The Sisterhood of the Traveling Pants is in Amerikaansk romantysk komeedzjedrama út 2005 ûnder rezjy fan Ken Kwapis, mei yn 'e haadrollen America Ferrera, Amber Tamblyn, Alexis Bledel en Blake Lively. De titel betsjut "De Susterskip fan 'e Reizgjende Broek". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Ann Brashares út 2001. It ferhaal folget fjouwer teenagefreondinnen, dy't in mysterieuze twaddehâns spikerbroek keapje dy't harren allegear perfekt past, nettsjinsteande it feit dat se tige útinoar rinnende maten hawwe. As se foar de simmer útinoar geane om 'e fakânsje op ferskillende plakken troch te bringen, hâlde se kontakt troch inoar de broek ta te stjoeren, sadat se dy allegear in skoftke drage kinne. Meitiid reitsje se derfan oertsjûge dat de broek in magyske krêft hat om harren libbens yn geunstige sin te feroarjen. The Sisterhood of the Traveling Pants krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2008 kaam der in ferfolchfilm út: The Sisterhood of the Traveling Pants 2.
Plot Carmen Lowell, Tibby Rollins, Lena Kaligaris en Bridget Vreeland binne fjouwer santjinjierrige famkes út Bethesda, yn 'e Amerikaanske steat Marylân. Se binne al har hiele libben de bêste freondinnen, nettsjinsteande it feit dat se folslein ferskillende eftergrûnen hawwe. Se wiene al byinoar noch foar't se berne waarden, mei't harren memmen inoar troffen op swierensgymnastyk. No sille se foar it earst de simmerfakânsje apart faninoar trochbringe: Lena, wa har âldelju etnysk Grykske ymmigranten binne, giet te útfanhûzjen by har pake en beppe (papou en jia jia), op it eilân Santorini, yn Grikelân. Bridget, dy't út in rike famylje komt en de stjer fan it fuotbalteam fan har middelbere skoalle is, giet nei in fuotbalkamp op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. Carmen, dy't oan har memmekant fan Portorikaansk komôf is, komt út in brutsen gesin en giet op besite by har Amerikaanske heit yn Súd-Karolina. En Tibby, in rebel dy't har bot ôfset tsjin 'e maatskippij, bliuwt thús om mei in fakânsjebaan yn in supermerk genôch jild te fertsjinjen om in dokumintêre filmje te kinnen.
As de fammen mei-inoar te winkeljen geane, fine se yn in omrinwinkel in twaddehâns spikerbroek dy't harren alle fjouwer perfekt past, nettsjinsteande it feit dat se folslein ferskillende lichemsfoarmen hawwe: Tibby hat in normaal postuer, Bridget is slank en sportyf, Lena is rank en behindich, en Carmen is mûtel en foluptueus. Sadwaande komme se ta de konklúzje dat de broek magyske krêften hawwe moat. Se beslute en diel de broek troch him dy simmers oaninoar troch te stjoeren, sadat se him allegear like lang drage kinne. De deis dêrnei geane se útinoar. Om't Lena it fierst fuort giet, mei sy de broek it earst oan hawwe.
Lena wurdt yn Grikelân gastfrij, sij it op wat oerweldigjende wize, ûnthelle troch har bazige beppe, har stoïsynske pake, dy't frijwol gjin stom wurd seit, en in reuseftige kliber oare Grykske famyljeleden. Letter, as se de spikerbroek oan hat, knoffelet se yn 'e haven fan 'e oanlissteger ôf de see yn. Ien fan 'e boksen fan 'e broek bliuwt ûnder wetter heakjen oan 'e punt fan it iene of oare útstekkende stik metaal, en se ferdrinkt hàst. In jonge fisker komt har lykwols te help en rêdt har libben. Neitiid fertelt er har dat er Kostas Dounas hjit en allinne foar de simmer op it eilân is om syn pake te helpen; de rest fan it jier studearret er oan 'e universiteit yn Atene. As beppe ûntdekt dat Lena mei Kostas praat hat, leit se út dat der in freeslike fete bestiet tusken Lena har pake en de pake fan Kostas, en se stiet der by Lena op oan dat se net mear mei Kostas omgean sil. Lena ûnthjit dat en stjoert bot teloarsteld de broek troch nei Tibby.
Dy is ûnderwilens úteinset mei har fakânsjebaan by de grutte supermerkkeatling Wallman (dúdlik ynspirearre troch Walmart), dêr't se op in stuit in bewusteleas jong famke op 'e flier fynt. Se slacht alaarm en der komt in ambulânse dêr't it famke yn ôffierd wurdt. Letter komt itselde famke, dat Bailey Graffman hjit, by Tibby oan 'e doar mei de spikerbroek, dy't by fersin by har thús besoarge is, mei't se in adres hat dat op Tibby harres liket. Se is fassinearre troch Tibby har eigenmakke dokumintêre, dat se beneamt harsels ta Tibby har lûdsfrou en algemien assistinte. Se bemuoit har, ta Tibby har argewaasje, ek mei de fraachpetearen mei "sneue sufferts" dy't har libben troch de maatskippij bepale litte, wat it ûnderwerp fan Tibby har film wurde moat. Meitiid begjint Tibby lykwols op 'e help fan Bailey te rekkenjen, dat as it famke op in dei net opdaagjen komt, giet se nei har op 'e siik. By de Graffmans wurdt net iependien, mar fan 'e buorlju heart Tibby dat Bailey terminale leukemy hat en útbehannele is.
Underwilens is Carmen yn Charleston yn Súd-Karolina oankommen, mar de simmer om tiid yn te heljen mei har heit, dy't se mar twa kear yn it jier sjocht, rint foar har út op in bittere teloarstelling. Har heit, Al, 'ferrast' har mei it nijs dat er nije leafde fûn hat en no gearwennet mei in frou, Lydia Rodman, dy't al twa teenagebern út in eardere relaasje hat. Lydia, har soan Paul en dochter Krista binne blank, slank, blond, protestantsk en Ingelsktalich, allegear dingen dy't Carmen net is. Har heit is ynienen tige religieus wurden, wylst Carmen en har mem, dy't roomsk binne, him foarhinne op gjin inkele manear mei nei tsjerke krije koene. Hy is ek in tige belutsen heit foar Paul en Krista, wylst er dat foar Carmen nea west hat. De Rodmans, har heit ynbegrepen, ûnthelje Carmen skynber gastfrij, mar litte har dêrnei fierhinne oan har lot oer. Wat it noch minder makket, is dat Al en Lydia dy simmer trouwe sille en dat se fan Carmen ferwachtsje dat sy dêr ek in rol by spylje sil.
Nei't se yn Meksiko mei in buslading oare Amerikaanske fuotbalfammen op it fuotbalkamp arrivearret, rekket Bridget fuort de earste deis al fereale op 'e jonge coach Eric Richman, in studint dy't as frijwilliger oan it kamp ferbûn is. It feit dat relaasjes tusken coaches en fuotbalsters ferbean binne, makket Bridget nammenste mear wisberet om Eric foar har te winnen. Hja set útein mei in ferliedingskampanje dêr't se net inkeld har sportive kapasiteiten, mar ek har froulike foarmen en har lange blonde hier by ynset.
Yn Grikelân besiket Kostas it oan te lizzen mei Lena, nettsjinsteande de fete tusken harren famyljes. Dat is neffens him in rûzje fan âlde minsken dy't neat mei harren te krijen hat. Hoewol't se har beppe ûnthjitten hat dat se net mear mei Kostas omgean sil, brekt Lena dat ûnthjit om't se fereale op him rekket. Temûk bringe se hieltyd mear tiid troch, en de sympatike, oantreklike Kostas wit it bleue famke út har skulp te lokjen. As se lykwols op in feestje oan it tútsjen binne, wurde se trappearre troch Lena har pake en beppe, dy't har mei nei hûs skuorre. Kostas ropt út dat er fan har hâldt, mar Lena wurdt fuortsleept ear't se antwurdzje kin. Har beppe is tige lulk op har en jout har in flinke beskrobbing. Har pake seit, lykas gewoanlik, neat.
De oare deis sil Kostas de fearboat nei Atene nimme, om oan in nij stúdzjejier te begjinnen. Lena beslút einlings foar harsels op te kommen. Om't se wol foar it ferstân hat dat der mei beppe net te praten falt, giet se nei pake ta. Se seit dat eltsenien it der altyd oer hat dat se sa op har beppe liket doe't dy jong wie, mar net ien dy't sjocht dat se fan binnen eins mear wei hat fan har pake. Sy is like yntrovert en hat likefolle muoite om kontakt mei oare minsken te lizzen. Pake hat syn grutte kâns op leafde krigen doe't er beppe mette, mar wat as sy (Lena), no nea in oare kâns kriget as mei Kostas? Se is bang dat se him nea wer sjen sil as er fuortset sûnder dat se ôfskie fan him nimme meien hat. Beppe, dy't meilústere hat, besiket dêr daliks it near op te lizzen, mar pake hâldt de hân op sadat se stilfalt en seit: "Toe mar." Lena hastiget har nei de fearboat ta om Kostas te fertellen dat se ek fan him hâldt. Se nimme ôfskie mei in tút. Lena, dy't no alhiel mei har famylje fermoedsoene is, bliuwt noch in skoftke by har pake en beppe, oant se werom nei de Feriene Steaten moat. Se hat ûnderwilens Gryksk leard, en as pake har fuortbringt, seit se wat tsjin him yn dy taal. Pake antwurdet yn it Ingelsk: "Ik sil dy ek misse, Lena," wat de measte wurden efterinoar binne dy't er de hiele fakânsje tsjin har sein hat.
Yn Bethesda rekket Bailey almar fierder yn 'e minnichte. As se yn it sikehûs opnommen wurde moat, skytskoarret Tibby der tsjinoan en sykje har dêr op. Nei't har de spikerbroek wer tastjoerd is, giet se dochs. Bailey fertelt har dat se besite hân hat fan Brian McBrian, in jonge dy't se earder tegearre ynterviewd hawwe om't er de hiele dei oars neat docht as fideospultsjes spylje. Hy hat har in handheldfideospultsje brocht. Tibby hellet de spikerbroek foar it ljocht en stiet der by Bailey sterk op oan om 'e broek oan te dwaan, mei't de magyske krêften har miskien helpe kinne. Bailey antwurdet lykwols dat de broek har al holpen hat troch har en Tibby byinoar te bringen. Tibby siket Bailey dêrnei eltse dei op, oant úteinlik it freze tillefoantsje komt dat it famke ferstoarn is. Neitiid siket Tibby treast by Brian McBrian. Letter fynt se in fideobân werom dêr't Bailey in boadskip fan harsels op opnommen hat, wat Tibby it idee jout om dit bysûndere jonge famke ta ûnderwerp fan har dokumintêre te meitsjen.
Yn Súd-Karolina boazet it besyk fan Carmen oan har heit Al en dy syn nije gesin almar fierder oan. As har styfmem Lydia te min tiid hat om nei in fuotbalwedstryd fan har soan Paul ta, skoot se dat ôf op Al, en dêr moat dan in potsje tennis mei Carmen foar wike. Yn 'e hûs heart Carmen hoe't Lydia har dochter Krista en har freondinnen har efter har rêch om útlaitsje. Lydia wol dat Krista en Carmen breidsfamkes binne by har oankommende trouwerij mei Al, mar fan 'e beide kleurjende jurken dy't se besteld hat, is dy fan Carmen fierstente lyts. As Carmen yn 'e klaaikeamer heart hoe't Lydia en Krista yn misledigjende bewurdings oer har prate mei de eigneresse fan 'e breidsboetyk, hat se har nocht en seit se Lydia flink it mannewaar op foar't se lulk fuortrint.
Nei't se wat bekommen is, nimt se dy jûns nei tsjuster in taksy werom nei har heite hûs. It liket wol oft der nimmen thús is, dat de taksysjauffeur freget oft er wachtsje moat. Mar Carmen seit dat se grif ûngerêst om har binne en út te sykjen binne, dat se sil wol wachtsje oant se wer thúskomme. As se by de foardoar sitten gean sil, heart se lykwols wat, dat se rint om it hûs hinne nei de eftertún en sjocht dan har heit, Lydia, Paul en Krista laitsjend en sûnder in soarch yn 'e wrâld yn 'e ytkeamer oan it miel sitten. Dan brekt der wat by Carmen, dat se pakt in stien op en goait dy troch it rút, wêrnei't se hurd fuortdraaft. Se rint nei de bushalte en nimt dyselde jûns noch de bus werom nei Marylân.
Foar har mem en Tibby oer, dy't har besykje te helpen, hâldt Carmen fol dat se lulk is op Lydia en har bern, mar net op har heit. Yn har frustrearre razernij hellet se ek ferbaal út nei Tibby. Letter makket se dat wer goed, en jout se ta dat se eins wol deeglik poerlulk is op har heit. Under druk fan Tibby skillet se him op om him dat te fertellen. Hy mient mar dat se belle hat om har ekskuzes oan te bieden foar har hâlden en dragen, mar einlings en te'n lêsten smyt Carmen alles derút wat har dwers sit en freget se him wêrom't er har ôftanke hat om in nije, kant-en-kleare húshâlding te nimmen dy't fan uterlik mear op him liket. En wêrom't Paul eltse moanne trou alhiel nei Atlanta ta reizget om syn biologyske heit, Lydia har alkoholistyske eks-man, te besykjen, dy't yn in ôfkickklinyk sit, wylst Carmen har heit mar twa kear yn it jier tiid foar hàr hat. Har heit hat dêr net fan werom en seit dat it him spyt, mar Carmen antwurdet dat se wol woe dat it dêrmei ta koe en hinget op.