dy grutte held. Dat sinniget Agamemnon min, mar hy harket nei syn riejouwers. Nestor merkt op dat Achilles sûnder mis Briseïs weromhawwe wolle sil, mar Agamemnon seit dat er it fanke oan syn mannen jûn hat, mei't dy nei de nederlaach wol in fersetsje brûke koene. Wylst de soldaten fan Agamemnon risselwearje om Briseïs te ferkrêftsjen, wolle se har earst brânmerkje. Achilles komt lykwols tuskenbeiden en slacht twa man heal dea, wêrnei't de oaren wol om lyk wolle. Hy nimt Briseïs mei werom nei syn tinte, dêr't se him letter dy nachts yn syn sliep besiket te fermoardzjen. Hy wurdt lykwols wekker en daget har út om har plan troch te setten; ynstee bedriuwe se de leafde en wurde se minners. De oare moarns nimt Achilles him foar om nei hûs te silen, mei't er skjin syn nocht hat fan Agamemnon en de hiele oarloch. Dat beslút skokt de Myrmidoanen, en fral Achilles syn neef en beskermeling Patroklus.
Underwilens hâlde de Trojaanske lieders beried. Hektor wiist derop dat de ôfwêzigens fan Achilles yn 'e slach betsjut dat der twaspjalt hearsket yn 'e Grykske rangen, en dat de Trojanen dêrom better in skoftke ôfwachtsje kinne om't in Trojaanske oanfal de Griken wer ferienje soe. Syn heit Priamos harket lykwols net nei him en folget it advys op fan legeroerste Glaukos en hegepreester Archeptolemus, om sa gau mooglik in wraam op it Grykske kamp te dwaan. Dy beiden wolle safolle mooglik profyt helje út 'e oerwinning foar de poarten en miene dat se no de Griken twinge kinne om nei hûs te gean. Sa't Hektor al freze hie, hielet de Trojaanske oanfal de breklinen mank de Griken. Achilles komt fanwegen mei de Myrmidoanen om lieding te jaan oan 'e ferdigening fan it Grykske kamp. Hektor bynt de striid mei him oan en deadet him, mar as er syn fijân de helm ôfdocht, blykt it net Achilles te wêzen, mar Patroklus yn 'e wapenris fan Achilles. Sawol de Griken as de Trojanen binne der alhiel ôf troch dat barren, en de oarloch wurdt foar de rest fan 'e dei stillein.
Eudoarus hat de ûntankbere taak om Achilles, dy't eins de hiele dei net út syn tinten kommen is, it nijs te bringen fan 'e dea fan syn neef. Achilles is alhiel ûntsteld troch it nijs, mar syn skok slacht gau om yn razernij, en hy swart wraak op Hektor. Dyselde sjocht it troch syn fersin somber yn, mei't er wol foar it ferstân hat dat er no fan Achilles in ûnfersoenbere fijân makke hat. Hy nimt syn frou Andromache mei en lit har in geheime gong sjen, dy't út it keninklik paleis fan Troaje ta de stêd út rint nei de berch Ida. Hy hjit har om, as de tiid komt, harren poppe en alle oare oerlibbenen dy't se sammelje kin, mei te nimmen en te ûntsnappen, mei't de Griken fan Troaje perfoarst gjin stien op 'e oare litte sille.