Sybe Izaak Rispens (Dokkum, 17 april, 1969) is in Nederlânske publisist, wittenskipper en ûndernimmer fan Frysk komôf.

Underwiis en wurk Rispens waard op 17 april 1969 yn Dokkum berne. Hy helle syn bachelor elektrotechnyk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, wêrnei't er syn masteroplieding oan de TU-Twinte helle. Hy helle yn 1996 syn Master yn de Wittenskipsfilosofy oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 2005 promovearre Rispens op it proefskrift Machine Reason: A History of Clocks, Computers and Consciousness.

Rispens skriuwt in soad en leveret bydragen oan ûnder mear de Nederlânske tydskriften Natuurwetenschap en Techniek, Intermediair en NRC Handelsblad, en de Dútske krante Die Zeit en de Switserske krante Neue Zürcher Zeitung. Hy hat ferskate boeken publisearre, wêrûnder Einstein in Nederlâad: Een intellectuele biografie yn 2006 en The Communication Revolution: New Perspectives on Photonics yn 2010.

Yn 2007 rjochte Rispens it IT- en softwarebedriuw knowledgeatwork op, dat spesjalisearre is yn feilige, GxP-sertifisearre software en de ûntwikkeling fan yndustriële tapassings fan AI-algoritmen. Yn 2011 wie Rispens mei-oprjochter fan it Institut für Wissenschafts- und Technologiekommunikation GmbH (IWTK) yn Berlyn, in partikulier bedriuw dat him rjochtet op ynnovaasjeprosessen yn ûndersyks- en technologyrjochte organisaasjes.

Publikaasjes Einstein in Nederland. Een intellectuele biografie, Ambo: Amsterdam 2006, 242 siden. The Communication Revolution: New Perspectives on Photonics, Technyske Universiteit Eindhoven: Eindhoven, 2010 Machine Reason. Clocks, Computers and Consciousness, Grins, 2005, 252 s.

Keppelingen om utens knowledgeatwork Rispens syn hiemside Institut für Wissenschafts- und Technologiekommunikation GmbH

Kategory:Nederlânsk ynformatikus Kategory:Nederlânsk wittenskipper Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1969