It Westjordaanlân, Sisjordaanje, Judeä en Samaria of de Westlike Jordaanigge (Arabysk: الضفة الغربية, aḍ-Ḍiffä l-Ġarbīyä, Hebriuwsk: יהודה ושומרון / הגדה המערבית, Jehûda Wesjomron (Judeä en Samaria) / Hagadah Hama'aravit) is ien fan de Palestynske gebieten en foarmet mei de Gazastripe de steat Palestina. It Westjordaanlân is in berchgea en wurdt yn it easten begrinzge troch de rivier de Jordaan, dy't de grins mei Jordaanje foarmet, en de Deade See en yn it noarden, westen en suden mei Israel (de Griene Line).

It Westjordaanlân, mei East-Jeruzalim ynbegrepen hat in oerflak fan 5640 km², mei 220 km² wetter dy't de noardwestlike hoeke fan de Deade See befettet. It hat in befolking fan 2.747.943 Palestinen en goed 670.000 Israelyske kolonisten, dêr't 220.000 fan yn East-Jeruzalim wenje. De ynternasjonale mienskip erkent dy Israelyske delsettings yn it Westjordaanlân en East-Jeruzalim net en achtet dy yllegaal, itjinge Israel bestriidt.

Namme De namme komt fan it Arabyske aḍ-Ḍiffah al-Ġarbiyyah dy't ferwiist nei de lizzing westlik fan de rivier de Jordaan. De Neolatynske namme Sisjordaanje (Cis Jordan) dy't ek wol brûkt wurdt, benammen yn de Romaanske talen, betsjut "oan dizze kant fan de Jordaan". Jordaanje , dat eastlik fan de Jordaan leit waard ynearsten Transjordaanje ("oan oare kant fan de Jordaan") of ek wol East-Jordaanje neamd.

Skiednis Foarskiednis thumb|left|It Britske Mandaatgebiet Palestina fan 1920 oant 1923 Fan 1517 oant 1917 foel it gebiet ûnder it Osmaanske Ryk as part fan Osmaansk Syrje. By de konferinsje fan san Remo yn 1920 waard troch de alliearden, dy't de Earste Wrâldkriich wûn hiene, besletten it gebiet ûnder it Britske Mandaatgebiet Palestina (1920-1948) yn te dielen. De konferinsje bekrêftige de Balfour-ferklearring fan 1917 dy't in "nasjonaal thús foar de Joaden" neistribbe. It Feriene Keninkryk ferklearre Abdullah I 11 april 1921 as emir fan Transjordaanje, en op 25 maaie 1946 ferklearre er it as in ûnôfhinklike Hasjemitysk keninkryk.

It Britsk mandaat op Palestina soe yn 1948 ôfrinne. Yn 1947 waard neffens Resolúsje 181 fan de Feriene Naasjes oannommen dat it Mandaatgebiet Palestina yn in Joadske steat (Israel) en Arabyske steat (Palestina)ferparte wurde soe. Jeruzalim soe as ien enklave ûnder ynternasjonaal bestjoer komme. It Westjordaanlân, yn in gruttere foarm as it "heuveleftich gebiet fan Samaria en Judeä", soe part fan de Arabyske steat wurde. Sionistyske Joaden ferklearren iensidich de ûnôfhinklikens fan Israel, wylst de Arabieren it plan fersmieten. Dêrop ûntstie de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948. Israel besette guon gebieten dy't ynearsten net oan de Joadske steat tawiisd waarden lykas it westlike part fan Jeruzalim. Transjordaanje besette dêrnei it Westjordaanlân en it easten fan Jeruzalim mei de Alde Stêd.

Under Jordaansk bestjoer Nei't it wapenskoft yn 1949 oerienkommen waard, waard de foarriedige grins tusken Israel en Transjordaanje, de Griene Line fêstlein. Transjordaanje anneksearre dêrop it gebiet wesytlik fan de Jordaan yn 1950 en neamde it it Westjordaanlân of Westlike Jordaanigge. Transjordaanje feroare syn namme yn Jordaanje, om't er no oan beide kanten fan de Jordaan leit. Palestynske boargers yn it Westjordaanlân en East-Jeruzalim krigen automatysk it Jordaanske steatsboargerskip. De anneksaasje fan Westjordaanlân troch Jordaanje waard lykwols net troch de ynternasjonale mienskip erkend útsein troch Pakistan en it Feriene Keninkryk.

In soad Palestynske flechtlingen út Israel waarden opfongen yn flechtlingekampen yn it Westjordaanlân en wiene ôfhinklik fan help fan de Feriene Naasjes. Palestynske flechtlingen foarmen mear as in tred fan de totale befolking fan it keninkryk Jordaanje fan 1,5 miljoen. Palestinen krigen deselde rjochten as eltsenien yn it keninkryk sûnder iennige foarm fan diskriminaasje. De lânbou foarme de grutste ekonomyske sektor fan it Westjordaanlân, dat nettsjinsteande dat er yn oerflak lytser wie, de helte fan alle lânbougrûn fan Jordaanje hie.

Israelyske besetting 260px|thumb| Nei de Seisdagekriich besette Israel yn juny 1967 it Westjordaanlân en East-Jeruzalim. Ta tsjinstelling fan East-Jeruzalim en it Nimmenslân tusken Israel en Jordaanje, anneksearre Israel it Westjordaanlân net, dochs hold it oant 1982 ûnder militêre kontrôle.

Op de top fan de Arabyske Liga yn Rabat yn 1974 waard de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) as de "iennige fertsjintwurdiger fan it Palestynske folk" ferklearre. Jordaanje hie lykwols offisjeel syn oanspraken op it Westjordaanlân oant 1988 noch net opsein, doe't er dy oanspraken opsei yn it foardiel fan de PLO. Alle bestjoerlike en wetlike bannen mei it Westjordaanlân waarden doe ferbrutsen en Palestinen fan it Westjordaanlân waarden fan it Jordaanske steatsboargerskip ûntlutsen.

Nei it Israelysk-Egyptysk fredesferdrach yn 1982 waard it streekrjochte militêre bestjoer omfoarme yn in semy-boargerlik bestjoer, dy't daliks ûnder it ministearje fan definsje foel. De Israelyske delsettings wurde lykwols bestjoerd ûnder it Israelyske distrikt Judeä en Samaria.

Wetlike status Alhoewol't 164 lannen it Westjordaanlân mei East-Jeruzalim as "besette Palestynske gebieten" beskôgje, ferwiist Israel nei de Feriene Naasjes dy't allinnich gebieten dy't yn in steat fan kriich fan in "fêstige en erkende sûvereiniteit" ynnommen waarden as beset gebiet sjocht. Israel besjocht it Westjordaanlân lykwols as "bestride gebiet" en net as "beset gebiet"

Bestjoerlike ferdieling Yn 1993 waarden de Oslo-akkoarten oerienkommen tusken Jasser Arafat fan de PLO en de Israelyske minister-presidint Yitzchak Rabin ûnder begelieding fan de Amerikaanske presidint Bill Clinton. Op grûn dêrfan waard troch Mahmûd Abbas yn 1994 de Palestynske Autoriteit oprjochte. Dy krige dêrnei beheind foech oer it Westjordaanlân dat ynparte waard yn gebieten mei A, B, en C-status. Yn Gebiet A, benammen de stêden hat de Palestynske Autoriteit oer likernôch 11% net-oaninoarlizzende gebieten yn it Westjordaanlân it foech bestjoerlik en oer it feiligenstafersjoch, mar hat lykwols noch hieltyd te krijen mei regelmjittige Israelyske ynfallen. Gebiet B, benammen it plattelân (28%) falt ûnder in mienskiplik Israelysk-Palestynsk militêre kontrôle en Palestynske boargerlik bestjoer. Gebiet C, benammen fruchtbere grûn en boarnen (61%), falt folslein ûnder Israelyske kontrôle, dêr't in soad Israelyske delsettings boud waarden.

Jeruzalim waard by dy akkoarden bûten beskôging litten. Dêr soe fiif jier letter oer besletten wurde.

Nei't Fatah en Hamas yn 2007 yn in ynterne kriich tangele rekken, bleaune de gebieten yn it Westjordaanlân ûnder it bestjoer fan de Palestynske Autoriteit, wylst Hamas it bestjoer yn de Gazastripe oernaam.

Geografy thumb|Sicht op it Judeäberchtme út Ramallah wei It Westjordaanlân hat in oerflak fan 5.628 km², dat 21,2% fan it eardere Mandaatgebiet Palestina beslacht. It gebiet is in drûch berchgea mei in bytsje fegetaasje yn it westen en drûch yn it easten. It hat in totale lângrinslingte fan 404 km. De hichte yn it gebiet farriearret fan -408 meter by de igge fan de Deade See oant de heechste punt, Nabi Yunis, mei in hichte fan 1030 meter boppe seenivo. It Westjordaanlân leit net oan see en syn hichten soargje foar it oanfier fan grûnwetter foar it kustgebiet fan Israel.

Der binne mar in bytsje grûnstoffen yn it gebiet mei útsûndering fan boulân, dat 27% fan it lân beslacht. It wurdt it meast as permanint greidlân brûkt (32%) en seizoensbûne lânbou (40%). Wâlden beslane likernôch 1% fan it gebiet.

Klimaat It klimaat yn it Westjordaanlân is in mediterraan klimaat, mei koelere temperatueren op de hegere plakken. Yn it easten, dêr't in part fan de Woastyn fan Judeä en de iggen fan de Deade See part fan binne, is it klimaat waarm en drûch.

Demografy Neffens in folkstelling fan de Palestynske Autoriteit yn desimber 2007 wennen der 2.345.000 Palestynske Arabierem yn it Westjordaanlân, mei East-Jeruzalim ynbegrepen. Dat wie twaris sa folle as tsien jier earder.Palestinians grow by a million in a decade Jerusalem Post 8 febrewaris 2008 (argivearre) Likernôch 30% dêrfan binne flechtlingen of it neiteam dêrfan dy't út it gebiet komt dat nei 1948 Israel waard. Hja wenje benammen yn flechtlingekampen. Neffes de UNWRA, it program fan de Feriene Naasjes foar it helpen en opfangen fan Palestynske flechtlingen yn it Midden-Easten, wiene dat der yn 2008 754.263 persoanen.Flechtlingen neffens UNWRA Neffens it Israelysk Boargerlik Bestjoer wie der yn maaie 2012 in befolking fan 2.657.029 Palestinen yn it Westjordaanlân.

Yn 2014 wennen der 389.250 Israelyske kolonisten yn it Westjordaanlân, sûnder East-Jeruzalim, mei likernôch 375.000 dy't yn it troch Israel anneksearre East-Jeruzalim wenje. Der binne ek lytse etnyske groepen, lykas de Samaritanen dy't yn en om Nablus hinne wenje. Harren oantalllen wure rûsd op in pear hûndert.

Yn oktober 2007 wurkje der likernôch 23.000 Palestinen fan it Westjordaanlân yn Israel, wylst der 9.200 yn Israelyske delsettings wurkje. Boppedat wurde der likernôch 10.000 Palestynske hannelers fan it Westjordaanlân tastien en reizgje ôf nei Israel. Yn 2014 wurken der 92.000 Palestinen, legaal of yllegaal, yn Israel, twaris safolle as yn 2010.

Religy De befolking fan it Westjordaanlân is 80-85% moslim en 12-14% Joadsk. It oerbliuwende part is kristlik, benammen Gryksk-otterdoks.

Grutste plakken thumb|Ramallah (2010) thumb|Betlehim 120px|thumb|Palestynske gûverneminten yn it Westjordaanlân + Stêden en ynwenners yn it Westjordaanlân Stêd Ynwenners East-Jeruzalim 542.400 JIPR 2018 Hebron 163.146 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Nablus 136.132 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Jenin 90.004 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Tulkarm 51.300 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Yattah 48.672 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Modi'in Illit 48.600 Israelysk buro foar de statistyk (2010) argivearre Qalqilyah 41.739 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Al-Bireh 38.202 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Beitar-Illit 37.600 Israelysk buro foar de statistyk (2010) argivearre Ma'ale Adummim 33.259 Israelysk buro foar de statistyk (2010) argivearre Ramallah 27.460 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Betlehim 25.266 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Jericho 18.346 Palestynsk buro foar de Statistyk (2007) argivearre Ariel 17.700 Israelysk buro foar de statistyk (2010) argivearre

It meast ticht befolke part fan it gebiet is in berchrige dy't fan it noarden nei it suden rint dêr't de stêden Jeruzalim, Nablus, Ramallah, Al-Bireh, Jenin, Betlehim, Hebron en Yattah allyk de Israelyske delsettings ArielMa'ale Adumim en Beitar Illit yn lizze. Ramallah is it bestjoerlike en ekonomyske sintrum fan de Palestinen. Jenin leit yn it uterste noarden en leit oan de súdlike igge fan de flakte fan Jezreel. Modi'in Illit, Qalqilyah en Tulkarm lizze yn de útrinners njonken de Israelyske kustflakte. Jericho en Tubas lizze yn de delling fan de Jordaan noardlik fan de Deade See.

Palestynske gûverneminten It Westjordaanlân is ferparte yn 11 gûverneminten: Jenin, Tubas, Tulkarm, Nablus, Qalqilya, Salfit, Ramallah en Al-Bireh, Jericho, Jeruzalim (mei it troch Israel anneksearre East-Jerusalim mei Israelyske boargers), Betlehim en Hebron.

Israelyske delsettings thumb|Israelyske delsetting Ariel thumb|Israelyske delseting Chemdat yn de Jordaandelling