The Sisterhood of the Traveling Pants 2 is in Amerikaansk romantysk komeedzjedrama út 2008 ûnder rezjy fan Sanaa Hamri, mei yn 'e haadrollen America Ferrera, Amber Tamblyn, Alexis Bledel en Blake Lively. De titel betsjut "De Susterskip fan 'e Reizgjende Broek 2". De film is benammen basearre op 'e roman Forever in Blue (2007), it fjirde diel fan 'e romansearje The Sisterhood of the Traveling Pants, fan Ann Brashares, hoewol't der ek ferhaallinen en eleminten út inkele oare dielen yn it ferhaal ferwurke sitte. The Sisterhood of the Traveling Pants 2 is it ferfolch op 'e film The Sisterhood of the Traveling Pants, út 2005. De plot folget de hertsfreondinnen Carmen, Tibby, Lena en Bridget as se foar de fjirde simmer it rûlearjende eigendom fan in âlde spikerbroek hawwe, dêr't se magyske krêften oan tatinke. No't se gjin famkes mear binne, mar jonge froulju, begjint it kwartet lykwols útinoar te groeien. The Sisterhood of the Traveling Pants 2 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot Carmen Lowell, Tibby Rollins, Lena Kaligaris en Bridget Vreeland út Bethesda, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, binne al fan bêrn ôf oan hertsfreondinnen, ek al hawwe se folslein ferskillende eftergrûnen. Trije jier earder hawwe se yn in omrinwinkel in twaddehâns spikerbroek fûn dy't harren alle fjouwer perfekt past, nettsjinsteande it feit dat se folslein ferskillende postueren hawwe. Se besleaten de broek te dielen en mei't se de simmerfakânsje apart faninoar trochbrochten, stjoerden se broek fan 'e iene nei de oare, sadat se him allegear in skoft drage koene. Dy simmer feroare it libben fan 'e fjouwer fammen gâns, en se skreaune it oan 'e magy fan 'e broek ta dat se net foargoed útinoar rekken. De folgjende beide simmers dielden se broek op deselde manear.

No binne de fjouwer freondinnen gjin famkes mear, mar jonge froulju. Se hawwe allegear it earste jier oan 'e universiteit ôfrûne, mar hoewol't har freondinnen har draai yn it nije fermidden al rillegau fûnen, gou dat net foar Carmen. Wat it spul noch minder makket, is dat Tibby, Lena en Bridget amper noch nei har omsjogge, mei't se drok mei harren eigen libben binne. Dêr komt noch by dat Carmen har mem Christina in nije man troffen hat, wertroud is en swier rekke is, sadat sy likemin folle tiid foar Carmen oer hat. Dat makket dat se har iensum fielt en wat langer wat mear ferfrjemde fan har freondinnen.

Carmen hie sadwaande de stille hope dat se fjouweresom de simmerfakânsje trochbringen koene om 'e bannen wer oan te heljen, en se ûnderfynt it as in rare snútslach as bliken docht dat de oare trije al lang plannen foar de fakânsje makke hawwe, dêr't sy gjin diel fan útmakket: Lena docht in simmerkursus tekenjen oan 'e Rhode Island School of Design yn Providence; Tibby bliuwt yn New York, dêr't se in oplieding ta filmmakker folget, om't se in tentamen yn senarioskriuwen ynhelje moat dêr't se foar sakke is; en Bridget sil meihelpe by in argeologyske opgraving yn Turkije. As de oaren har freegje wat sy dwaan sil, komt dat Carmen oer it mad mei't se de simmer frij holden hat foar de oaren. Mar se is frege om as toanielassistint efter de skermen mei te helpen by in Shakespeare-opfiering yn Vermont, dêr't se foar betanke hat, dat om har net kenne te litten, blaft se derút dat se dat dwaan sil. Der wurdt ôfpraat dat de fammen de broek wer rûngean litte sille lykas de trije foargeande simmers.

Lena, dy't fan Gryksk komôf is, hat in goed fearnsjier earder de ferkearing útmakke mei Kostas Dounas, har frijer yn Grikelân, omreden fan 'e swierrichheden fan it ûnderhâlden fan in relaasje op ôfstân. It is har no lykwols dúdlik dat se in rare flater begien hat, want se hâldt noch altyd fan him. As se yn Grikelân is foar de begraffenis fan har pake, moetet se Kostas wer. Se is fan doel om him te freegjen har werom te nimmen, mar dan docht bliken dat Kostas ûnderwilens al troud is mei in Melia, dy't fan him yn ferwachting is. Emosjoneel yn 'e war keart Lena werom nei de Feriene Steaten om mei har tekenkursus yn Providence útein te setten. Dêr moetet se de tige oantreklike Leo, dy't foar de kursus as neakenmodel fungearret.

Yn New York hat Tibby foar it earst folsleine seks mei har frijer Brian McBrian, mar neitiid docht bliken dat it kondoom knapt is. Dat stoart Tibby yn in emosjonele krisis, mei't se benaud is dat se swier reitsje sil. Se sit bot yn noed oer de ynfloed dy't dat op har fierdere libben hawwe sil. Se lûkt har yn harsels werom, negearret tillefoantsjes en e-mailtsjes fan har freondinnen en brekt de ferkearing mei Brian ôf.

Wylst se risselwearret om ôf te reizgjen nei Turkije, ûntdekt Bridget yn in rommelhok dêr't se tassen foar har bagaazje siket, in steapel brieven fan har beppe Greta, dy't oan har rjochte binne. As se har heit dêrmei konfrontearret, jout dy ta dat er har post fan Greta efterholden hat, om't har manysk-depressive mem, dy't jierren lyn selsmoard dien hat, spul mei har mem Greta hie en net woe dat Bridget kontakt mei har hie. Bridget is poer, mar har heit hâldt út dat er elts rjocht hie om har te beskermjen.

Carmen reizget nei Vermont mei har freondinne Julia Beckwith, in aspirearjend aktrise dy't se ken fan 'e Universiteit fan Yale, dêr't se allebeide studearje. It toanielstik fan Shakespeare dat yn Vermont opfierd wurde sil, is The Winter's Tale. Julia bringt Carmen yn 'e kunde mei Bill Kerr, de eksintrike regisseur, en teffens mei Ian, in profesjoneel akteur út Ingelân, dy't earder mei Kerr gearwurke hat en de manlike haadrol op nimme sil. Ian liket fan it begjin ôf oan tige yn Carmen ynteressearre. Hy riedt har oan om audysje te dwaan foar in rol, mar Carmen antwurdet dat hja efter de skermen thús heart. As de audysjes holden wurde, draait Ian it spul op pleagerige wize lykwols sa dat Carmen mei goed fatsoen net wegerje kin. Dat, se docht audysje mei Ian as tsjinspiler en tinkt der fierders neat fan.

Lena giet in pear kear út mei Leo en liket yn him in nije leafde fûn te hawwen. Dan komt op in stuit Kostas opdaagjen, dy't har útlizze wol wat der no eins mei him oan 'e hân wie. Nei't it útgien wie mei Lena, sloech er ien kear om mei Melia, en letter fertelde hja him dat se fan him swier rekke wie. Op 'e Grykske eilannen is dat noch reden om halje-trawalje te trouwen, dat sadwaande it oerhaste houlik. Troch de moeting mei Lena op har pake' begraffenis seach Melia lykwols dat Kostas noch altyd fan Lena hold. Neitiid bychte se oan him op dat se net swier wie, mar inkeld fereale op him en dat se dêrom mei him trouwe wollen hie foar't er fuortglûpe koe. Se hawwe dêrom it houlik neatich ferklearje litten en Kostas is wer frijfeint. Hy freget Lena om him te ferjaan, en sy docht dat daliks. Hy seit it net mei safolle wurden, mar de ymplikaasje dat er Lena weromhawwe wol, is dúdlik. Lena betanket him lykwols foar de útlis en lit it dêrby, mei't se leaut dat se net mear deselde minsken binne as doe't se fereale opinoar rekken. Kostas jout him teloarsteld ôf. Op har folgjende ôfspraakje mei Leo freget Lena him oft er leaut dat minsken foarbestimd binne om 'de wiere' te finen. Leo antwurdet dat der neffens him net ien wiere foar jin is, mar withoefolle ferskillende lju dêr't jin by passe kinne. Dat is net it antwurd dat Lena siket, en Leo merkt dat. Se beslute om mar gewoan freonen te bliuwen.

Underwilens wurdt Tibby foar it blok set troch Lena har jongere suster Effie, dy't wol in relaasje mei Brian hawwe wol as Tibby him net mear hoecht. Mei tsjinnichheid stimt Tibby mei dat plan yn, om't se gjin logyske reden betinke kin om har dertsjin oan te kantsjen. Tibby bychtet einlings har hiele problematyske sitewaasje op oan Lena, dy't delkomt mei in swierenstest. Lyk foar't se arrivearret, kriget Tibby lykwols de regels, dat de test hat se gjin ferlet mear fan. Hoewol't se opluchte is dat se net swier is, sit se noch altyd emosjoneel yn 'e knoop, eat dat der bepaald net better op makke wurdt troch Effie har fuortfarrende wize om Brian yn te palmjen. Tibby riidt nei Vermont om emosjonele stipe by Carmen te sykjen, mar fertelt dêrby neat oer de mooglikheid dat se swier rekke wie. Carmen, dy't foar har gefoel sels al hast in jier troch har freondinnen negearre is, hat der gjin nocht oan om no ynienen, no't Tibby relaasjeproblemen hat, emosjoneel byspringe te moatten, dat se wiist de ferbjustere Tibby it gat fan 'e doar.

Nei't se by de argeologyske opgraving yn Turkije de leafdefolle omgong fan professor Nasrin Mehani, dy't dêr de lieding hat, mei har man en dochter sjoen hat, beseft Bridget dat sy nea sa'n soarte bân mei har mem hân hat, en ek mei har heit is der altyd in beskate ôfstân, sadat se suver harsels opfiede moatten hat. Dy jûns makket se har beppe' brieven iepen om dy te lêzen. Foar't de dage oan 'e loft is, beslút se nei Alabama te reizgjen om beppe Greta te besykjen. Dyselde lit, as Bridget ynienen ûnoankundige by har foar de doar stiet, earst blike frijwat kwetst te wêzen dat se fyftjin jier lang troch Bridget negearre is, mar as Bridget har fertelt dat har heit de brieven foar har ferburgen hat, is it gau wer klear tusken harren. Fan Greta heart Bridget dat har mem by heech en by leech ûntkende dat se psychyske problemen hie, en dat eltsenien dy't net krekt dwaan woe as wie der neat oan 'e hân, út har libben band waard. Bridget har heit akseptearre har hâlden en dragen, mar Greta net, en dêrom woe Bridget har mem neat mear mei har te krijen hawwe. Bridget sit deroer yn hokfoar mem oft se sels wêze sil en oft se net deselde flaters werhelje sil dy't har mem ek makke hat. Mar Greta stelt har gerêst dat sy in folslein oar en psychysk folle sterker persoan is as har mem. Ek fertelt se har dat har memme leafde foar har de reden wie wêrom't har mem al net folle earder út it libben stapte. Neitiid giet Bridget nei hûs, dêr't se it goedmakket mei har heit en mei him ôfpraat dat se tenei mear byinoar belutsen wêze sille.

As by de Shakespeare-opfiering yn Vermont de rolferdieling bekend wurdt, blykt Carmen har aktearjende freondinne Julia mar in minuskúl roltsje mei amper dialooch krigen te hawwen, wylst Carmen de froulike haadrol fan Perdita taparte krigen hat. Carmen is der ynearsten fan oertsjûge dat dat in flater wêze moat, mar regisseur Bill Kerr bewissiget har derfan dat er mei opsetsin foar har keazen hat. Dat ropt de jaloerskens fan Julia op, dy't fynt dat de haadrol harsels takomt. Foar Carmen oer spilet se lykwols moai waar. Om't se wol foar it ferstân hat dat Carmen har bot oanlutsen fielt ta Ian, de manlike haadrolspiler, fertelt se Carmen dat Ian har (Julia) mei út frege hat op in ôfspraakje, om't er nei't it skynt alhiel fan har besleifere is. Carmen fielt har troch de flirterige Ian bedragen, mar om't se nea harren gefoelens foarinoar útsprutsen hawwe, kin se net bêst protest oantekenje as Ian mei in oar útgiet. Har toanielspyljen hat lykwols bot ûnder de sitewaasje te lijen en Carmen ferprutst ferskate repetysjes.

Krekt foar de generale repetysje kriget Carmen berjocht dat har mem Christina nei it sikehûs rekke is om't se befalle moat. Mei't se pas oer in pear wiken útrekkene is, ferkeart Carmen har nije styfheit David foar syn wurk noch yn it bûtenlân. Sels is Carmen ek te fier fuort en boppedat kin se de foarstelling net samar sitte litte, dat yn wanhoop skillet se Tibby op, dy't nei trije kear prebearjen einlings opnimt. Se leit de sitewaasje út, en Tibby hastiget har nei it sikehûs ta, dêr't se tsjûge is fan 'e berte fan Carmen har nije bruorke. It barren jout har in folslein nij perspektyf foar swierwêzen en befallen oer. Neitiid giet se nei Brian, ûntskuldiget har foar har eardere hâlden en dragen en bekent oan him dat se noch altyd fan him hâldt. Hy is yrritearre oer it feit dat se him oan 'e dyk set hat ynstee fan mei him oer har benearjende gefoelens te praten. Nettsjinsteande dat makket er it har net al te dreech en de ferkearing rekket wer oan.