Jurassic World is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2015 ûnder rezjy fan Colin Trevorrow, mei yn 'e haadrollen Bryce Dallas Howard en Chris Pratt. It wie de fjirde film út 'e Jurassic Park-filmsearje en it earste diel fan 'e Jurassic World-trilogy. De titel betsjut "Sjuerawrâld", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. It ferhaal spilet op Isla Nublar, foar de kust fan Kosta Rika. Dêr is, 22 jier nei it jammerdearlik einige earste besykjen om in safarypark mei dinosauriërs te iepenjen, it nije park Jurassic World yn fol bedriuw. As in genetysk manipulearre superdinosaurus losbrekt op in eilân mei 22.000 besikers, litte de gefolgen har riede. Jurassic World krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. In fyfde film yn 'e Jurassic Park-rige, mei as titel Jurassic World: Fallen Kingdom, kaam út yn 2018.

Plot De bruorren Zach fan fyftjin en Gray fan tsien wurde troch harren yn skieding lizzende âldelju nei Isla Nublar ta stjoerd, in eilân yn 'e Stille Oseaan foar de kust fan Kosta Rika. Dêr wurket harren muoike Claire Dearing as bedriuwsliedster fan it safarypark en ferdivedaasjepark Jurassic World. It park draait om troch kloanen en genetyske manipulaasje wer ta libben brochte dinosauriërs, dy't mear as sechstich miljoen jier lyn útstoarn wiene. It is in fuortsetting fan Jurassic Park, in earder safarypark fan itselde type op itselde eilân, dat lykwols nea iepengie omreden fan in útbraak fan 'e dinosauriërs doe't it park noch yn oanbou wie, dêr't ferskate minsken by omkamen (sjoch: Jurassic Park). Jurassic World hat lykwols wiermakke wat John Hammond, de grûnlizzer fan it wer ta libben bringen fan dinosauriërs, foar eagen stie, en de eigner fan it park, Simon Masrani, is dêr bot grutsk op.

By oankomst op Isla Nublar docht bliken dat Claire dy deis noch ferskate agindapunten hat dy't wichtiger binne as om har lestige muoikesizzers te begelieden, dat sadwaande draacht se dat putsje oer oan har assistinte Zara. De jonges pike lykwols al rillegau út om it park op eigen manneboet te ferkennen. Earnewêr oars op it eilân is Owen Grady, in etolooch en feteraan fan 'e Amerikaanske Marine, al in skoft dwaande om in fjouwertal Velociraptors* te trainen en ûndersyk te dwaan nei harren yntelliginsje. Blue, Echo, Delta en Charlie, sa't de bisten hjitte, witte krekt wat er fan harren wol, mar oft se dat ek dogge, dat hat der wol oan. Grady is him der tige by tige fan bewust dat it freeslik gefaarlike bisten bliuwe. Vic Hoskins, it haad befeiliging fan InGen, it bedriuw efter Jurassic World, is der lykwols fan oertsjûge dat de bisten troch de striidkrêften as wapen ynset wurde kinne yn oarlochssitewaasjes. Dat is in idee dêr't Grady en syn assistint Barry har sterk tsjin oankantsje. *) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-franchise komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e films. Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e films.

Om 'e oandacht fan it publyk fêst te hâlden, moat Jurassic World om 'e pear jier mei in nije en leafst gruttere en gefaarlikere dinosaurus oankomme. Njonken bgl. Velociraptors en de Tyrannosaurus rex beskikt it park dêrom ek oer in Mosasaurus, in reuseftige yn see libjende dinosaurus, dy't yn in lagune fuorre wurdt mei haaien, wêrby't it bist leard is dat er boppe it wetter útspringe moat yn it bywêzen fan it entûsjaste publyk. De nijste oanwinst fan it park is de Indominus rex, in op lân libjende dinosaurus dy't noch grutter en gefaarliker is as in Tyrannosaurus rex. It is lykwols gjin natuerlik bist, mar is út 'e genen fan ferskate soarten dinosauriërs opboud troch dr. Henry Wu, in genetikus sûnder folle skrupules dy't 22 jier lyn al by Jurassic Park belutsen wie yn 'e tsjinst fan John Hammond.

Mei't de Indominus rex sawat ree is om oan it publyk presintearre te wurden, bringe Masrani en Claire in besyk oan it ferbliuw fan it bist, dêr't reuseftich hege muorren omhinne steane. Masrani is twifelich oer de effektiviteit fan alle feilichheidsmaatregels, en stelt foar om Grady der ris nei sjen te litten, dy't mei syn folslein oare eftergrûn miskien oare dingen opmerkt as 'gewoane' wittenskippers. Claire, dy't mei Grady op in ôfspraakje west hat dat einige yn in fiasko, is net botte bliid dat se wer mei him omgean moat. Nettsjinsteande dat siket se him yn syn frije tiid op en freget him it ferbliuw fan 'e Indominus rex te ynspektearjen. As Grady dêr de boel oereaget, warskôget er Claire dat it nije bist, dat syn hiele libben lang allinne fêstholden is, gjin sosjale feardichheden hat, wat it hâlden en dragen gefaarlik en ûnfoarsisber makket. Fuort letter docht bliken dat de Indominus rex net mear yn syn ferbliuw is, mei't it kompjûtersysteem nearne syn lichemswaarmte registrearret. Op ien plak binne djippe klau-ôfdrukken fan ûnderen nei boppen yn 'e muorre ynkurven.

As Grady en in pear oare parkmeiwurkers har yn it ferbliuw bejouwe om 'e klau-ôfdrukken fan deunby te besjen, docht lykwols bliken dat de Indominus rex noch wol deeglik yn it ferbliuw is. Allinnich hat it bist nei't it skynt it fermogen om syn eigen lichemswaarmte te maskearjen. Boppedat is it bist blykber sa grizelige yntelligint dat it mei sin de klau-ôfdrukken yn 'e muorre oanbrocht hat om 'e minsken syn ferbliuw yn te lokjen. As ien fan 'e parkmeiwurkers yn panyk de poarte iepenet om fuort te kommen, slagget it de Indominus rex om út te brekken, wêrby't er de beide parkmeiwurkers ferslynt. Grady oerlibbet de konfrontaasje inkeld troch himsels mei benzine te oerjitten, sadat syn lichemsrook maskearre wurdt.

Neitiid riedt Grady oan Masrani oan om 'e Indominus rex sa gau mooglik dea te sjitten, mar Masrani, dy't syn ynvestearring beskermje wol, stjoert ynstee in befeiligingsteam efter it bist oan om it te fangen. De Indominus rex is lykwols sa yntelligint dat it de stjoerder, dêr't it mei tarist is, útskuort. Ek docht bliken dat it bist himsels kamûflearje kin yn 'e kleuren fan syn om-en-by. Hy komt it befeiligingsteam oer it mad en deadet harren op in pear nei allegearre. Dêrnei jout Claire opdracht om 'e noardlike sektor fan Isla Nublar te ûntromjen. Masrani giet nei it laboratoarium, dêr't er dr. Wu ûnderstiet oer de genetyske gearstalling fan 'e Indominus rex. Mei't dat in bedriuwsgeheim is, wegeret Wu him dêr folle oer te fertellen, behalven dan dat it bist foar it meastepart út Tyrannosaurus rex-genen bestiet. Dy binne lykwols oanlinge mei genen fan alderhanne bisten; it fermogen om kamûflearjende kleuren oan te nimmen komt fan inketfisken, en it fermogen om syn lichemswaarmte te maskearjen, komt fan 'e beamkikkerts.

Underwilens binne Zach en Gray it safarypark oan it ferkennen yn in bolfoarmich toerfiertúch. As der in oprop komt om werom te kearen nei it begjinpunt, om't dit diel fan it park ûntromme wurdt, jouwe se dêr gjin gehoar oan. Krektoarsom, as se in gat yn in stek sjogge, dêr't de Indominus rex dwers troch in ôffreding gien is, beslute se in ferbean diel fan it park binnen te gean. Dêr wurde se al rillegau oerfallen troch de Indominus rex, dy't harren fiertúch ferneatiget. De beide jonges witte lykwols nauwerneed te ûntkommen troch fan in klif yn in wetterpoel te springen. Fierderop stjitte se op 'e ruïnes fan it besikerssintrum fan Jurassic Park. Dêr fine se in âlde Jeep, dy't se reparearje troch in akku ta te foegjen út in deunby lizzende, troch de Indominus rex ferwoastge, moderne SUV.

As Claire fan Zara heart dat dy har muoikesizzers kwytrekke is, freget se Grady om help en geane se tegearre op 'e siik nei de jonges. Se treffe in spoar fan deade en stjerrende dinosauriërs oan, mei't de Indominus rex alles op syn paad ombringt sûnder it op te fretten. Claire en Grady fine it stikkene parkfiertúch fan 'e jonges en folgje harren spoar nei de ruïnes, dêr't se sels ek oanfallen en op in hier nei opfretten wurde troch de Indominus rex. As Claire de lokaasje fan it bist trochjout oan 'e kontrôlekeamer fan it park, set Masrani mei de oerlibjende leden fan it befeiligingsteam yn in helikopter ôf. Diskear binne de mannen bewapene om it bist te deadzjen. De Indominus rex lokket de helikopter lykwols mei nei de foliêre fan it park, in reuseftich koepelfoarmich gebou dêr't de (fleanende) pterosauriërs húsfêste binne. It bist batst dêr dwers troch in glêzen muorre en jaget de pterosaurïers nei bûten ta, dy't dêrnei de helikopter fan Masrani delstoarte litte. Masrani en syn befeiligingslju komme dêrby om.

De pterosauriërs fleane neitiid nei it resort fan it park, dêr't alle tûzenen besikers gearklofte binne, en sette útein mei in massale oanfal út 'e loft wei op wat se as proai beskôgje. Zach en Gray witte ûnderwilens yn 'e Jeep it resort te berikken, dêr't se opfongen wurde troch Zara. Dyselde wurdt lykwols oppakt troch in pterosauriër, dy't mei har fuortfljocht. As se te swier blykt te wêzen, stoart it bist mei har del yn it wetter fan 'e lagune, dêr't se allebeide opfretten wurde troch de Mosasaurus. Grady en Claire witte it resort ek te berikken. Se jouwe har by it bewapene personiel fan it park jouwe, dat úteinset is mei it delsjitten fan 'e pterosauriërs. Claire wurdt einlings weriene mei har muoikesizzers.

Nei de dea fan Masrani grypt haad befeiliging Hoskins yn 'e kontrôlekeamer de macht troch in groep swierbewapene kommando's binnen te heljen. Hy wol de Velociraptors ynsette tsjin 'e Indominus rex. Claire har fertrouling Lowery Cruthers warskôget har dêrfoar, wêrnei't sy mei Grady en de jonges nei it ferbliuw fan 'e Velociraptors riidt. Grady set útein mei Hoskins in terwinkel te ferkeapjen, mar lit him dêrnei mei tsjinnichheid troch de man beprate dat it ynsetten fan 'e Velociraptors de iennichste kâns is om 'e Indominus rex te oerwinnen. Boppedat fiert Hoskins syn plan likegoed út, oft Grady dêr no oan meiwurket of net. Grady beslút syn meiwurking deroan te ferlienen en set de Velociraptors op it spoar fan 'e Indominus rex, wêrnei't hy, Barry en de kommando's fan Hoskins mei de bisten op jacht geane.

De Velociraptors hawwe net folle muoite om 'e Indominus rex op te spoaren, mar as se him ienris fûn hawwe, docht bliken dat de Indominus rex foar in oansjenlik part út Velociraptor-DNA bestiet. It bist kin sadwaande Grady syn posysje as lieder fan 'e troep oernimme. De kommando's iepenje it fjoer op 'e Indominus rex, dy't lykwols wit te ûntkommen, wêrnei't de kommando's oanfallen wurde troch de Velociraptors, dy't fluch mei harren ôfweve. Ien fan 'e Velociraptors, Charlie, komt ek om. Yn it haadkertier fan it park begjint Hoskins dêrnei oan 'e evakuaasje fan dr. Wu en syn dinosaurusembryo's. Claire en har muoikesizzers ûntkomme yn in frachtwein fan it Velociraptor-ferbliuw nei it haadkertier, wêrby't se in grut part fan 'e wei troch de Velociraptors efterfolge wurde. Underweis jout Grady him by harren. Yn it haadkertier treffe se Hoskins oan, dy't noch mear embryo's út it laboratoarium besiket te heljen. Grady konfrontearret him mei it mislearjen fan syn plan, mar Hoskins lêst him it leksum oer hoe't je de geskinken oannimme moatte dy't de natoer te bieden hat. De wurden binne him kwealk út 'e mûle of de Velociraptor Delta brekt yn it laboratoarium yn, byt him dea en fret him op.