Captain America: The Winter Soldier is in Amerikaanske superheldefilm út 2014 ûnder rezjy fan 'e bruorren Anthony en Joe Russo, mei yn 'e haadrollen Chris Evans, Scarlett Johansson en Samuel L. Jackson. De titel betsjut "Kaptein Amearika: De Wintersoldaat", en ferwiist sawol nei de superheld Captain America út 'e strips fan Marvel Comics, as nei de supersmjunt dy't er yn dizze film treft. It ferhaal folget Captain America en syn freonen Black Widow en Falcon as de ynternasjonale feilichheidstsjinst S.H.I.E.L.D. ynfiltrearre blykt te wêzen troch in âlde fijân. Tagelyk moatte se it opnimme tsjin in mysterieuze hiermoardner dy't de Wintersoldaat hjit. Captain America: The Winter Soldier krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 2 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Thor: The Dark World. De folgjende film fan 'e rige is Guardians of the Galaxy. Yn 'e ferhaalline fan Captain America folget Captain America: The Winter Soldier op The Avengers (2012) en giet er foarôf oan Captain America: Civil War, út 2016.
Plot Twa jier nei it ôfslaan fan in bûtenierdske ynvaazje yn New York (sjoch: The Avengers) wurket Steve Rogers, alias de superheld Captain America, yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. foar de ynternasjonale geheime tsjinst S.H.I.E.L.D. Hy hat noch altyd swierrichheden om him oan te passen oan 'e moderne wrâld, om't er nei syn oerwinning op 'e geheime nazy-organisaasje Hydra, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, krapoan santich jier beferzen lein hat op 'e Noardpoal.
As in ûndersyksskip fan S.H.I.E.L.D. yn 'e Yndyske Oseaan kaapt wurdt troch seerôvers oanfierd troch de Frânske âld-kommando George Batroc, wurdt Rogers as Captain America útstjoerd om 'e gizelders te befrijen. Hy wurdt by dy rêdingsmisje stipe troch Natasha Romanoff yn har alter ego fan 'e superheldinne Black Widow en troch it S.T.R.I.K.E.-kommandoteam fan S.H.I.E.L.D. û.l.f. agint Brock Rumlow. Op it skip ûntdekt Rogers dat Romanoff eins in oare misje hat, nammentlik om safolle mooglik ynformaasje út it kompjûtersysteem fan it skip te heljen en op in USB-stick te laden. Dêrmei bringt se de rêdingsmisje yn gefaar.
Werom yn 'e Triskelion, it haadkertier fan S.H.I.E.L.D. yn Washington, D.C., sprekt Rogers de direkteur fan S.H.I.E.L.D., Nick Fury, dêrop oan. Fury bringt him dan op 'e hichte fan Projekt Ynsjoch: de bou fan trije nije 'fleandekkopters' (fleanende fleandekskippen), ferbûn mei in netwurk fan spionaazjesatelliten en bedoeld om bedrigings foar de wrâldoarder preëmptyf, dus foar't se gefaarlik wurde kinne, te eliminearjen. As Fury de ynformaasje op 'e USB-stick dy't er fan Romanoff krigen hat, besiket yn te sjen, wurdt him de tagong ûntsein. As er freget op waans autoriteit dat bart, antwurdet it programma dat it op Fury syn eigen autoriteit is. Om't er wit dat er himsels de tagong ta de ynformaasje net ûntsein hat, wurdt Fury erchtinkend oer it hiele Projekt Ynsjoch. Hy stapt nei de minister foar Ynterne Befeiliging Alexander Pierce ta, dy't it tafersjoch oer S.H.I.E.L.D. hat, om it projekt stil te lizzen.
Underweis nei in moeting mei syn fertrouling Maria Hill wurdt Fury neitiid ûnferhoeds mei swiere wapens oanfallen troch in grutte groep manlju dy't as plysjes ferklaaid binne. Hja wurde oanfierd troch in mysterieuze hiermoardner dy't foarhinne foar de Sovjet-Uny wurke en dy't bekendstiet as 'de Wintersoldaat'. Fury rekket ferwûne, mar wit fia it rioel te ûntsnappen. Hy bejout him nei it appartemint fan Rogers, de iennichste fan wa't er mei wissichheid wit dat er te fertrouwen is. Oan him langet er de USB-stick mei de kodearre ynformaasje oer. Nei't er Rogers op it hert drukt hat om nimmen te fertrouwen, wurdt er út in foaroerlizzend flatgebou wei delsketten troch de Wintersoldaat. Rogers set de efterfolging yn, mar de moardner ûntkomt. Fury wurdt halje-trawalje nei it sikehûs brocht, dêr't er op 'e operaasjetafel fertsjert. Rogers ferberget de USB-stick yn in snackautomaat yn it sikehûs.
De oare deis wurdt Rogers yn it Triskelion by Alexander Pierce roppen, dy't liket te witten dat Rogers de USB-stick fan Fury krigen hat. Rogers beart lykwols as wit er fan neat en slacht it bedutsen drigemint fan Pierce yn 'e wyn. Neitiid wurdt er yn in smoarfolle lift oan 'e bûtenkant fan it gebou oanfallen troch Rumlow en de leden fan it S.T.R.I.K.E.-team. Hy wit harren lykwols fan him ôf te slaan en te ûntkommen troch it rút fan 'e lift stikken te slaan en út it gebou te springen. Pierce merkt him oan foar in krimineel op 'e flecht. Rogers giet nei it sikehûs om 'e USB-stick op te heljen, dy't lykwols al út 'e snackautomaat mist. It docht bliken dat Romanoff it ding bemachtige hat. Hja stelt foar dat Rogers en sy de lapen gearsmite.
Romanoff kin de ynformaasje op 'e USB-stick ek net iepenje, mar it slagget har al en bepaal wêr't de ynformaasje wei komt. Dat is earne yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Twaresom reizgje Rogers en Romanoff dêrhinne en fine in âlde geheime S.H.I.E.L.D.-bunker. Dêr ûntdekke se in superkompjûter mei it preservearre bewustwêzen fan 'e nazy-wittenskipper dr. Arnim Zola, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch it brein efter de útfinings fan Hydra wie.
Zola fertelt Rogers en Romanoff dat er nei de oarloch omreden fan syn briljante ferstân yn Amerikaanske tsjinst kommen is. Yn it ferhoalene hat er ûnderwilens Hydra lykwols weroprjochte. S.H.I.E.L.D., dat koart nei de oarloch stifte waard, hat sadwaande fan it begjin ôf oan ynfiltrearre west troch Hydra. Neffens Zola wie de grutste flater fan Hydra dat it besocht de minsken harren frijheid ôf te nimmen sûnder foar it ferstân te hawwen dat minsken har dêrtsjin fersette soene. Hydra yn syn weroprjochte foarm hat dêrom trijefearnsiuw krewearre om safolle gaos en trelit yn 'e wrâld te feroarsaakjen as mar mooglik is, sadat de minsken úteinlik frijwillich ôfstân dwaan wolle fan harren frijheid yn ruil foar feilichheid. Oan 'e ein fan dy lange en ûnfrege útlis docht bliken dat Zola oan it tiidrekken wie, sadat S.H.I.E.L.D. in raket ôfsjitte koe dy't by de ynslach it hiele bunkerkompleks ferneatiget. Troch Rogers syn superkrêften oerlibje hy en Romanoff de oanfal lykwols.
Om't Pierce, nei de dea fan Fury, de iennichste binnen S.H.I.E.L.D. is mei it foech om it ôfsjitten fan sa'n raket te beoarderjen, beseffe Rogers en Romanoff dat hy oan it haad fan Hydra stean moat. Se dûke ûnder by Sam Wilson, in eardere pararêdingsman fan 'e Amerikaanske Loftmacht, mei wa't Rogers yn 'e ôfrûne moannen freonskip sletten hat. Dyselde biedt harren syn help oan (as Falcon) mei syn rêchwjukte wingsuit. Mei syn trijen nimme se S.H.I.E.L.D.-agint Jasper Sitwell finzen, dy't in mol foar Hydra is, en twinge him om út te lizzen wat Hydra by de ein hat. It docht bliken dat Zola in algoritme foar datamining ûntwikkele hat dat op basis fan eigenskippen en dieden út it ferline yndividuën identifisearje kin dy't yn 'e takomst in bedriging foar Hydra wurde sille. Mei de trije fleandekkopters fan Projekt Ynsjoch sille al sokke lju mei satellytstjoerde kanonnen yn ien klap fermoarde wurde.
Sitwell komt om as Rogers-en-dy yn in mûklaach rinne fan 'e Wintersoldaat. Wannear't dyselde by it dêropfolgjende gefjocht syn gesichtsbedekkend masker ferliest, ken Rogers him wer as syn bêste freon Bucky Barnes, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch by in oanfal op in trein fan Hydra yn in ravyn fallen is en dêrom dea waand waard (sjoch: Captain America: The First Avenger). No blykt dat er eins syn fal oerlibbe hat en troch Hydra finzen nommen is. Nei de oarloch waard er bleatsteld oan eksperiminten wêrby't syn lichem en geast oanpast waarden: syn lofterearm waard amputearre en ferfongen troch in metalen proteze, hy waard boppeminsklike sterk en syn ûnthâld waard wiske.
De Wintersoldaat en syn trewanten winne it gefjocht, dat lang om let wurde Rogers, Romanoff en Wilson finzen nommen. Rumlow en it S.T.R.I.K.E.-team nimme harren mei om har op in stil plak te fermoardzjen. Fury syn assistinte Maria Hill is lykwols yn it S.T.R.I.K.E.-team ynfiltrearre en wit it trio te rêden. Hja nimt harren mei nei in safehouse dêr't Fury, dy't syn eigen dea yn sêne set hat om oan Pierce-en-dy te ûntkommen, oan 'e opbetterjende hân is fan syn ferwûnings. Fury en Hill hawwe ûnderwilens in plan útdoktere om 'e fleandekkopters fan Projekt Ynsjoch te sabotearjen troch de kontrôlechips om te wikseljen foar guon dy't se sels produsearre hawwe.
Rogers en Wilson ynfiltrearje yn 'e Triskelion om 'e omwikseling fan 'e chips te berêden. Underwilens arrivearje fjouwer leden fan 'e Wrâldfeilichheidsried foar de lansearring fan 'e trije nije fleandekkopters. Rogers kaapt it lûdssysteem fan it gebou om eltsenien dêre op 'e hichte te bringen fan 'e gearspanning fan Hydra. Dat liedt ta tsjinwurking fan 'e lansearring fan 'e fleandekkopters troch S.H.I.E.L.D.-personiel dat te goeder trou is, mar it ferset wurdt op ûnmeilydsume wize de kop yndrukt troch it S.T.R.I.K.E.-team. Pierce besiket de Wrâldfeilichheidsriedsleden te gizeljen, mar ien fan harren blykt Romanoff yn momkape te wêzen, en hja ûntwapenet him. Fury arrivearret per helikopter en twingt Pierce ta meiwurking by it digitaal ûntskoatteljen fan 'e S.H.I.E.L.D.-database, sadat Romanoff geheime ynformaasje nei de media lekke kin en dêrmei it bestean fan Hydra bekend meitsje. Pierce besiket Fury te oermasterjen, mar dyselde sjit him dea.
Underwilens kringe Rogers en Wilson elts op spektakulêre wize ien fan 'e trije fleandekkopters binnen en wikselje de kontrôlechips om. Neitiid wurdt it wingsuit fan Wilson fernield troch de Wintersoldaat, sadat it op Rogers oankomt om 'e trêde chip te ferwikseljen. De Wintersoldaat besiket dat foar te kommen en yn harren gefjocht wurdt Rogers hindere troch it feit dat er syn âlde freon gjin kwea dwaan wol. Lang om let wit er de Wintersoldaat lykwols langernôch fan him ôf te slaan om 'e chip om te wikseljen. Dêrop nimt Hill de kontrôle oer de trije fleandekkopters oer, dy't krekt op it punt steane om alle minsken yn 'e stêdekloft fan Washington, D.C. te ferdylgjen, dy't Hydra as mooglike bedriging identifisearre hat (ûnder wa de presidint fan 'e Feriene Steaten). Op befel fan Hill nimme de trije loftskippen lykwols ynstee inoar ûnder fjoer, sadat se alle trije ferneatige wurde.
Nei't er de lêste chip omwiksele hat, wegeret Rogers om noch langer tsjin syn freon te fjochtsjen, mei as gefolch dat de Wintersoldaat him alhiel yninoar slacht. As de fleandekkopter dêr't hy him yn befynt, yn botsing komt mei de Triskelion, wat ta de ferneatiging fan it gebou liedt, falt in bewusteleaze Rogers út it loftskip yn 'e rivier de Potomac. De Wintersoldaat springt him efternei en skuort him út it wetter op it drûge, ear't er weiwurdt yn it strewelleguod op 'e igge.
Mei S.H.I.E.L.D. kompromittearre en dêrtroch fierhinne útskeakele, ferskynt Romanoff foar in kommisje fan 'e Amerikaanske Senaat om in tsjûgenis ôf te lizzen. Fury set ûnder dekking fan syn eigen ferstjerren ôf nei East-Jeropa om dêr de restearjende sellen fan Hydra op te spoaren en te eliminearjen. Rogers en Wilson geane op 'e siik nei de Wintersoldaat. Underwilens wurdt in swierferwûne Rumlow, dy't út 'e brokstikken fan it ynstoarte diel fan 'e Triskelion wei opdold is, op 'e intensive care-ôfdieling fan in pleatslik sikehûs opnommen sûnder as terrorist werkend te wurden.