Tina Maze (Slovenj Gradec, 2 maaie 1983) is in earder Sloveensk skyster.

Maze dy't debutearre yn 1999, die fjouwer kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 2002, 2006, 2010 en 2014). Sy waard yn 2014 Olympysk kampioene op de ôfdaling en de reuzeslalom. By de ôfdaling moast se it earste plak diele mei de de Switserske Dominique Gisin beide behellen deselde tiid fan 1:41.57. Yn 2010 hie se op de reuzeslalom en de super-G ek al twa sulveren medaljes wûn. Hy waard ek fjouwer kear wrâldkampioene yn 2011 op de reuzeslalom, yn 2013 op de super-G, yn 2015 waard se wrâldkampioene op de ôfdaling en de kombinaasje.

Yn 2017 hold Maze op mei skyen op heech nivo.

Kategory:Sloveensk skyer Kategory:Sloveensk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1983