De rivier de Welland (Ingelsk: River Welland) is in 105 km lange rivier yn it easten fan Ingelân.

Hy ûntspringt by Market Harborough yn Northamptonshire en streamt yn noardeastlike rjochting troch Stamford, Market Deeping en Spalding nei de Noardsee, dêr't er ûnder Fosdyke yn The Wash útmûnet. It is ien fan de gruttere wetters yn it part fan de The Fens yn Lincolnshire dat bekend is as South-Holland. Under Spalding is it in tijrivier.

Kategory:Rivier yn Ingelân