Mikaela Pauline Shiffrin (Vail, Kolorado, 13 maart 1995) is in Amerikaansk skyster. Shiffrin makke yn 2011 har debút. Har grutste suksessen oant no ta binne ûnder mear it winnen fan twa gouden Olympyske medaljes en seis oerwinningen by de wrâldkampioenskippen. Yn 2014 waard se Olympysk kampioene op de slalom en yn 2018 wûn se op it ûnderdiel reuzeslalom, en behelle se in sulveren medalje op de kombinaasje. By de wrâldkampioenskippen waard se fjouwer kear wrâldkampioene op de slalom, ien kear op de super-G en ien kear wist se de kombinaasje te winnen.

Kategory:Amerikaansk skyer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1995