Star Wars: The Bad Batch is in Amerikaanske tekenfilmsearje dy't yn 2021 úteinsette. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: The Bad Batch waard basearre op 'e Star Wars-prequeltrilogy. De searje is in spin-off fan 'e eardere tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: De Minne Kloft", of: "De Defekte Kloft". De searje folget de fiif (letter seis) leden fan in geweargroep fan kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, dy't troch har genetyske mutaasjes by steat binne om har te befrijen fan 'e fia in chip yn harren harsens ymplantearre hearrigens oan 'e boasaardige keizer Palpatine en syn trewanten. Neitiid tsjogge se as hierlingen troch it Stjerrestelsel en nimme dêrby riskante misjes oan. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: The Bad Batch pleatst wurde drekt nei de film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith. De searje waard troch de tillefyzjekritisy mei positive resinsjes ûntfongen en wûn yn 2022 in Saturn Award.
Untstean De tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars rûn yn it earstoan fan 2008 oant en mei 2014, wêrnei't er omreden fan 'e oername fan filmstudio Lucasfilm troch Disney stopset waard. Yn july 2018 kundige Dave Filoni, it haad fan Lucasfilm Animation, oan dat der noch in sânde en lêste seizoen fan Star Wars: The Clone Wars makke wurde soe om alle ferhaallinen ôf te triedzjen. Dat sânde seizoen kaam yn 2020 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+. Dêrta hearde ek in ferhaalline fan fjouwer ôfleverings wêryn't in geweargroep fan kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk mei genetyske mutaasjes yntrodusearre waard, dy't oantsjutten waard as "the bad batch". Dy ôfleverings waarden streekrjocht oernommen fan in earder, nea makke, slotseizoen fan Star Wars: The Clone Wars, dat betocht wie troch Star Wars-skepper George Lucas. De ferhaalline sloech sa oan, dat Lucasfilm besleat om "the bad batch" in eigen searje te jaan.
Produksje Yn july 2020 waard formeel besletten ta it meitsjen fan Star Wars: The Bad Batch. De searje waard ûntwikkele troch Dave Filoni op basis fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Josh Rimes wie as tillefyzjeprodusint by it projekt belutsen foar Lucasfilm en dochterûndernimming Lucasfilm Animation. Yn 'e mande mei Athena Yvette Portillo, Jennifer Corbett en Brad Rau hie Filoni as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. De titelmuzyk en de soundtrack wiene it wurk fan Kevin Kiner, dy't dêrfoar gebrûk makke fan tema's út 'e filmmuzyk dy't John Williams komponearre hie foar de films fan 'e Skywalker Saga. De distribúsje fan Star Wars: Resistance waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. De searje waard útslutend beskikber makke fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. Anno 2023 rint Star Wars: The Bad Batch twa seizoenen, fan maaie 2021 oant en mei maart 2023. Der binne (oant no ta) yn totaal 32 ôfleverings makke fan elts 23 minuten.
Utgongspunt fan 'e plot Star Wars: The Bad Batch draait om in geweargroep (Kloangroep 99) fan fiif kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk: Hunter, Wrecker, Tech, Cosshair en Echo (allegearre ynsprutsen troch Dee Bradley Baker). Krekt as alle kloansoldaten binne hja tarist mei in chip yn 'e harsens dy't harren eigen wil ûnderdrukke kin. Op dy wize brûkt kânselier Palpatine de kloanen by syn steatsgreep om harren troch Oarder 66 harren eigen Jedi-ofsieren fermoardzje te litten by wat bekend komt te stean as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. Neitiid is it foar Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, in kâld keunstke om 'e macht te gripen, de Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen en autokratysk regearjend keizer te wurden fan it nije Galaktysk Keizerryk.
De leden fan Kloangroep 99 hawwe lykwols genetyske mutaasjes dy't harren by steat stelle om 'e wurking fan 'e chip yn har harsens te ûnderdrukken. Nei de Grutte Suvering fan 'e Jedi desertearje se út it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat dan omfoarme wurdt ta de stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk. In jonge froulike kloan, Omega (Michelle Ang), dy't in net-modifisearre replikaasje fan 'e Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett is, slút har by Kloangroep 99 oan. Seisresom reizgje se tenei troch it Stjerrestelsel en nimme se yn 'e gaoatyske tiid fuort nei de oprjochting fan it Galaktysk Keizerryk as hierlingen riskante misjes op har.
Rolferdieling
Haadrollen personaazje akteur/aktrise Hunter Dee Bradley Baker Wrecker Dee Bradley Baker Tech Dee Bradley Baker Crosshair Dee Bradley Baker Echo Dee Bradley Baker Omega Michelle Ang
Weromkearende byrollen personaazje akteur/aktrise voice-over Tom Kane AZI-3 Ben Diskin premier Lama Su fan Kamino Bob Bergen Nala Se Gwendoline Yeo fise-admiraal Rampart Noshir Dalal ES-04 Dahéli Hall Cid Rhea Perlman Bolo Liam O'Brien Ketch Sam Riegel ES-02 Tina Huang ES-03 Ness Bautista
Gastrollen personaazje akteur/aktrise Jedi-master Depa Billaba Archie Panjabi alle oarlochsandroïden Matthew Wood Caleb Dume Freddie Prinze jr. keizer Palpatine / Darth Sidious Ian McDiarmid Bib Fortuna Matthew Wood Saw Gerrera Andrew Kishino admiraal Wilhuff Tarkin Stephen Stanton grutfizier Mas Amedda Stephen Stanton Cut Lawquane Dee Bradley Baker Shaeeah Lawquane Nika Futterman Jek Lawquane Kath Soucie Suu Lawquane Cara Pifko ES-01 Emilio García-Sánchez kaptein Rex Dee Bradley Baker Howzer Dee Bradley Baker Gregor Dee Bradley Baker Wilco Dee Bradley Baker luitenant-kolonel Cody Dee Bradley Baker Fennec Shand Ming-Na Wen Trace Martez Brigitte Kali Rafa Martez Elizabeth Rodriguez Cad Bane Corey Burton Todo 360 Seth Green Taun We Rena Owen Avi Singh Alexander Siddig GS-9 Sian Clifford Hera Syndulla Vanessa Marshall Cham Syndulla Robin Atkin Downes Eleni Syndulla Ferelith Young senator Orn Free Taa Phil LaMarr senator Bail Organa Phil LaMarr Chopper – (lûdseffekten) Roland Durand Tom Taylorson Phee Genoa Wanda Sykes Romar Adell Héctor Elizondo Tawni Ames Tasia Valenza gûverneur Grotton Max Mittelman
Seizoenen seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk1164 maaie 202113 augustus 2021Disney+2164 jannewaris 202329 maart 2023
Untfangst en resultaat Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earste seizoen fan Star Wars: The Bad Batch in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 90 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De prachtich animearre aventoeren soene wolris tefolle op foarôfgeande kennis fan it Star Wars-universum stypje kinne foar tafallige sjoggers, mar fans sille der perfoarst fan genietsje om djipper yn dizze mânske cast fan personaazjes te dûken." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fan Star Wars: The Bad Batch in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 9 resinsjes.
Star Wars: The Bad Batch wûn yn 2022 de Saturn Award foar bêste tekenfilmsearje.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Star Wars: The Bad Batch De titelmuzyk fan Star Wars: The Bad Batch op YouTube Ynformaasje oer Star Wars: The Bad Batch yn 'e Internet Movie Database
Bad Batch Kategory:Amerikaanske tekenfilmsearje Kategory:Amerikaanske science fiction-searje Kategory:Amerikaanske aventoeresearje Kategory:Amerikaanske aksjesearje Kategory:Amerikaanske fantasysearje Kategory:Science fiction-aventoeresearje Kategory:Science fiction-aksjesearje Kategory:Science fiction-fantasysearje Kategory:Science fiction-tekenfilmsearje Kategory:Aventoeretekenfilmsearje Kategory:Aksjetekenfilmsearje Kategory:Fantasytekenfilmsearje Kategory:Militêre science fiction Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Fiktyftalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 2021 Kategory:Telefyzjesearje fan Lucasfilm Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens Kategory:Telefyzjesearje oer robots Kategory:Telefyzjesearje oer tsjoenderij Kategory:Telefyzjesearje oer in hierling