Thor: Ragnarok is in Amerikaanske apokalyptyske superheldefilm mei science fiction-eleminten út 2017. De film stie ûnder rezjy fan Taika Waititi, en de haadrollen waarden spile troch Chris Hemsworth en Tom Hiddleston. De titel betsjut: "Thor: Ragnarök" (Ragnarök is de ein fan 'e tiden yn 'e Noardske mytology). It ferhaal folget de god Thor, dy't, nei it ferstjerren fan syn heit Odin, ûntdekt dat er in âldere suster hat, Hela, de goadinne fan 'e dea. Hja is wisberet om net inkeld Asgard, mar it hiele hielal ûnder har skrikbewâld te bringen, en Thor moat har tsjinhâlde. Dat falt lykwols noch net ta as er fêst komt te sitten op in planeet dy't letterlik de dwinger fan it hielal liket te wêzen. Thor: Ragnarok krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 3 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Spider-Man: Homecoming. De folgjende film fan 'e rige is Black Panther, dat yn 2018 útkaam, mar it direkte ferfolch op Thor: Ragnarok is Thor: Love and Thunder, út 2022.

Plot Twa jier nei de Slach om Sokovia (sjoch: Avengers: Age of Ultron) lit de god en superheld Thor him mei opsetsin finzen nimme op in net by namme neamde planeet, dêr't er foar de fjoerdemon Surtur brocht wurdt. Dyselde sit him te fergriemen om it lot fan Thor en fertelt selsfoldien dat er mei koarten Thor syn thúswrâld Asgard ferdylgje sil yn 'e lang foarseine ein fan 'e tiden Ragnarök. As er syn kroan ferienet mei de Ivige Flamme dy't yn 'e klûs fan Odin baarnt, sil er syn folsleine macht weromkrije dy't er lang ferlyn ferlear doe't er ferslein waard troch Odin. As dat bart, sil nimmen him noch tsjinkeare kinne. Thor ornearret dat Odin Surtur fannijs ferslaan sil sadree't dyselde him op Asgard sjen lit, mar Surtur fernijt him dat Odin net op Asgard is. Nei't er syn fijân alhiel útkloarke hat, skuort Thor himsels los, ropt syn magyske hammer Mjölnir by him, ferslacht Surtur, stelt syn kroan en keart werom nei Asgard.

Op Asgard blykt yn 'e fjouwer jier sûnt Thor dêr foar it lêst west hat, gâns feroare te wêzen. Heimdall, de alsjende wachter fan 'e Bifröst, de Reinbôgebrêge (dy't eins in wjirmgat nei oare wrâlden is), mist fan syn post. Thor kriget te hearren dat Odin Heimdall ferballe hat foar ferrie. De nije wachter by de Bifröst is de kriger Skurge, dy't benammen wyn en blast is. Yn 'e stêd treft Thor syn heit Odin oan dy't genietet fan it goede libben yn it skaad fan in reuseftich stânbyld fan Thor syn pleechbroer Loki, wylst er nei in toanielstik sjocht dêr't de heldhaftige dea fan Loki, fjouwer jier earder (sjoch: Thor: The Dark World), yn ôfbylde wurdt, mei personaazjes fan Odin en Thor dy't Loki alle lof taswaaie. Thor grypt de tasjende "Odin" by de lurven en twingt him de betsjoening op te heffen dy't him it uterlik fan Odin jout. It docht bliken dat it eins Loki is, dy't dochs net omkommen is op 'e Dûnkere Wrâld, sa't eltsenien miende, mar neitiid temûk weromkommen is nei Asgard om dêr it plak fan Odin yn te nimmen sûnder dat ek mar immen dêr euvelmoed yn hie.

Thor twingt Loki om him mei te nimmen nei it plak dêr't er Odin finzen set hat. Dat blykt in fersoargingstehûs yn New York te wêzen, dat lykwols krekt sloopt wurdt as se dêr oankomme. Mei help fan 'e tsjoender dr. Stephen Strange, dy't Loki sa fluch mooglik fan 'e Ierde ôf hawwe wol, fine se Odin werom yn Noarwegen, dêr't er yn 'e wyldernis op in klif boppe in fjord útsjocht oer de Atlantyske Oseaan. Odin komplimintearret Loki mei de betsjoening dy't er oer him útsprutsen hie, mei't er der klauwen oan hân hat om himsels dêrfan te ûntdwaan. Hy leit oan syn soannen út dat er stjerrende is, en dat Ragnarök op kommendeweis is nettsjinsteande al Thor syn krewearjen om dat foar te kommen. It sit nammentlik sa: Odin hat nòch in bern, Thor syn âldere suster Hela, de goadinne fan 'e dea. Dyselde wie oarspronklik de oanfierster fan 'e legers fan Asgard by de ferovering fan 'e Njoggen Riken, mar se wie te ambisjeus en waard te machtich, sadat se lang ferlyn troch Odin finzenset en út 'e skiednis wiske waard om't dat de iennichste manear wie om har te berongjen.

Odin komt yn it bywêzen fan Thor en Loki te ferstjerren, en fuort dêrnei ferskynt Hela, dy't harsels presintearret as har heite erfgenamt en de rjochtlike hearskeresse oer Asgard en de Njoggen Riken. Se easket dat har bruorren harren foar har delbûge. Dy wegerje dat en Thor smyt syn hammer Mjölnir, dy't nimmen wjerstean kin, op har ôf. Mar Hela grypt de hammer fêst en knypt him oan gruzeleminten. As Loki foar himsels en Thor de Bifröst nei Asgard nimt, folget Hela harren dêrhinne. Underweis smyt se Loki en Thor út it wjirmgat, de romte yn.

Sadwaande komt Hela allinne yn Asgard oan, dêr't se by de Bifröst twa fan 'e Trije Krigers, Volstagg en Fandral, deadet, dy't Thor dêr postearre hie om in eachje te hâlden op 'e ûnbetroubere Skurge. Dyselde kiest derfoar om te oerlibjen en jout him by Hela. Yn 'e stêd wurdt Hela oanfallen troch Hogun, de lêste fan 'e Trije Krigers, mei it hiele Asgardster leger, mar se deadet harren allegearre. Yn it keninklik paleis hout se de flier stikken om tagong te krijen ta in reuseftige ûndergrûnske tombe, dêr't de Asgardster krigers dy't yn âlde tiden foar har fochten hawwe en sneuvele binne, opbiere lizze, en ek har ryddier, de reuseftige wolf Fenris. Mei har krêften as goadinne fan 'e dea bringt se dyselden allegear wer ta libben, of alteast ta in steat fan ûndea. Skurge stelt se oan as har boal. Oan him iepenbieret Hela har plan om it Asgardster Ryk út te wreidzjen oer it hiele hielal, mar dêrfoar is se de Bifröst nedich, en de troch Loki ferballe Heimdall glûpt by de kontrôlekeamer fan 'e Bifröst nei binnen ta en stelt it swurd dat de kaai is ta de betsjinning fan it wjirmgat.

Thor bedarret op Sakaar, in planeet dy't omjûn wurdt troch wjirmgatten, en dy't blykber letterlik de dwinger fan it hielal is, dêr't alle ôftanke troep en lju gearkomme. Hy wurdt rêden fan in groep bûtenierdske wêzens dy't mank de rotsoai libje en him opite wolle, mar syn rêdster is in slavehannelster mei de namme Scrapper 142, dy't him betwingt mei it gebrûk fan in stroomstjitwapen. Oan in tatoeaazje op har earm ken Thor har wer as in Walkuere, ien fan 'e legindaryske karkloft fan froulike Asgardster kriichsters dy't lang ferlyn oan 'e lêste ta omkommen wêze soene by it befjochtsjen fan Hela. Hy sprekt har dêrop oan, mar sy wol der neat fan witte. Se ferkeapet him oan 'e hearsker fan Sakaar, in persoan dy't himsels de Grutmaster neame lit. It docht bliken dat op Sakaar de tiid in apart ferrin hat en dat Loki der al in pear wiken earder belâne is. Hy hat him ûnderwilens yn 'e geunst fan 'e Grutmaster witten te wurkjen.

Neitiid wurdt Thor twongen om as gladiator mei te dwaan oan 'e gefjochten dy't de Grutmaster yn in mânske, oerdutsen arena hâlde lit. Hy moat útkomme tsjin 'e kampioen, in wêzen tsjin wa't gjin inkele tsjinstanner oant no ta in gefjocht oerlibje kinnen hat. Ta Thor syn opluchting blykt dat nimmen oars as de Hulk te wêzen, fan wa't neat mear fernommen is nei't er twa jier lyn, oan 'e ein fan 'e Slach om Sokovia, útpykte yn 'e Quinjet fan 'e Avengers (sjoch: Avengers: Age of Ultron). De opluchting is fan koarte doer as der mei de Hulk net te riddenearjen falt, sadat it mei it gefjocht oangiet. Nei't er in flink wan bruien krigen hat, ropt Thor ynstinktyf wjerljocht op fan binnenyn him en betellet er de Hulk mei gelikense munt werom. De Grutmaster sabotearret lykwols it gefjocht, sadat syn kampioen, de Hulk, it wint. Mar Thor is wol de earste dy't in gefjocht mei de Hulk oerlibbet en neitiid wurdt er yn deselde lúkse ynrjochte sel as de Hulk opsletten.

Thor besiket de Hulk en Scrapper 142 te bepraten en help him om Asgard te rêden fan Hela, mar net ien fan beiden hawwe se dêr earen nei. Dêrom ûntsnapt er op eigen manneboet nei de Quinjet, dêr't er mei weromkeare wol nei Asgard. De Hulk, dy't it fierders op Sakaar wol nei it sin hat, is lykwols iensum en wol net dat Thor by him wei giet. Hy folget him nei de Quinjet, dy't er by fersin fernielt as er oerstjoer oan board komt. Thor kalmearret him troch in fideoboadskip fan Natasha Romanoff oftewol Black Widow ôf te spyljen, de superheldinne fan wa't de Hulk hâldt. Dat soarget derfoar dat de griene reus foar it earst yn twa jier transformearret ta dr. Bruce Banner. Dyselde is raar gesteld as er foar it ferstân kriget hoelang't de Hulk him diskear behearske hat, dat hy nimt him foar om 'e Hulk der nea wer "út" te litten.

Underwilens jout de Grutmaster oan Scrapper 142 en Loki in ultimatum om Thor en de Hulk op te spoaren en te fangen en binnen in oere by him werom te bringen, of oars… Loki en Scrapper 142 reitsje neitiid lykwols fuortendaliks slaande deilis. As Loki ûntdekt dat er in Walkuere foar him hat, kringt er har tinzen binnen om't er witte wol hoe't it kin dat sy de konfrontaasje mei Hela oerlibbe hat (troch de selsopoffering fan in oare Walkuere), en twingt har sa om 'e útrûging fan har susters te werbelibjen. Letter fynt Scrapper 142 op 'e strjitte Thor en Banner, dy't se mei weromnimt nei har appartemint, dêr't se Loki finzen hâldt. Troch it werbelibjen fan it gefjocht mei Hela is de Walkuere ferfolle rekke fan in langst nei wraak op Hela, dat se hat besletten har dochs by Thor te jaan. Loki slút him by de groep oan, mei't er leaver net útfine wol wat de Grutmaster foar him yn petto hat as er Thor en de Hulk net binnen de stelde tiid werombringt. Hy hat net stilsitten yn 'e tiid dy't er op Sakaar trochbrocht hat, dat hy beskikt oer de koades fan alle romteskippen fan 'e Grutmaster.

Wylst Banner en de Walkuere de oare gladiators befrije, dy't ûnder lieding fan 'e bûtenierdske wêzens Korg en Miek prompt in opstân tsjin 'e Grutmaster begjinne, liedt Loki Thor nei de hangaar fan 'e Grutmaster. Dêr besiket er him te ferrieden, om dochs noch wer in wyt fuotsje by de Grutmaster te heljen, mar Thor, dy't syn broer langer ken as hjoed en juster, is him foar en skeakelet him út mei itselde stroomstjitwapen dat de Walkuere en de Grutmaster earder tsjin himsels brûkt hawwe. Hy ûntsnapt yn it plezierjacht fan 'e Grutmaster, dêr't Banner en de Walkuere har by him jouwe. De trewanten fan 'e Grutmaster sette yn harren eigen skippen de efterfolging yn, mar Thor en de Walkuere weve op spektakulêre wize mei harren ôf. Se ûntkomme trijeresom yn it plezierjacht troch it grutste wjirmgat op Sakaar, dat dêr bekend stiet as de 'Duvelsanus'. Loki wurdt yn 'e hangaar oantroffen troch Korg en Miek en har maten, dy't net ien fan allegearre botte skrander binne. Dat stelt Loki by steat om daliks de lieding oer harren te nimmen. Mei-inoar ûntkomme se fan Sakaar yn in reuseftich frachtskip.

Troch it wjirmgat berikke Thor, Banner en de Walkuere Asgard, dêr't Heimdall ûnderwilens de boargerbefolking yn feilichheid besiket te bringen fia de Bifröst. Op 'e Reinbôgebrêge wurde se lykwols opwachte troch de reuseftige wolf Fenris, wylst de weromwei ôfsletten wurdt troch Hela har leger fan ûndeaden, oanfierd troch Skurge. Thor bewapenet it plezierjacht mei in ûnbidich grut masinegewear. Wylst er sels Hela yn 'e stêd oanfalt en Heimdall en de Asgardsters de ûndeaden befjochtsjen, besykje Banner en de Walkuere út 'e loft wei ôf te weven mei Fenris. As dat net slagget en hy sjocht wat de wolf mei de boargers dwaan sil, komt Banner werom op syn eardere beslút. Hy springt út it romteskip, feroaret yn de Hulk, en begjint Fenris in pak op 'e hûd te jaan. De Walkuere en in beroufolle Skurge jouwe har by Heimdall-en-dy, en krije fersterking fan Loki en de ûntsnapte gladiators, dy't op dat stuit mei har grutte frachtskip op Asgard arrivearje. De boargers wurde it frachtskip yn dirigearre, wylst Heimdall, Loki en de Walkuere de efterhoede dekke en Skurge himsels deafjochtet as de ûndeaden besykje om it frachskip te interjen.